Pretender (roman)

Pretender is it achtste diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Pretendint". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Pretender ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2006, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Donato Giancola. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Pretender tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.

Pretender
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2006, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Foreigner-searje
● foarich diel Destroyer
● folgjend diel Deliverer
kodearring
ISBN 978-0 75 64 04 086

Wat foarôf gie

bewurkje seksje

Pretender spilet likernôch tolve jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.

Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.

Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron, de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene. De kyo, dy't oanjoegen dat se oan harren fierste grins al yn oarloch wiene mei noch wer in oar ras fan bûtenierdske wêzens, hiene lykwols de noasje dat eat dat ienris ferbûn is, yn kontakt bliuwe moat. Sadwaande gie de Phoenix op hûs oan mei it ûntrêstigjende ûnthjit fan 'e kyo dat se yn 'e takomst in besyk bringe soene oan 'e Ierde fan 'e atevi. It is fan it heechste belang dat se dêr dan in stabyl regear oantreffe sille.

As se nei in ôfwêzigens fan twa jier by de Ierde fan 'e atevi weromkeare, wachtet Bren-en-dy dêr lykwols in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hat in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset is. It fêstelân wurdt no behearske troch in koälysje fan 'e Kadigidi út 'e Padi-delling en suderlingen út 'e Marid. Yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje, dy't fêst yn 'e hannen fan rebellen is, regearret Murini, it haad fan 'e Kadigidi-clan, as aiji. It Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi wet en iepenbiere oarder hanthavenet, is oant op it bien ferdield en kin net ta in beslút komme oer stipe oan Tabini of Murini, wylst de gildemaster fermist en mooglik dea is. Op ferskate plakken op it fêstelân is in guerrilja-oarloch geande tusken Murini syn troepen en oanhingers fan Tabini, en op it eilân Mospheira makket de minsklike koloanje him op foar in iepen oarloch tsjin Murini. Oer Tabini giet it geroft dat er fermoarde is, mar nimmen kin sizze oft dat wier is. It romtestasjon, dat ûnder lieding fan Jules Ogun, de twadde kaptein fan 'e Phoenix, en hear Geigi, in fertrouling fan 'e aiji-dûairiêre, ûnwifkjend op 'e hân fan Tabini bleaun is, is ôfsnien fan 'e ierde, mei't de romtefearen net mear fleane en de bemannings ûnderdûkt binne. De sitewaasje op it stasjon is ien fan krapte, mei't it op it stuit fan 'e steatsgreep eins noch net selsfoarsjend wie. Yn dy sitewaasje arrivearret de Phoenix mei oan board 4.100 flechtlingen fan Reunion.

Mei't de weromkear fan 'e Phoenix mei tilleskopen fan it planeetoerflak ôf waar te nimmen is, moat der no fluch hannele wurde. Mei it iennichste beskikbere romtefear (dat op it stuit fan 'e steatsgreep by it stasjon wie) reizgje Bren en syn liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini, Ilisidi mei Cenedi en har oare liifwachten en de jonge Cajeiri nei Mospheira ta, dêr't se alle meiwurking krije fan Shawn Tyers, de presidint fan it eilân. Op it jacht fan Bren syn broer Toby stekke se de seestrjitte nei it fêstelân oer, dêr't se temûk nei de Padi-delling reizgje, it hert fan 'e Westlike Assosjaasje. Fia it swier beboske Taiben, dêr't de bûtenpleats fan 'e aiji stiet, bejouwe se har nei Tirnamardi, de wente fan Tatiseigi, de aartskonservative hear fan 'e Atageini-clan.

Tatiseigi is in pylder fan it tradisjonalisme mank de atevi, de politike en maatskiplike streaming dy't him tsjin 'e minsklike ynfloed keart, en dêrmei is er yn prinsipe út itselde hout snien as de nije aiji Murini, dy't der ek dat soarte tinkbylden op nei hâldt. Mar Tatiseigi beskôget Murini as in omheechfallen parvenu, en dêrnjonken ûnderhâldt er famyljebannen mei Tabini, want hy is de âldomke fan Damiri, Tabini syn frou, en de oerâldomke fan 'e jonge Cajeiri. Boppedat is er de eks-minner fan Ilisidi, dy't noch altyd in oansjenlike ynfloed oer him hat en der alhiel net foar tebekskrillet om dêr gebrûk fan te meitsjen. Foàr de weromkear fan 'e Phoenix hie Murini it spul goed foarinoar, mar neitiid rekket syn macht yn in pear dagen tiid danich yn it neigean.

 
Skriuwster C.J. Cherryh.

Tatiseigi hat der in karriêre fan makke om him nea fêst te lizzen, nea dúdlik partij te kiezen, nea stappen te ûndernimmen dy't by need net ûngedien makke wurde kinne. Mar as Ilisidi mei Bren en Cajeiri by de âldman op 'e stoepe stiet, stelt hja him dêrmei foar de kar om harren ûnderdak te bieden, en op dy wize ymplisyt partij te kiezen, of harren ûnderdak te wegerjen, mei itselde resultaat. Ferfrjemde fan Murini troch it taktleaze hâlden en dragen fan 'e nije aiji, kiest Tatiseigi derfoar om Ilisidi en Cajeiri op te nimmen, en ek Bren, al giet dat lêste net fan herten. Dat liedt ta in strafekspedysje fan 'e Kadigidi tsjin Tatiseigi syn bûtenpleats Tirnamardi, wêrby't it harren lykwols yn twa nachten fan gefjochten net slagget om troch de ferdigening fan 'e Atageini en de liifwachten fan 'e aiji-dûairiêre hinne te brekken. Bren sels giet om help út en wit de houtfêsters fan Taiben te berikken, dy't yn harren bosken al langere tiid in guerrilja-oarloch tsjin 'e Kadigidi fierden. As de Taibeni de Atageini te help komme tsjin 'e mienskiplike fijân, betsjut dat in politike ierdferskowing mank de atevi, om't dy beide clans al iuwenlang in bittere fete mei-inoar ûnderhâlde. In fierdere klap foar Murini syn hearskippij komt as oan 'e ein fan 'e twadde nacht fan gefjochten Tabini-aiji opdûkt, libben en wol, en wisberet om syn âlde hearskippij wer op te nimmen.

De trêde moarn dat Bren en Ilisidi mei harren liifwachten te Tirnamardi ferbliuwe as gasten fan hear Tatiseigi, leit de hal fan it gebou, dat in histoarysk monumint is, yn pún. Op 'e boppeferdjipping is yn it fertrek njonken Bren sines in gat yn 'e bûtenmuorre blaasd, wylst yn syn eigen keamer de flier fol patroanhulen leit en it bloed der noch mar krektlyn opdweild is. Bûtendoar kampearje in grut tal houtfêsters út Taiben, tradisjonele fijannen fan 'e Atageini, mei harren lûdroftige mecheiti (ryddieren) op it gazon, tusken de slim skansearre hagen yn. Tsjin 'e tiid dat Bren syn liifwachten en dy fan Ilisidi en Tabini einlings en te'n lêsten Tatiseigi syn befeiligingspersoneel safier krigen hawwe dat der gjin gebrûk mear makke wurdt fan 'e folslein ferâldere en dêrtroch 'lekkende' kommunikaasje-apparatuer fan Tirnamardi, is it feit dat de aiji en de aiji-dûairiêre yn 'e bûtenpleats ferbliuwe al in publyk geheim, dat him as diggelfjoer troch de Westlike Assosjaasje ferspriedt.

It earste bewiis dêrfan, op 'e iere moarn, is de oankomst fan in grutte kloft mei jachtgewearen bewapene sljochtwei folk út 'e omkriten: boeren op trekkers en shovels, en winkellju en arbeiders yn bussen en frachtweinen, allegear leden fan 'e Atageini-clan en poerrazen oer de ferwuostging dy't de Kadigidi yn Tirnamardi oanrjochte hawwe, dy't se as in persoanlike mislediging opfetsje. Tsjin 'e middei lânet Rejiri fan Dur mei syn fleantúch yn 'e wintergreide fan hear Tatiseigi. Rejiri is in âlde bekende fan Bren-en-dy, en de erfgenamt fan 'e hear fan Dur, in eilân foar de westkust fan it kontinint. Hy bringt de tynge dat syn heit mei it spoar nei Tirnamardi ûnderweis is mei 132 leden fan harren clan en byhearrend befeiligingspersoneel. Behalven Dur binne ek de oanbuorjende clans fan 'e Tagi en de Mairi oan it mobilisearjen, en de fiskers fan 'e kustdoarpen Desigien en Andaran, dêr't Bren en Ilisidi oan lân kommen binne nei harren oerstek út Mospheira, hawwe har by de hear fan Dur jûn en binne ek op kommendeweis. Boppedat fertelt Rejiri dat it folk fan syn mem, de Edi, út hear Geigi syn provinsje, dy't earder in iepen fjildslach útfochten hiene mei de Kadigidi op 'e lâningte dy't harren skiereilân mei it fêstelân ferbynt, harren bolwurk oan it ferlitten binne om 'e lapen op ien bulte te smiten mei Dur en de Atageini.

Letter op 'e middei arrivearje de heechkroppige Ajuri, in lytsere clan út it noarden, dêr't frouwe Damiri, Tabini syn frou, nau oan besibbe is. Hja wurde oanfierd troch harren hear Benedi, in oerpake fan 'e jonge Cajeiri, dy't krekt as Tatiseigi neat fan Bren hawwe moat, mar noch minder fan 'e Kadigidi. Tsjin 'e jûn komt hear Adigan fan Dur oan, mei de ûnthjitten fersterkings fan 'e noardwestkust, en koart dêrnei meitsje ek de heuvelbewenners út it foarlân fan it Bergid-berchtme har opwachting yn Tirnamardi, hûndertenien lytse clans dy't oates en toates ûnderling deilis binne en dy't har oant no ta noch nea wat fan 'e bûtenwrâld oanlutsen hawwe, mar by wa't Tabini de ôfrûne moannen beskûl fûn hat. Mei harren komt ek de âlde Grigiji, de wrâldfrjemde mar geniale emearitus-astronoom, beselskippe fan in earewacht fan syn radikale studinten. Bren kriget te hearren dat de Kadigidi de universiteit slute litten hawwe en in ynfal yn 'e bibleteek dien hawwe, mar dat de studinten yn 't foar alle ûnferfangbere boeken en ûndersyksdata yn feilichheid brocht hiene. Krektsa wisten de Kadigidi de romtefearen op it fêstelân te besetten, mar koene se dêr neat mei om't de piloaten útpykt wiene en de flechthânliedings meinommen hiene.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It tsjuster is al fallen as der noch guon gasten te Tirnamardi arrivearje: in trijekoppige delegaasje fan it Slûpmoardnersgilde út Shejidan. As Bren syn liifwachten hearre dat it trijetal oanfierd wurdt troch in Gegini, dy't himsels de nije gildemaster neamt, achtsje se it nedich om Bren yn te wijen yn guon dingen dy't harren gilde oars tige mei sin geheim hâldt. Se lizze him út dat harren gilde yn ûnstjoer is, en dat guon eleminten binnen it Slûpmoardnersgilde der alles oan dien hawwe om Murini en syn nije bewâld te stypjen. Hoewol't it ûndúdlik is oft de âlde gildemaster noch libbet of net, binne se der folslein fan oertsjûge dat Gegini in usurpator is, dy't him it amt fan gildemaster ûnrjochtlik ta-eigene hat. Allinnich al it feit dat er him derop foarstean lit dat er gildemaster wêze soe, bewiist dat foar harren, mei't in wiere gildemaster syn identiteit altyd strang geheim hâldt foar de bûtenwrâld. Bren syn liifwachten fertelle him fierders dat se sterke twifels hawwe oer de hjoeddeiske liifwachten fan Tabini, waans oarspronklike befeiligingspersoneel fierhinne omkommen is yn de steatsgreep.

Sadwaande binne it Banichi, Bren syn senior-liifwacht, en Cenedi, it haad fan 'e befeiliging fan 'e aiji-dûairiêre, dy't no it foartou nimme. Net folle letter wurdt Tirnamardi troffen troch in swiere ûntploffing, dy't de flier fuortblaasd út 'e boppekeamer dêr't Gegini-en-dy foar de nacht húsfêste wiene, mei as gefolch de dea fan 'e selsútroppen gildemaster en syn beide trewanten. Oer harren aktive operaasjes komt Bren fan syn liifwachten neat te witten, mar dat kin er wol útriddenearje. Gegini-en-dy wiene nei Tirnamardi kommen om fan binnenút mei in sjirurgyske yngreep Tabini út 'e ljochten te helpen, mei alle arrogânsje fan 'e elite fan it Slûpmoardnersgilde en de bêste apparatuer dy't de planeet te bieden hie. Lykwols hiene se gjin rekken holden mei Banichi en Cenedi-en-dy, mei alle ûnderfining yn it fjild dy't dy beide mannen hiene, en mei de nije apparatuer dy't se meibrocht hiene fan harren twa jier duorjende romtereis. Troch de rol dy't Bren syn liifwacht Algini yn dit hiele barren spilet, begjint Bren te fermoedzjen dat dy in hege posysje binnen it Slûpmoardnersgilde beklaait.

Fuort neitiid wurde alle oanhingers fan Tabini dy't har te Tirnamardi sammele hawwe, yn bussen en frachtweinen laden en sette se útein mei in mars op Shejidan, wylst de befolking fia de radio oproppen wurdt om yn opstân te kommen tsjin Murini en syn bûnsgenoaten. Bren, dy't troch Tabini wierskynlik mei sin bûten it beslút ta dizze strategy holden is, om't hy it in fierstente dryst plan fynt, wurdt troch syn liifwachten nei de bus ta brocht fan hear Adigan fan Dur, dêr't ek Cajeiri mei syn beide jonge liifwachten bedarre is. Underweis wurde se ta Bren syn ferheardens en skrik ynhelle troch hear Tatiseigi en de aiji-dûairiêre yn in iepen auto, dy't dêrmei Murini en syn oanhingers lykje út te daagjen. Nei ien kear besketten te wêzen, berikt Bren syn bus úteinlik in spoarstasjon dêr't alle ynsittenden oerstappe op in trein dy't troch Tabini syn minsken bemastere is. Dêr treffe se ek Ilisidi wer en Tatiseigi, dy't yn 'e earm rekke is troch in kûgel en dêr poerlulk oer is.

As harren trein mei feart en faasje yn 'e rjochting fan Shejidan riidt, besykje oanhingers fan Murini harren ferskate kearen tsjin te kearen. De jonge Rejiri fan Dur fljocht yn syn fleantúch lykwols foar de trein út en rapportearret eltse obstruksje oan Tabini syn minsken. By it doarp Cadidi besykje oanhingers fan Murini en set in autobus dwers oer de rails, mar de doarpelingen komme fanwegen en klearje dy blokkade mei gefaar foar eigen libben op 'e tiid út 'e wei. Dan wurdt tusken Esien en Naiein besocht om it spoar op te blazen, mar dat wurdt foarkomd troch in loyale faksje binnen it Slûpmoardnersgilde. Underwilens berikke Bren-en-dy berjochten dat Murini besocht hat de tashrid, it hegerhûs fan it parlemint fan 'e Westlike Assosjaasje, gear te roppen, mar in grut tal fan 'e leden ûnderfynt ynienen riedseleftige swierrichheden op it mêd fan kommunikaasje of ferfier, wylst mank de leden dy't har al yn Shejidan befine in útbraak fan seare kiel plakfynt dy't sa besmetlik is dat er him fia de tillefoan ferspriedt.

Koarte tiid letter komt it berjocht dat it folk fan Shejidan de strjitte opgien is om te protestearjen foar Tabini en tsjin Murini, en dat dy lêste it Bu-javid, it regearingskompleks, ferlitten hat om him nei de lofthaven te bejaan. As de trein Shejidan hast berikt hat, wurdt Bren troch Banichi en Jago meinommen nei de steamlokomotyf, dêr't ta syn ferheardens Tabini tahâldt fan wa't Bren earder net witten hie dat dy oan board fan 'e trein wie. De trein berikt fia de ûndergrûnske tunnels it stasjon ûnder it Bu-javid, dêr't troch guon oanhingers fan Murini noch lichte wjerstân bean wurdt. Tsjin 'e tiid dat de bussen en frachtweinen mei Tabini syn oanhingers it regearingskompeks berikke, is dat lykwols al fêst yn 'e hannen fan syn befeiligingspersoneel. De aiji lit de doarren fan 'e audiïnsjeseal iepensmite en foar in mannichte fan syn oanhingers ferklearret er dat er syn bewâld ferfetsje sil as hie Murini nea oan 'e macht west, en dat alle besluten fan Murini syn acht moannen duorjende regear neatich binne.

De oare deis, as de stofwolken in bytsje oplutsen binne, fynt der in mienskiplike gearkomste fan 'e hasdrawad en de tashrid plak, de beide keamers fan it parlemint. Bren moat dêr ferantwurding ôflizze foar de twa jier duorjende reis mei de Phoenix nei Reunion en de ôfspraken dy't er út 'e namme fan 'e aiji en it parlemint mei de kyo makke hat. Mar it spul wurdt yn 'e bulten jage as der ûnder de gearkomste in moardoanslach plakfynt, dêr't de liifwachten fan Tabini mandélich oan binne. Bren, dy't op dat stuit mient dat de skutter it op Tabini foarsjoen hat, dûkt boppe-op 'e aiji en sleept him nei de grûn ta. Letter docht bliken dat de oanslachdoggers Bren sels út 'e wei romje woene, wat syn ûnberette aksje nei syn eigen tinken ta in farse makket. Syn die wie basearre op syn djippe, minsklike oertsjûging dat sûnder Tabini de hiele wrâld nei fan gychem gean sil, mar yn 'e eagen fan 'e oanwêzige atevi is it in utering fan man'chi, dy biologyske oandriuw dy't sy fiele om harren lieder te beskermjen, en dat misferstân docht mear om Bren en syn ideeën foar de atevi akseptabel te meitsjen as er mei wurden ea oprêde kinnen hat. En sa wurdt Bren foar de atevi tsjin wil en tank in held.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Foreigner-searje
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence