Haadmenu iepenje
Keninginne Beatrix krijt blommen fan in ferpleechkundige, yn'e midden boargemaster De Haan (1983)

Hans Idskes (Hans) de Haan (Langsweagen, 16 maart 1925 - Meppel, 1 juny 2006) wie in Nederlânske politikus foar de VVD.

Nei syn jeugd op it Fryske plattelân dûkte De Haan yn de oarlochsjierren ûnder as feint op in pleats bûtenút om te ûntkommen oan de Arbeitseinsatz. Fuort nei de befrijing (1945) joech er him op foar de Keninklike Maresjesee. In beropskeuze dy't hy letter fuortsette by de ryksplysje. Nei it wachtmastereksamen, woe hy graach offisier wurde, mar koe fanwege syn âldens (32) net mear talitten wurde. Hy begûn nei in talittingseksamen dat jier oan in stúdzje sosjology oan de Universiteit fan Grins.

WurkBewurkje

De Haan gie nei syn stúdzje oan't wurk by de Folkshegeskoalle yn Bakkefean en letter yn Ljouwert as fertsjintwurdiger fan it ministearje fan CRM. Healwei de jierren sechtich waard hy amtner [kolleeezje-adviseur) by de gemeente Swol dêr't hy belutsen wie by de oprjochting fan it kultureel sintrum 'Refter' en de yndustrypromoasje.

Nei syn wurk yn Swol waard hy beneamd ta boargemaster fan Borculo dêr't hy fan 1968 oant 1971 bleau. Dêrnei wie hy oant 1980 boargemaster fan Harns en tagelyk Provinsjaal Steatelid foar de VVD yn Fryslân. Fan 1980 oant 1984 wie hy boargemaster fan Den Helder. Nei syn pinsjonearring bleau De Haan aktyf as foarsitter fan de Fryske Sikehuzen en de Fryske VVV. Ek wie hy presidint-kommissaris fan de Fryske Utfeartferiening (FUV). De Haan stie bekend as humoristysk persoan dy't him út en troch goed hearre liet. Yn syn frije tiid mocht er graach sile en yn de jachthaven wêze.

Keppeling om utensBewurkje