Deliverer is it njoggende diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Ferlosser". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Deliverer ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2007, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Donato Giancola. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Deliverer tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.

Deliverer
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2007, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Foreigner-searje
● foarich diel Pretender
● folgjend diel Conspirator
kodearring
ISBN 978-0 75 64 04 147

Wat foarôf gie

bewurkje seksje

Deliverer spilet likernôch tolve jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.

Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.

Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron, de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene.

Doe't de Phoenix nei in reis dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hie in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset wie. It fêstelân waard no behearske troch in koälysje fan 'e Kadigidi út 'e Padi-delling en suderlingen út 'e Marid, en yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje regearre de usurpator Murini, it haad fan 'e Kadigidi-clan. It Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi wet en iepenbiere oarder hanthavene, wie oant op it bien ferdield; op ferskate plakken op it fêstelân wie in guerrilja-oarloch geande tusken Murini syn troepen en oanhingers fan Tabini; en op it eilân Mospheira makke de minsklike koloanje him op foar in iepen oarloch tsjin Murini. It wie ûnbekend oft Tabini noch libben wie.

Fuort nei harren oankomst bejoegen Bren, Ilisidi en de jonge Cajeiri har nei it planeetoerflak, dêr't se mei de aartskonservative Tatiseigi, de hear fan 'e Atageini-clan en in oerâldomke fan Cajeiri, daliks in rebûlje tsjin it regear fan Murini begûnen (sjoch: Pretender). Tabini, dy't ûnderdûkt bliek te wêzen, joech him by harren, en doe kamen alle loyalisten fan it âlde regear fanwegen, en stoarte it bewâld fan Murini binnen in pear dagen folslein yn. De usurpator moast Shejidan ûntflechtsje, wie sels net mear wolkom mank syn eigen clan yn 'e Padi-delling, en wie twongen om de wyk te nimmen nei de súdlike Marid. Tabini-aiji naam syn âlde regear wer op en de rebellen lieken foargoed ferslein te wêzen.

It is hjerst yn Shejidan. De rêst is werkeard, hoewol't de gefolgen fan 'e steatsgreep fan Murini noch altyd merkber binne. Sa wurdt Tabini no befeilige troch liifwachten dy't allegear nij binne, mei't syn âlde befeiligingspersoneel omkommen is by de kûp en harren ferfangers ferrieders blieken te wêzen. Fierders is de residinsje fan 'e aiji yn it Bu-javid, it ûnbidich grutte regearingskompleks, ûnbewenber troch de skea dy't dêr by de steatsgreep oanrjochte is. Bren syn eigen, oanswettende wente is beset troch de Farai-clan, suderlingen nota bene, dy't dêr oanspraak op meitsje fia in yngewikkelde erfskipsrelaasje mei de Maladesi, de útstoarne clan fan wa't it appartemint oarspronklik wie. Tabini soe de ûnbetroubere Farai der it leafst útsette, mar om't hja ûnder de kontrarevolúsje oerrûn binne en de poarten fan it Bu-javid iependien hawwe foar Tabini syn oanhingers, kin er dat polityk net alhiel ferantwurdzje. Sadwaande útfanhuzet Bren ûnderwilens yn it appartemint fan Ilisidi, de aiji-dûairiêre. Dy ynformearret him dat hja mei Tatiseigi, de hear fan 'e Atageini, nei dy syn bûtenpleats Tirnamardi sil, dêr't ek grutte skea tabrocht is. Tabini sil dan har appartemint oernimme oant syn eigen renovearre is, en Bren mei foarearst te útfanhúzjen yn it appartemint fan Tatiseigi, dêr't er al earder ris langere tiid te gast west hat.

Cajeiri, de achtjierrige soan fan Tabini en syn oarehelte Damiri, dy't de lêste twa jier ûnder fâdij fan Ilisidi trochbrocht hat, komt no wer by syn âlden yn te wenjen. Cajeiri kin him syn eardere tiid op 'e planeet amper mear tebinnenbringe; alles dat him helder foar de geast stiet, is syn lêste twa jier, dy't er trochbrocht hat yn 'e Phoenix. Dêr wied er feiliger as dat er op 'e planeet ea wêze sil, want yn 'e romte wied er ûnberikber foar moardoanslaggen. No't er wer op 'e Ierde is, wurde him sadwaande (foar syn eigen feilichheid) frijheden ûntnommen dêr't er folslein oan wend rekke is. Boppedat wurdt ornearre dat it mear as tiid foar him is om him wer op syn eigen folk te oriïntearjen, mei't der fierstente folle minsklike ynfloed op 'e jonge west hat. Op it skip seach er nei minsklike films, lies er de romans fan Alexandre Dumas en hied er fia e-mail direkte kommunikaasje mei alle oaren oan board. Op 'e planeet hat er neat fan dat alles, en hy ferfeelt him stierlik. Boppedat hat er de âldens berikt dat atevi harren man'chi (bannen fan loyaliteit) foarmje, en Cajeiri, dy't op 'e weromweis allegeduerigen mei de minsklike bern fan 'e evakuëarre Reunioners omgie, hat sokke bannen mei guon fan harren foarme (Gene, Artur, Irene en Bjorn). Op 'e planeet is er fan harren skaat, en dat is foar him in ûnakseptabele sitewaasje.

Underwilens is der rebûlje yn 'e húshâlding fan Tabini, dy't ferbliuwt yn it appartemint fan Ilisidi. Jaidiri, it nije haad fan 'e befeiliging fan 'e aiji, rekket deilis mei Madiri, it haad fan Ilisidi har tsjinstfolk. Boppedat besykje de Atageini, de Ajuri en in tsiental oare clans, allegear mei tsjinstelde belangen, om harren fertsjintwurdigers yn 'e stêf fan 'e aiji opnommen te krijen. Cajeiri spilet de ferskillende faksjes op ûnmeilydsume wize tsjininoar út, en wit sels ien kear mei syn beide jonge liifwachten Jegari en Antaro ûnopmurken it appartemint út te glûpen, ta konsternaasje fan it hiele befeiligingsapparaat.

Bren is yn 'e tuskentiid dwaande om it buro fan 'e paidhi wer op 'e nij yn te stellen. It docht bliken dat hast al syn dossiers en argyfstikken yn feilichheid brocht binne troch syn meiwurkers, dy't nei de steatsgreep alle kanten út flechte binne. Ek de húshâldlike stêf fan syn eardere appartemint yn it Bu-javid hat de minne tiid oerlibbe, en hat ferskate stikken antyk, oant de flierkleden oan ta, it regearingskompleks útsmokkele en nei syn bûtenpleats Najida ta brocht, oan 'e kust. In soarch is foar Bren wol wat der fan syn broer Toby wurden is, fan wa't er neat mear fernommen hat sûnt dy him, Ilisidi en Cajeiri oerfearn hat nei it fêstelân nei't se op Mospheira lâne wiene (sjoch: Destroyer). It is him ûnderwilens dúdlik wurden dat Toby in clandestyn bybaantsje foar it regear fan Mospheira hat, troch mei syn jacht deun ûnder de kust fan it fêstelân de atevi-kommunikaasje ôf te lústerjen. Bren sit frijwat om syn broer yn noed, dat syn liifwachten Tano en Algini reizgje nei Najida ta om te sjen oft se him dêrwei berikke kinne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sûnder warskôging rint op in nacht it hiele spul yn Shejidan mis as Cajeiri ferdwynt. Antaro wurdt bewusteleas weromfûn yn in tsjinstgong, en Jegari dûkt letter op 'e lofthaven fan 'e Shejidan op. It docht bliken dat de befeiliging fan 'e aiji trochbrutsen is mei help fan ien fan Ilisidi har tsjinners, dy't fan binnenút de tsjinstyngong iepene hat. Cajeiri is yn bedwelme tastân nei de lofthaven brocht, dêr't Jegari oan 'e ûnfierders wist te ûntsnappen. De frees is dat Murini, dy't noch altyd op frije fuotten is, hjirefter sit, mar it blike Caiti, Rodi en Agilisi te wêzen, trije Eastlike eallju fan wa't de lânerijen grinzgje oan Ilisidi har foarâlderlik domein te Malguri. It liket derop dat Caiti himsels ta aiji oer it Easten meitsje wol as regint foar Cajeiri yn dy syn hoedanichheid as erfgenamt fan Malguri.

Ilisidi reizget fuort nei Malguri ta, en Tabini, dy't sels yn Shejidan net mist wurde kin, freget Bren om mei har te gean. Yn Malguri siket Ilisidi stipe by Drien, de frouwe fan Ardija, in nicht fan harres mei wa't se al jierrenlang yn ûnmin libbe hat. Mei help fan Bren wit se it spul by te lizzen, en sadwaande binne se yn Cobesthen, Drien har residinsje, as frouwe Agilisi dêr oankloppet foar help. Agilisi is útpykt nei't Caiti mei de ûntfierde Cajeiri yn it Easten oankommen is. Hja hâldt út dat har yn 't foar neat ferteld wie oer Caiti syn plannen. Mar hja bringt wol oan it ljocht dat Caiti kontakten mei de usurpator Murini ûnderhâldt, en dat er dy oan syn kant hopet te krijen trochdat er Cajeiri yn syn macht hat. Bren en Ilisidi, dy't Murini folle better kenne as de naïve Caiti, beseffe dat it net bestiet dat Murini sa'n weardefolle gizelder yn oarmans hannen litte soe. Sadwaande moat der no fluch hannele wurde. Mei Drien, dy't der fertrouwen yn hat dat hja harren dêr nei binnen ta prate kin, sette se ôf nei Caiti syn bûtenpleats Haidamar.

Underwilens is Cajeiri bykommen en hat er ûntdutsen hokfoar sitewaasje oft er him yn befynt. De lju dy't him finzen hâlde, hawwe lykwols gjin idee mei wa't se fan dwaan hawwe. Nei twa jier op 'e Phoenix trochbrocht te hawwen, dêr't er allegeduerigen by Bren syn liifwachten Banichi en Jago omsloech, en by Cenedi, it haad fan 'e liifwachten fan syn oerbeppe, hat er in foar ien fan syn jierren bûtenwenstige kennis oer wapenark en technyk opdien. Oan ien wei troch tinkt er fan "Bren-paidhi soe dit sizze", of "oerbeppe soe dat sizze", of "Banichi soe perfoarst dat-en-dat dwaan". Hy ferbynt in lampefitting fia in metalene tried mei de izerne doarkruk fan 'e keamer dêr't er opsletten is. It ljochtknopke sit op 'e gong, en in elk dy't earst it ljocht oandocht en dan de doar iepenje wol, stiet dus in rare skok te wachtsjen. Fierders wit er in gat te meitsjen yn 'e gipsplatene wand, sadat er nei in oanbuorjende fertrek komme kin. Dêrwei naait er út, de snienacht yn.

As Bren-en-dy net folle letter by Haidamar oankomme, steane dêr alle doarren iepen. It docht bliken dat de ûnderwilens ek arrivearre Murini miende dat er bedragen wie doe't Caiti net, lykas ôfsprutsen, oer Cajeiri beskikte. As resultaat binne Caiti en syn liifwachten no dea. Syn trewant Rodi, dy't gjin mooglike útwei mear seach, hat fergif ynnommen. Murini is mei syn liifwachten efter de ûntsnapte Cajeiri oanset. Daliks as se dat hearre, sette Banichi en Jago de efterfolging ek yn. Bren, dy't ûnder de twa jier oan board fan 'e Phoenix temûk begûn is mei Cajeiri min ofte mear as syn eigen soan te sjen, giet mei harren. Trochdat er nei twa jier yn in romteskip folslein út kondysje is, rekket Bren in hiel ein efter op Banichi en Jago. Lykwols is hy it dy't Cajeiri wit te finen, mei't de jonge, dy't him ferskûle hie yn in ôfwetteringskanaal oan 'e igge fan 'e Mar fan Malguri, syn minsklik stal daliks wer kin en him taflústeret.

Mar Murini en syn trewanten binne dêr ek, en Banichi en Jago geane de striid mei harren oan. Dêrby driuwe se harren by fersin de rjochting fan Bren en Cajeiri út. Bren, dy't tarist is mei syn gewoanlike (mar yllegale) pistoal, in atevi-wapen dat oanpast is oan syn behindiger (want minsklike) grutte, iepenet dan it fjoer op 'e fijân, en rjochtet op 'e iennichste persoan dy't gjin kûgelfrij fest oan hat. Fuort dêrnei arrivearret yn boaten oer de mar fersterking út Malguri en Cobesthen, mei dêrûnder ek Tano en Algini en Bren syn broer Toby, dy't him efterneireizge binne nei it Easten. Dan is it gefjocht gau ôfrûn, mei't Murini syn liifwachten har oerjouwe. De usurpator sels is dea, troch, sa wurdt neitiid fêststeld, pistoalkûgels fan lyts kaliber – fan ûngebrûklik lyts kaliber.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Foreigner-searje
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence