Veracruz de Ignacio de la Llave
(Trochferwiisd fan Veracruz (steat))
Veracruz | |
---|---|
Kaart fan Meksiko | |
Haadstêd | Xalapa |
Oerflak | 71.699 km² |
Ynwennertal | 6.908.975 (2000) |
Befolkingstichtens | 96 Ew./km² |
Webside | www.veracruz.gob.mx |
Veracruz de Ignacio de la Llave is in dielsteat fan Meksiko oan de Golf fan Meksiko. Heechste punt fan de dielsteat en fan hiel Meksiko is de Pico de Orizaba mei 5.610 meter. De wichtichste grûnstof is ierdoalje yn de Golf fan Meksiko. De grutste is stêd wat ynwennertal oangiet is Veracruz; Veracruz is ek it grutste havenplak fan de dielsteat. Lykwols is Xalapa haadstêd wurden, ûnder oare fanwege it bettere klimaat. De dielsteat is in smelle stripe lân oan de Golf fan Meksiko mei in langte fan mear as 1.000 kilometer.