Huningbij

(Trochferwiisd fan Bij)

De Huningbij (Apis mellifera) is in ynsekt dy't sawat oer de hiele wrâld foarkomt. Huningbijen wurde troch minsken ynset foar de produksje fan huning, bijewaaks en medisinen, en foar de bestowing fan fruit. De bijefolken wurde ûnderhâlden troch ymkers.

Huningbij
Taksonomy
Klasse: ynsekten (Insecta)
Skift: flueswjukten (Hymenoptera)
famylje: bijen en holders (Apidae)
Wittenskiplike namme
Apis mellifera
Linnaeus, 1758
Wengebiet

Fanâlds komme de bijen út Afrika en hawwe letter harren wengebiet fergrutte. Yn Jeropa besteane der twa genetysk ferskillende populaasjes. Ut it DNA blykt dat se mear besibbe binne oan de Afrikaanske ûndersoarten as oan elkoar. It genoam fan de Huningbij wurdt op it stuit troch wittenskippers útinoar raffele.

Huningbijen libje op in komplekse wize byelkoar. Hja hawwe in ynterne klok dêr't se better troch navigearje kinne en wêrmei't se taken goed ferdiele kinne. Dêrneist is de biologyske klok fan grut belang by de bijedûns, dêr't de wurksters ynformaasje mei oan elkoar trochjaan kinne as it bygelyks oer it finen fan iten giet.

Yn de natoer libje bijen op beskutte plakken lykas in holle beam of oare holten. In folk libbet allinnich op plakken dy't wetterticht binne. Ek moat de yngong in sekere ôfmjitting hawwe. Bijen dy’t troch minsken hâlden wurde libben eartiids faak yn bijekuorren. Hjoeddeis hawwe ymkers de bijen faak yn in bijekast. In bijekoer is no allinnich noch mar omdat ymkers dat moai fine.

In bijefolk is in sterke sosjale ienheid. It yndividu yn dy mienskip telt net, útsein dy fan de keninginne. It folk docht der yn tiden fan need alles oan om de keninginne oerlibje te litten. Der binne yn it folk trije typen bijen, der is ien keninginne en der binne wurksters en darren. De keninginne is in froulike bij en soarget foar de neiteam. De wurksters binne ûnfruchtbere froulike bijen dy’t alle wurk dogge. De darren binne manlike bijen, sy dogge neat oars yn it folk as ite en de keninginne befruchtsje. Yn augustus binne se net mear nedich en wurde se troch de wurksters ôfmakke, dit wurdt de darrenslacht neamd. Grutte folken hâlde wol in pear darren oan omdat dy de winter makliker troch komme. Lytse folken sjogge de darren as in lêst. Wurksters kinne net foar neigeslacht soargje, mar mocht de keninginne dea wêze en der is gjin mooglikheid mear om in nije keninginne te meitsjen foar in folk dan feroarje in oantal wurksters. Sy gean aaikes lizzen. Ut dizze aaikes komme allinnich mar darren. It folk is dan wol ferlern mar de genen wurde dan dochs noch trochjûn. Al is de kâns lyts dat in dar mei in keninginne pearje sil.

It libben fan in wurkster

bewurkje seksje

De keninginne leit aaikes yn de sellen fan de raat. Nei trije dagen krûpt in larfke út it aaike. Dit larfke wurdt fuorre troch de bijen. De earste dei krijt it keninginnesjelei, in spesjaal guodsje wat de bijen sels meitsje. Se meitsje dit troch stomoal te ferwurkjen yn de mage. Dizze sjelei krijt de wurkster mar ien dei. Soe it larfke it mear dagen krije dan groeit it ta in keninginne út. Nei seis dagen wurdt de sel ôfsluten. Yn de ôfsluten sel feroaret it larfke yn in bij. Nei 21 dagen knaget de jonge by it waaksdekseltsje iepen. De bij dy’t út de sel krûpt is griis fan kleur. De ymker neamd dizze dan ek wol gryskes. De bij nimt earst wat huning en giet dêrnei daliks oan it wurk. De bij is de earste pear dagen skjinmakker. Nei seis dagen kin de bij jonge bijen fersoargje. Ek is de bij dan by steat om waaks te meitsjen. Fan dit waaks bouwe se de raten út. Nei fyftjin dagen komt de bij ek bûten. Noch net om nektar te sykjen mar om fijannen fan de kast fuort te jeien. Mocht it nedich wêze om it folk te rêden dan offert de bij syn eigen libben op foar de rest fan it folk. Is de bij 21 dagen âld dan fleant de bij foar it earst út om nektar en stomoal te sammeljen. Fan de iere moarn oant jûns let is er dêrmei dwaande. Troch it hurde wurkjen ferslyt de bij hurd. Nei likernôch trije wiken binne de spieren fan de wjukken sa fersliten dat de bij net weromkomt yn de kast. It libben fan de bij hat dan seis wiken bestien út wurkjen foar it folk.

 
In bijedûns

In bij fleant allinnich oerdei. In bij brûkt de sinne om te navigearen. In bij kin troch de wolken hinne sjen wêr't de sinne stiet. Fynt in bij blommen dan seint er dit troch nei de oare bijen yn de kast. De bij giet dûnsjen en oan de hân fan de dûns witte de oare bijen wêr’t se hinne moatte.

In wurkster libbet yn de winter langer. Yn de winter fleane de bijen net omdat se allinnich bûten komme as de temperatuer heger is as 10 graden. Ek hoege winterbijen minder larfkes te fersoargjen. De keninginne leit tusken novimber en jannewaris hast gjin aaikes. De winterbijen libje likernôch 5 moannen.

De breidsflecht

bewurkje seksje

In nije keninginne moat noch befruchte wurde om aaikes te lizzen. It befruchtsjen bart tusken de trije en fyftjin dagen nei útkommen. It hinget fan it waar ôf. De keninginne fleant heech yn de loft. Troch de feromonen dy’t se ôfskiedet witte darren wêr’t se is. Sy besykje om har te befruchtsjen. Se fleant sa hurd mooglik, dat allinnich de bêste darren krije de kâns har te befruchtsjen. Se pearet leafst mei darren út in oar folk. As se werom komt fan de breidsflecht dan begjint se fuort mei it lizzen fan aaikes. Yn it heechseizoen leit se mear as 2000 aaikes op in dei. Mocht de keninginne net werom komme fan de breidsflecht omdat se bygelyks opfretten is troch in fûgel dan is it folk ferlern. It folk kin sels net mear in nije keninginne meitsje. Mocht de ymker de kast op sa’n momint iepen dwaan dan heart de ymker faak in gûlend lûd. Krekt of binne de bijen fertrietlik. It folk besiket noch safolle mooglik genen troch te jaan troch mantsje-bijen opgroeie te litten.

In ûngelok mei de keninginne

bewurkje seksje

Yn in folk kin fan alles barre. De ymker dy’t bygelyks de keningin dea makket. It kin per ûngelok barre. It folk is dan net ferlern. It folk hat de mooglikheid om fan in gewoan aaike in nije keninginne te meitsjen. De omjouwing fan it aaike wurdt weihelle sadat it aaike genôch romte hat om út te waaksen ta in keninginne. Fan in aaike fan trije dagen âld kin noch in nije keninginne makke wurde.

 
Anatomy fan in bij

Ornaris is de kleur fan de huningbij brún. By sommige rassen kin it achterliif ek wol gielich, of wat oranje-readich en sels ek wol lederbrún wêze. In grut fersin mar wol in algemiene opfetting is dat de bij syn achterliif in giel-swarte kleur hat. Dat is, oars as by de ealjebij, net wier. It hier fan de bij is frij ljocht of gielich te neamen, en sa liket it dat de bij twa ferskillende hûdskleuren hat.

De grutte fan in bijelichem is tusken de 15 en 18 milimeter by de keninginne, 13 en 16 milimeter by de darren, en tusken de 11 en 13 milimeter by de wurksters. Dizze sifers jilde foar suver alle huningbijen dy't troch ymkers oer de hiele wrâld hâlden wurde, in stikmannich bijerassen yn de waarmere regio's yn Afrika binne lykwols lytser. De keninginne is goed werom te kennen oan har grutte, bygelyks har achterliif is dúdlik langer as dat fan de darren en de wurksters. De darren ûnderskiede har fan de wurksters om't se gruttere faseteagen (gearstald út ljochtdetektors) hawwe.

De wjukken binne fan trochsichtige fleuzen dy't as wjuksellen suver parallel neist elkoar lizze. De bijen hawwe relatyf krêftige spieren om de wjukken mei bewege te kinnen. De spieren kinne ek brûkt wurde sûnder de wjukken te bewegen, sa kin de bij himsels opwaarmje. Oarsom kin er de wjukken bewege sûnder te fleanen. Dat docht de bij bygelyks as er yn syn nêst is en de wjukken brûke wol as fentilator om it kâlder te meitsjen. Neist it waarmer en kâlder meitsjen kin de bij syn wjukken brûke om lûd te meitsjen.

