Gilles Quispel (Rotterdam, 30 maaie 1916 - El Gouna, Egypte, 2 maart 2006) wie in Nederlânsk teolooch dy't ynternasjonale bekendheid krige hat as ûndersiker fan de klassike en kristlike gnosis.

De húshâlding Quispel ferfear nei it plakje Kinderdijk dêr't de heit in smidderij hie. It die bliken dat Gilles te ûnhandich wie om dêryn oan 't wurk te gean, dêrom waard hy nei it gymnasium stjoerd. Hy studearre Klassike talen en teology yn Leien en Grins en promovearre yn Utert yn 1943 op in proefskrift oer Tertullianus syn geskrift tsjin de gnostikus Marsion dy't om 144 n.Kr. libbe. Fan 1946 oant 1951 wie er learaar Latyn oan it Leiensk Gymnasium. Dêrnei stapte er oer nei de universiteit dêr't er yn 1951 yn 'e âldens fan 35 jier te Utert beneamd waard ta heechlearaar tsjerkeskiednis. Hy wie tagelyk heechlearaar oan de universiteiten fan Leuven en Harvard yn de Feriene Steaten. Yn 1976 gie er mei emeritaat.

Hy ferstoar hommels doe't er sawat 90 jier âld wie oan de gefolgen fan in longûntstekking doe't er yn Egypte tahold.

Sintraal yn it wurk fan Quispel stiet de gnostyk, in samling fan yn de 2e iuw út de konfrontaasje tusken kristendom en gnostisisme ûntstiene religieuze bewegingen. Neffens Guispel waarden dy útinoarrinnende bewegingen fan de gnostyk skaaimerke troch it begjinsel fan de frije minske en soenen se pleite hawwe foar in net-autoritêre en ûndogmatysk belibjen fan it jonge kristendom. Al op it Gymnasium hat er kunde krige oan de gnostyske lear troch syn skoallelearaar P. Hendrikx dy't op de Aleksandrynske gnostikus Basilides promovearre wie.

Op 10 maaie 1952 kocht Gilles foar in bytsje jild de gnostyske Jung Kodeks dy't hjoed-de-dei in protte wurdich is. De kodeks omfiemet ûnder oaren it saneamde Evangeelje fan de Wierheid. Letter soe ek út fierdere ûntdekking fan dy Nag Hammady-geskriften it Evangeelje fan Tomas bekend wurde. Yn dat Tomasevangeelje stean alderlei útspraken fan Jezus Kristus, dêr't Quispel fan betinken fan wie dat dy ek werklik fan Jezus ôfkomstich west hawwe soenen. Hy publisearre dat Tomasevangeelje nei 1956. Yn 2005 die er in nije, diskear folsleine publikaasje it ljocht sjen mei ferskate taljochtingen fan syn kant.

Nei syn emeritaat joech er mei Roelof van den Broek de Corpus Hermeticum út en selsstannich de hermetyske Asclepius.

Hy skreau ûnderskate boeken oer gnostisisme, wêrûnder:

  • Valentinus de gnosticus en zijn Evangelie der waarheid, 145 siden, útjouwerij In de Pelikaan - Amsterdam, 2003, ISBN 90-71608-13-1
  • De hermetische Gnosis in de loop der eeuwen, 672 siden, útjouwerij In de Pelikaan - Amsterdam, 2003, ISBN 90-6732-284-9
  • It Evangeelje fan Tomas, út it Koptysk oersetten en taljochte, 380 siden, útjouwerij In de Pelikaan - Amsterdam, 2005, ISBN 90-71608-15-8
  • Gnosis. De derde component van de Europese cultuurtraditie (redaksje), 276 siden, útjouwerij St. de Rozekruis-Pers - Haarlim, 2005, ISBN 90-202-4206-7
  • De Keulse Mani Codex, tegearre mei J. van Oort, 248 siden, útjouwerij St. de Rozekruis-Pers- Haarlim, 2005, ISBN 90-71608-16-6

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Ferstjerrensberjochten: