Servje en Montenegro
| |||||
Offisjele taal | Servysk | ||||
Haadstêd | Belgrado | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
102.350 km² 0,25% | ||||
Ynwenners (2000) | 10.662.087 | ||||
Munt | Dinar (CSD) | ||||
Tiidsône | UTC +1 | ||||
Nasjonale feestdei | 29 novimber | ||||
Lânkoade | CSG | ||||
Ynternet | .cs | ||||
Tillefoan | 381 |
Servje en Montenegro wie in steatebûn op de Balkan. De haadstêd wie Belgrado en de presidint fan de republyk wie sûnt 2004 Boris Tadić
Grinzen
bewurkje seksjeServje en Montenegro waard begrinzge troch:
- Hongarije yn it noarden;
- Roemeenje yn it easten;
- Bulgarije yn it súdeasten;
- Masedoanje en Albaanje yn it suden;
- de Adriatyske See yn it súdwesten;
- Bosnje en Kroaasje yn it westen.
Ein
bewurkje seksjeServje en Montenegro wie in bûn fan de lêste twa parten fan it eardere Joegoslaavje: it grutte Servje en it lytse Montenegro. It ferbân tusken dizze twa waard stadichoan losser en troch de measte minsken waard de opsplitsing fan it lân dan ek beskôge as in kwestje fan tiid.
Op 21 maaie 2006 waard yn Montenegro in folksstimming hâlden oer de fraach at Montenegro part fan it steatebûn bliuwe moast of selsstannich wurde moast. By in opkomst fan 86,49% wie 55,5% foar, dêr't foar in beslút mar 55% by 50% easke wie. Op 3 juny om 20.00 oere rôp it parlemint fan Montenegro doe de ûnôfhinklikens út. Formeel wie Servje doe it ienichste lid fan it steatebûn, dat op 5 juny ferklearre ek Servje him ûnôfhinklik.