De keninginne en de wurksters hawwe as froulike bijen in angel dêr't se mei stekke kinne. Om't de keninginne ek noch aaien lizze moat is har angel oars as dy fan de wurksters. De wurksters hawwe in angel mei heakjes deroan en de keninginne net. Sa kin in keninginne ferskate kearen stekke sûnder dat sy dêrby har angel ferliest.

Bijen kinne de reade kleur binnen fan it sichtbere spektrum net sjen, mar kinne wol in diel fan de ultraviolette kleuren sjen. Troch it sjen kinnen fan it ultraviolette ljocht kin in bij better blommen ûnderskiede, wat fan belang is foar it finen fan huning. As in bij net beweecht sjocht er mei syn faseteagen net folle. Dat is te ferlykjen mei in digitale kamera dy't net folle piksels hat. It sicht fan de bij wurdt better as er him beweecht/fleant. Troch de beweging kriget er ferskate ympulsen binnen sadat der in film ûntstiet.

De huningbij hat seis poaten. De bij hat trije stel en elk stel hat in eigen funksje. De foarpoaten brûkt er om mei te fielen. It middelste stel poaten en benammen it achterste stel brûkt er foar stomoal.

 
In bijeswaarm

In bijefolk is in mienskip dy’t der folslein op rjochte is om it trochjaan fan de genen sa folle mooglik slagje te litten. Der moatte mear folken komme om soks te dwaan. Yn it foarjier waakst it bijefolk stadich troch. Der binne in soad blommen dy’t bloeie dus der is nektar en stomoal genôch. De bijen begjinne yn maart en april mei it meitsjen fan gruttere sellen ûnderoan de raat. Yn dizze sellen leit de keninginne ûnbefruchte aaikes. Ut dizze aaikes komme de darren. Dit is it earste sinjaal dat der in swaarm kommendeweis is. As der hieltiten minder romte yn de kast is dan gean de wurksters ûnderoan de rânen fan de raten grutte sellen meitsjen. Dit binne keninginnesellen. De keninginne leit der in befruchte aaike yn. As nei trije dagen it larfke útkomt dan krijt dit larfke bysûnder iten, de saneamde keninginnesjelei. De keninginnesjelei is tige ryk oan aaiwyt. De wurksters meitsje dy sjelei mei de help en nektar, stomoal en in bysûndere klier op de kop. Dizze larven waakse tige fluch en ferpopkje al nei seis dagen. Op de trettjinde dei wurdt de nije keninginne berne mei oare kenninginne-susters. De âlde keninginne is al twa wiken op in dieet. Hja moat ôffalle oars kin se net fier fleane. De nije keninginnen warskôgje de âlde keninginne dat se der oan komme. De âlde keninginne giet dan fuort yn in grutte swaarm. Faak komt dizze swaarm net al te fier en giet yn in beam sitten. In earste bijeswaarm telt meastal likernôch 10.000 oant 20.000 bijen. De bijen hawwe huning meinaam út it folk wei. Se hawwe foar likernôch trije dagen oan iten. Foar dy tiid moat der dus in nije wente fûn wêze. Yn de kast komme de oare deis de ferskillende keninginnen út. It hinget fan de grutte fan it folk ôf hoefolle swaarmen der út komme. De nije keninginnen beslute faak ek om fuort te fleanen. Dizze swaarmen wurde neiswaarmen neamd en kinne út likernôch 5000 oant 10.000 bijen bestean. Meastentiids fleant 60 persint fan de bijen fuort mei alle swaarmen. Beslút it folk om net mear te swaarmjen dan stekke se de oare keninginne dea sadat der noch ien oer bliuwt.

In nije wente

bewurkje seksje

In swaarm bijen giet faak yn in beam sitten. In tal bijen sil op ferkenning gean om in nij hús te finen. As in bij in goed plak fûn hat giet er werom nei de swaarm en besiket er om mear bijen nei syn plak te krijen. Der sille in oantal bijen reageare. Fine dizze bijen ek dat it in goed plak is dan besykje dizze bijen ek wer oare bijen mei te krijen. Fine guon bijen it gjin goed plak dan besykje se ek net om mear bijen oer te heljen om te kommen. Binne genôch bijen it iens oer it nije plak dan giet de swaarm tagelyk omheech om nei de wente ta te fleanen. In bijeswaarm yn de loft kin tige yndrukwekkend wêze. De bijen sille net stekke omdat se noch gjin hús hawwe om te ferdigenjen. Fuortendaliks gean de bijen oan it wurk yn de nije wente. Alles wurdt skjinmakke en der wurdt fuortendaliks begûn om raten te bouwen.

It hâlden fan bijen

bewurkje seksje
 
In wurkster yn in bijekast

Huningbijen wurde oer de hiele wrâld hâlden. Der binne in soad ferskillende ûndersoarten Huningbijen. Oer it algemien kin sein wurde dat bijen súdliker yn Jeropa ljochter fan kleur binne. De bijerassen yn Jeropa wurde al iuwen lang hâlden. Se binne dus faak kruse om perfeksje te krijen. It perfekte folk wurdt sjoen as in folk dat net gau stekt, wat in soad huning jout en wat net sa gau swaarmet. Bijewaaks is no minder nedich, mar eartiids waard it brûkt op grutte skaal om kearsen te meitsjen. Foaral yn kleasters waarden bijen hâlden. Om perfeksje te krijen waarden bijekeninginnen ynfierd út it bûtenlân. Dat hat der foar soarge dat bijesykten maklik troch de wrâld gean koenen. In foarbyld is de Faraomyt, dy'y foar it grutste part yn it westen kaam is troch de ymport fan keninginnen.

Hjoed de dei binne der yn Nederlân noch plakken dêr't yn in straal fan 10 kilometer gjin oare bijefolken foarkomme. Dus de ymker is der wis fan dat de kenninginne befruchte wurdt troch bijen fan de bijekasten dy’t yn dy straal stean. Op De Lemmer en op Tessel wurde bijen kweekt fan in oar ras as de Nederlânske bij. De Nederlânske bij is yn de rin fan de jierren ferbastere mei oare soarten bijen. De Nederlânske bij is donker fan kleur. In bijefolk dêr't allinnich mar donkere bijen yn foarkomme is seldsum wurden. Der is in groeiende groep ymkers dy’t de Nederlânske bij werom hawwe wol. De Nederlânske bij wie net sa gau siik en yn de winter gienen dizze bijefolken net sa gau dea. It liket derop dat de bijen troch al it krusen swakker wurden binne tsjin firussen.

Dat bijen huning meitsje is wichtich mar net it wichtichste wat se dogge. De bijen bestowe de blommen fan alle planten dy’t se besykje. Dêrom wolle fruittelers graach bijekasten by harren beammen stean hawwe. De bij is plantfêst. In bij fleant hieltyd op ien plant oan salang't de blom fan dy iene plant noch nektar jout. Pas as de nektar fan dy iene plant hielendal op is fleant de bij nei in oare plant. Sa kin it wêze dat der altyd bestowing is. It stomoal, dat ek sammele wurdt, nimt de bij mei nei de kast.

Bijen meitsje huning fan de nektar dy’t sy sammelje op de blommen. Planten produsearje sûkerhâldende plantesappen wêrûnder nektar. De bij sammelt de nektar yn har huningblaas, deryn wurde bepaalde stoffen tafoege en begjint it omsettingsproses. As de bij yn de kast komt, wurdt de nektar oerjûn oan oare bijen. Dizze bijen dogge it yn de raten. Dêrnei wurdt it wer opsûge en wurdt it focht der út helle. Eins is huning de spui fan de bijen. As it sûkergehalte fan de huning heech genôch is sil de huning net mear bedjerre en wurde de sellen troch de wurkster ôfsluten mei in waaksdekseltsje. Sa is de huning ûnbeperkt hâldber en beskikber as de bijen it nedich hawwe. De bijen sammelje de huning foar yn de winter. Mocht de ymker de huning der út helje dan jout de ymker oan de bijen sa’n 20 pûn oan sûkerwetter werom oan it folk.

Sykten en parasiten

bewurkje seksje

Der binne ferskillende bijesykten dêr't in folk oan kapot gean kin. In sykte kin stadich taslaan en it folk stadichoan ûnderút helje mar it kin ek tige hurd gean. De folgjende sykten binne bekend:

In soad fan dizze sykten binne fataal foar in folk. Troch it krusen fan de bijen en it ferkeapjen fan bijefolken binne in soad sykten sneller ferspraat as dat de bijen derop regeare. Der kin sein wurde dat it hjoeddeisk min giet mei de bijen. In soad ymkers hawwe yn de wintermoannen folken dea. Frjemd is wol dat der noch stees wylde folken binne. Dizze folken geane net ûnderút. Der binne guon wittenskippers op syk nei medisinen. En it is hoopfol foar de bijen dat der foar guon sykten medisinen binne.

Nijsgjirrichheden

bewurkje seksje
  • Albert Einstein hat ris sein dat as de bij utstjerre soe, de minsken dan ek binnen fiif jier útstoarn wêze soenen. Hy sei dat om't de bijen in hiel soad planten bestowe. Der is gjin oar ynsekt dy’t safolle en sa goed planten bestowe kin.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Huningbij – foto, fideo en harktriemmen
  Wikiwurdboek: Huningbij – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika