Intruder (roman fan C.J. Cherryh)
Intruder is it trettjinde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Ynkringer". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Intruder ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2012, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Todd Lockwood. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Intruder tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.
Intruder | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2012, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Foreigner-searje | |
● foarich diel | Betrayer | |
● folgjend diel | Protector | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 07 155 |
Ynhâld
bewurkje seksjeWat foarôf gie
bewurkje seksjeIntruder spilet likernôch trettjin jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.
Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.
Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron, de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene.
Doe't de Phoenix nei in reis dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hie in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset wie. It fêstelân waard no behearske troch in koälysje fan 'e Kadigidi út 'e Padi-delling en suderlingen út 'e Marid, en yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje regearre de usurpator Murini, it haad fan 'e Kadigidi-clan. It Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi wet en iepenbiere oarder hanthavene, wie oant op it bien ferdield; op ferskate plakken op it fêstelân wie in guerrilja-oarloch geande tusken Murini syn troepen en oanhingers fan Tabini; en op it eilân Mospheira makke de minsklike koloanje him op foar in iepen oarloch tsjin Murini. It wie ûnbekend oft Tabini noch libben wie.
De weromkear fan 'e Phoenix mei oan board de paidhi, de aiji-dûairiêre en de erfgenamt fan 'e aiji, late ta in kontrarevolúsje (sjoch: Pretender) wêrby't Murini en trewanten binnen inkele dagen ûnder fuotten helle waarden en Tabini, dy't ûnderdûkt bliek te wêzen, wer oan 'e macht brocht waard. Hoewol't it noarden, de midden, it westen en, nei in lytse rebûlje (sjoch: Deliverer) ek it easten no wer stevich yn 'e hannen fan it regear fan Tabini binne, is it suden, de Marid, noch altyd in probleemgebiet. Doe't Bren him in skoft op syn bûtenpleats Najida, oan 'e westkust, weromloek, krige er besite fan Cajeiri en Ilisidi (sjoch: Conspirator). In mislearre oanslach op Bren syn libben late ta de ûntdekking dat de Marid djipgeand ynfiltrearre wie troch leden fan it Slûpmoardnersgilde dy't Murini stipe hiene, de saneamde Gilderenegaten. Dyselden hiene yn 'e noardlike Marid in eigen gilde-autoriteit fêstige, it saneamde Skaadgilde, dat rivalisearre mei it wiere Slûpmoardnersgilde út Shejidan.
Om it Skaadgilde en de hearen fan 'e Senjin Marid en de Dojisigin Marid (de beide noardlikste distrikten fan 'e Marid), dy't ûnder ynfloed fan dy organisaasje stiene, bûtenspul te setten, joech Ilisidi Bren de opdracht om nei Tanaja te gean, de haadstêd fan 'e Taisigin Marid (sjoch: Deceiver). Dêr moast er mei Machigi, de hear fan 'e Taisigi-clan, ûnderhannelings iepenje oer in ferdrach fan dyselde mei Ilisidi. Ilisidi stelde foar dat de Marid, ûnder bewâld fan Machigi, in autonoom diel fan 'e Westlike Assosjaasje wurde soe, krekt sa't it Easten dat ek wie ûnder har eigen bestjoer. Nauwe hannelsbetrekkings tusken de Marid en it Easten moasten fierders de fiksaasje fan 'e Marid op 'e súdwestkust weinimme. Los dêrfan stie Ilisidi ek de opname yn 'e Westlike Assosjaasje foar, mèì byhearrende parlemintêre fertsjintwurdiging, fan 'e Edi en de Gan, de oarspronklike atevi-befolking fan it eilân Mospheira, dy't sûnt dat twahûndert jier lyn oan 'e minsken ôfstien wie, as ballingen op 'e kust fan it fêstelân libben. Oan Bren de taak om dy folsleine renovaasje fan 'e Westlike Assosjaasje en de machtsferhâldings yn 'e wrâld te ferkeapjen oan Machigi (sjoch: Betrayer).
Intruder
bewurkje seksjeIntruder iepenet mei Bren syn lêste besyk oan Machigi foar't it ferdrach tusken dyselde en Ilisidi tekene wurdt. Dat sil barre yn Shejidan, ûnder swiere befeiliging en grutte belangstelling fan 'e media. Werom yn Shejidan kin Bren einlings en te'n lêsten wer ynlûke yn syn eigen residinsje yn it Bu-javid, it grutte regearingskompleks, dat oant koartlyn beset holden waard troch de Farai, in clan út 'e noardlike Marid dy't sabeare op 'e hân fan Tabini wie. Resinte ûntwikkelings hawwe lykwols dúdlik makke dat dat mar skyn wie, en sadwaande is oan 'e Farai sûnder pardon de doar wiisd. Tagelyk lûkt Tabini mei syn gesin ek wer yn syn eigen, oanbuorjende appartemint, dat hielendal renovearre is om't it by de steatsgreep swiere skea oprûn hie. De jonge Cajeiri, Tabini syn achtjierrige soan, mei syn eigen fertrekken ynrjochtsje mei meubels út 'e opslachromten ûnderyn it Bu-javid, en kiest ûnder mear in brûnzene koai, dêr't foarhinne parid'ji yn holden waarden: aapke-eftige húsdieren. Mar ja, oan sa'n koai allinnich hat er fansels neat; der hear ek in libbene parid'ja by...
Underwilens kriget Bren ûnder in fertroulik petear mei Tabini te hearren dat de swierrichheden binnen it Slûpmoardnersgilde noch slimmer binne as dat earder tocht waard. It Skaadgilde is in dúdlik probleem, mar it liket der no op dat der ek binnen it wiere Gilde lju aktyf binne dy't besykje om ynfloed út te oefenjen op 'e polityk fan 'e Westlike Assosjaasje, troch kritike ynformaasje te ûnthâlden oan befeiligingspersoneel dat dêr ferlet fan hat en/of te dielen mei eleminten fan it Skaadgilde. Mei oare wurden: se hawwe te krijen mei saboteurs. Datoangeande binne der oanwizings dy't yn 'e rjochting wize fan 'e Ajuri-clan, de clan fan Komaji, de heit fan Tabini syn frou Damiri. Dat Komaji ûnderwilens op alle mooglike manearen besiket om mear ynfloed yn 'e húshâlding fan Tabini te krijen, hat soarge foar in tige gefoelige sitewaasje en in spande sfear tusken Tabini en Damiri, eat dat foar de jonge Cajeiri geheim holden wurdt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wylst Ilisidi yn har residinsje Malguri, yn it Easten, is om dêr dingen te regeljen, besiket Bren yn Shejidan en fyn stipe foar it ferdrach tusken har en Machigi. De foar de hân lizzende persoan om 'e opposysje dêrtsjin te lieden is Tatiseigi, de aartskonservative hear fan Atageini-clan, dy't lykwols ek in bûnsgenoat en âld-frijer fan Ilisidi is. Bren, dy't wit dat de âldman in hertstochtlik samler fan antyk en seldsum porslein is, stjoert him in unyk foarbyld fan Marid-porslein ta, sabeare as tank foar syn eardere ferbliuw syn Tatiseigi syn appartemint, mar eins bedoeld om de âldman de foardielen fan it ferdrach ûnder de noas te wriuwen. Want as dat tekene wurdt, sil ek de langjierrige boycot fan guod út 'e Marid fan 'e baan wêze. Hoewol't dizze aksje foar Bren in bytsje in slach yn it tsjuster is, om't er net wit hoe't Tatiseigi reägearje sil, blykt er einlings it swakke plak fan de âldman fûn te hawwen. Foar it earst begjint Tatiseigi, dy't Bren earder altyd allinne mar dulde (en dat goed merke liet), him as in gelikens te behanneljen. En ûnder in diner by Ilisidi, nei't dy yn it Bu-javid arrivearre is, hâldt Tatiseigi it sels fatsoenlik yn 'e omgong mei de progressive hear Geigi, in oare bûnsgenoat fan 'e aiji-dûairiêre.
Underwilens boekt ek Cajeiri in súkses, as syn heit Tabini him tastimming jout om foar syn oankommende njoggende jierdei syn minsklike 'assosjearden' (atevi hawwe gjin freonen) út te nûgjen. Dat binne Reunioner bern dêr't er op 'e Phoenix op 'e weromweis nei de Ierde fan 'e atevi gedoente mei krigen hat. Eltsenien wie dêr eins op tsjin, en der is in jier lang besocht om 'e bannen tusken Cajeiri op 'e planeet en Artur, Gene en Irene op it stasjon te ferbrekken, mar dat is net slagge. Krektoarsom, Cajeiri hat in jier lang kampjanje fierd om syn assosjearden in besyk oan 'e planeet bringe te litten, en kriget no einlings syn sin. Hy beslút dat it no net it momint is om te begjinnen oer Boji de parid'ja dy't er troch syn liifwachten it appartemint binnensmokkelje litten hat.
As it einlings en te'n lêsten ta de ûndertekening fan it omstriden ferdrach komt, en Machigi dêrfoar yn it Bu-javid arrivearret, falt dy gelegenheid gear mei in útbraak fan swierrichheden yn 'e húshâlding fan Tabini. Boji de parid'ja ûntsnapt as Metiso, in tsjinstfaam fan Cajeiri syn mem, de doar fan syn fertrekken iependocht. Hoewol't it bestean fan it bist earder al ûntdutsen wie troch Tabini, dy't besletten hie om Cajeiri de kâns te jaan en lit sjen dat er de parid'ja ûnder kontrôle hâlde kin, wit Cajeiri syn mem Damiri noch fan neat. In oerenlange temûke syktocht troch it appartemint smyt neat op, oant Boji úteinlik opdûkt yn 'e bernekeamer fan Cajeiri syn oansteande suske. Damiri, dy't op alle dagen rint, is bûten harsels, en wol Boji mooglik sels wat oandwaan, mei as gefolch dat Cajeiri him mei it bist yn syn eigen fertrekken ferskânzet en de doar op 't slot docht. Hy stjoert ien fan syn liifwachten nei de gearkomste ûnder yn it Bu-javid ta om syn heit op 'e hichte stellen fan 'e sitewaasje, en wachtet dan fierders yn noed ôf.
As it boadskip Tabini úteinlik berikt, beslút dy om 'e ûndertekening fan it ferdrach net by te wenjen, mar daliks werom te kearen nei syn appartemint. Dêr folget in lulke konfrontaasje mei Damiri. Oars as dat Cajeiri ferwachtet, giet dat net sasear oer de clandestine parid'ja, as wol oer de fraach wat Metiso yn 'e fertrekken fan Cajeiri moast, dêr't se neat te sykjen hie. It docht bliken dat Metiso mei meiwitten fan frouwe Adsi, de majordomo fan Damiri har stêf, om it hoartsje tillefoanpetearen hâldt mei in kontaktpersoan binnen de Ajuri-clan, dêr't alle stêfleden fan Damiri ta hearre. De liifwachten fan Damiri wisten dêr ek fan, mar hawwe it stilholden. As ûndersyk fan Tabini syn eigen stêf oangeande de ynhâld fan 'e tillefoanpetearen yn kwestje oan it ljocht bringt dat Metiso foar de Ajuri yn 'e húshâlding fan 'e aiji spionearre, binne de rapen gear. Tabini set alle Ajuri op steande foet oan 'e dyk en stelt Damiri foar de kar: bliuwe (en brekke mei har famylje) of fuortgean (en brekke mei himsels en har soan). Damiri beslút om te bliuwen.
Komaji, de hear fan 'e Ajuri-clan, Damiri har heit en Cajeiri syn pake, is ûnderwilens ûnderweis nei it Bu-javid, dêr't er útnûge is foar in diner mei syn dochter en har gesin. Tabini lûkt dy útnûging yn as Komaji al yn it Bu-javid is. De lulke hear besiket dan de gearkomste ta ûndertekening fan it ferdrach binnen te kommen om dêr ferhaal te heljen. Bren besiket de man ta rede te bringen, mar Komaji, dy't neat fan minsken hawwe moat, falt net mei te riddenearjen. Ynstee komt it ta in wurdewikseling tusken de hear fan 'e Ajuri en de aiji-dûairiêre, wêrby't Ilisidi de man goed it mannewaar opseit en him dan út it Bu-javid sette lit. Neitiid kin einlings en te'n lêsten de ûndertekening fan it ferdrach tusken it Suden en it Easten plakfine, wêrmei't de Westlike Assosjaasje (en dêrmei de wrâld) nei twahûndert jier fan oanhâldende ûnrêst yn 'e Marid in nije wei fan frede ynslacht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
De Foreigner-searje | |
---|---|
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence |