Convergence (roman fan C.J. Cherryh)

Convergence is it achttjinde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Gearrin". It is in science fiction-roman dy't fierhinne skreaun is yn it personele perspektyf. Convergence ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2017, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Todd Lockwood.

Convergence
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2017, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Foreigner-searje
● foarich diel Visitor
● folgjend diel Emergence
kodearring
ISBN 978-0 75 64 09 111

Wat foarôf gie

bewurkje seksje

Trijehûndert jier earder wie it romteskip de Phoenix by de Ierde wei ôfset om in minsklike koloanje te stiftsjen op in gaadlik plak yn it hielal. Troch in technysk probleem rekke it skip lykwols fan koerts en ferdwaalde it. De Phoenix belâne sûnder brânstof yn it sinnestelsel fan in binêre stjer, dy't sa'n radio-aktive strieling ôfsmiet dat de kolonisten en bemanningsleden dy't dêr mei mynwurkersfartugen (bedoeld foar in folle freonliker miljeu) branje wûnen út asteroïden, krepearren as rotten. Doe't der einlings genôch brânstof ynnommen wie, sprong it skip nei it earste it bêste geunstich útsjende sinnestelsel ta, mei in griene, fruchtbere wrâld. Dêr oankommen die lykwols bliken dat dy planeet al in yntelliginte libbensfoarm hie, nammentlik de atevi, in ras fan mânske swarthûdige humanoïde wêzens dy't mei kop en skouders útstutsen boppe de langste minske.

Omtrint de tiid dat de Phoenix by harren wrâld arrivearre, hiene de atevi krekt de steamtrein útfûn. De minsklike kolonisten bouden yn in baan om 'e Ierde fan 'e atevi in romtestasjon, dat se Alpha neamden. It wie de bedoeling fan 'e skipsbemanning om yn dit sinnestelsel nije branje yn te nimmen en dan wer ôf te setten, op 'e siik nei in bekend diel fan it hielal en de minsklike Ierde, mar de kolonisten hiene tsjin dy tiid wol goed har nocht. Sy seagen in prima wrâld rjocht ûnder harren, en wegeren dy te ferlitten. Nei 120 jier kaam it ta in brek tusken de kolonisten en de skipsbemanning, dy't einige mei de ôfreis fan 'e Phoenix, wylst de kolonisten it stasjon Alpha ôfsleaten en har oan parasjutes nei it planeetoerflak sakje lieten.

Convergence spilet twahûndert jier letter en likernôch trettjin jier nei de ûnferwachtse weromkear fan de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid ferrûn sadwaande alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.

Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.

Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron; de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht); en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene.

Doe't de Phoenix nei in reis dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hie in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset wie. De weromkear fan 'e Phoenix mei oan board de paidhi, de aiji-dûairiêre en de erfgenamt fan 'e aiji, late ta in kontrarevolúsje (sjoch: Pretender) wêrby't de usurpator Murini en dy syn trewanten binnen inkele dagen ûnder fuotten helle waarden en Tabini wer oan 'e macht brocht waard. Neitiid holden de swierrichheden dy't fuortkamen út 'e steatsgreep Bren lange tiid oan it wurk. Tusken de bedriuwen waard Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini, njoggen jier, en dêrfoar waarden de minskebern fan it romtestasjon nei de ierde ta nûge, mei wa't Cajeiri op 'e weromreis fan Reunion gedoente krigen hie.

Koarte tiid letter, doe't Bren tocht dat einlings de rêst werkeard wie op 'e Ierde fan 'e atevi, arrivearre der in romteskip fan 'e kyo yn it sinnestelsel (sjocht: Tracker). Bren reizge dêrop mei Ilisidi en Cajeiri, dy't ek by de eardere moeting mei de kyo oanwêzich wiene, nei it romtestasjon ta, dêr't er driuwend noch in pear problemen oplosse moast ear't de kyo dêr oankamen. De problematyske Mospheiryske stasjonmaster Mikas Tillington waard ôfset en yn 'e hechten nommen, en ferfongen troch Gin Kroger, dy't ek de reis fan 'e Phoenix nei Reunion meimakke hie. Fierders waarden Cajeiri syn jonge minsklike 'assosjearden' (atevi hawwe gjin freonen) Gene, Artur, Irene en Bjorn mei harren respektivelike âlden troch de atevi yn beskerming nommen op harren diel fan it stasjon.

Doe't de kyo arrivearren (sjoch: Visitor) slagge Bren der mei help fan Ilisidi en Cajeiri yn om frij maklik in akkoart mei harren fertsjintwurdige Prakuyo an Tep te berikken. Der stie him lykwols in rare ferrassing te wachtsjen doe't er yngie op 'e útnûging om it romteskip fan 'e kyo te besykjen. Want hoewol't Bren wist dat de kyo oan harren fierste grins yn oarloch wiene mei noch wer in oar ras fan bûtenierdske wêzens, hied er nea tinke kind dat dy fijân de minskheid wie. De kyo hiene lykwols in minsklike kriichsfinzene oan board, in Guy Cullen. Bren besefte dat alles dêr't er jierrenlang foar krewearre hie, faai komme soe as it bestean fan Cullen en de identiteit fan 'e fijân fan 'e kyo algemien bekend wurde soe. Fan 'e Phoenix, dy't him ommers ta doel steld hie om 'e Ierde fan 'e minsken werom te finen, soe in grut diel fan 'e bemanning dêrhinne reizgje wolle, en fan 'e Reunioners, oer wa't koartby beslist wie dat se nei Mospheira ta oerbrocht wurde soene om dêr op te gean yn in folle gruttere minskemassa, soe in diel in kâns sjen op in oare takomst. Op Mospheira soe boppedat dat de Erfskipspartij, in anty-atevibeweging, soks oangripe om nije problemen te meitsjen. It besykjen om 'e minskheid te berikken soe sûnder mis swierrichheden mei de kyo feroarsaakje, dy't ommers mei dy minskheid yn oarloch wiene. En dêrtroch soene ek de atevi, dy't part noch diel oan dit konflikt hiene, meisleept wurde yn 'e oarloch.

Dêrom besleat Bren om it bestean fan Cullen foar de atevi, de Mospheiranen en de bemanning fan 'e Phoenix geheim te hâlden, en it bestean fan 'e Ierde fan 'e atevi foar Cullen geheim te hâlden. Hy die him foar as neikommeling fan in groepke minsklike skipbreklingen dy't mank de atevi wenne, en besocht sawol Cullen as Prakyo an Tep te helpen troch Cullen de begjinsels fan 'e kyo-taal en de diplomasy by te bringen, sadat er mank de kyo in selde soarte posysje ferfolje koe as Bren sels mank de atevi beklaaide. Hy hope dat it genôch wêze soe om in ein oan 'e oarloch tusken de minskheid en de kyo te meitsjen.

Nei de ôfreis fan it kyo-skip keart Bren werom nei it ierdoerflak, dêr't er ferslach docht oan Tabini-aiji, de hearsker oer de Westlike Assosjaasje, in steatsferbân dat njoggentsiende fan 'e atevi-wrâld omfiemet. Hy hie ferwachte dat er it no wat kalmer oan dwaan koe nei de hektyk dy't it ûnferwachtse besyk fan 'e kyo feroarsake hat, mar Tabini stjoert him daliks alwer út, diskear nei syn heitelân Mospheira, dêr't er it ferdrach mei de kyo útlizze en de oankomst fan 'e Reunioners tariede moat. Sadwaande bejout Bren him mei syn trouwe atevi-liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini en syn tsjinners Narani en Jeladi nei syn bûtenpleats Najida, oan 'e kust, dêr't se oan board geane fan de Brighter Days, it syljacht fan syn broer Toby en dy syn freondinne Barb.

Oare kant de seestrjitte, op it eilân Mospheira, wurdt Bren mei fol earbetoan ûnthelle troch syn âlde freon en kollega Shawn Tyers, dy't no presidint fan Mospheira is. Bren hat der lange tiid mei ompakt oft er Shawn ynljochtsje sil oer it bestean fan Guy Cullen en de identiteit fan 'e fijân fan 'e kyo. Hy hat dat geheim oant no ta inkeld dield mei syn liifwachten (dy't mei him oan board fan it kyo-skip wiene), en fierders mei syn freon Jase Graham, ien fan 'e kapteins fan 'e Phoenix, mei de aiji en de aiji-dûairiêre, en mei syn broer Toby. It probleem is dat it amt fan presidint in keazen funksje is, en dat it regear fan Mospheira lekt as in gatsjepanne. Uteinlik beslút er dêrom Shawn net yn te ljochtsjen, temear om't dy dochs neat mei de ynformaasje kin.

Underwilens wurdt op it fêstelân Cajeiri, de njoggenjierrige soan fan Tabini-aiji, nei syn oerâldomke Tatiseigi, de hear fan 'e Atageini-clan, ta stjoerd. De reden dêrfoar is polityk fan aard en hat te krijen mei it feit dat sûnt in oantal wiken twa ynfloedrike clans, te witten de Kadigidi en de Ajuri, sûnder haadman sitte (sjoch: Protector). Under in diner by de aiji-dûairiêre hat Tatiseigi, om in dronken bûnsgenoat fan himsels stil te krijen, in kandidaat foardroegen om hear fan 'e Ajuri te wurden. Hy wist lykwols yn 't foar wol dat syn kandidaat net de goedkarring fan Tabini hie en dat dy der syn feto oer útsprekke moatte soe. Om harren allegearre gesichtsferlies te besparjen hat de âldman him dêrom no op syn bûtenpleats Tirnamardi, yn 'e Padi-delling, weromlutsen. Wylst Tabini de kandidaat fan Tatiseigi ôfwize moat, stjoert er no lykwols syn soan nei Tirnamardi ta om by Tatiseigi te útfanhûzjen, in teken foar de bûtenwacht dat Tatiseigi noch like heech yn syn geunst stiet.

Hoewol't Cajeiri wit fan 'e politike omtinkens, is er net ûngelokkich mei de sitewaasje. Hy mei graach oer Tatiseigi en de âldman hat him okkerdeis bejeftige mei in mecheita (ryddier) út syn eigen stâlen. De lêste kearen dat er yn Tirnamardi te gast wie, wie der hieltyd wat dat it spul bedoar, sadat er it bist noch mar kwealk beride kinnen hat, en hy hopet dat dat diskear einlings oars wêze sil. It is de earste kear dat Cajeiri 'allinnich' op 'en paad giet (d.w.s. sûnder syn heit, mem, Bren of Ilisidi), en dêrom binne oan syn fêste fjouwerkoppige liifwacht fan it Slûpmoardnersgilde noch twa pear tafoege. Dêrby giet it om fjouwer âldere mannen, Rieni, Haniri, Janachi en Onami, dy't allegear as ynstrukteur fan rekruten op it Gildehaadkertier wurke hawwe. It is noch gjin útmakke saak oft dy fjouwer foargoed yn Cajeiri syn tsjinst bliuwe sille of dat er se nei de útstap nei Tirnamardi wer kwytrekket. It komt him lykwols oan dat it in goed ding wêze soe as er harren hâlde koe, mei't syn eigen jongere liifwachten noch tige ûnbeleard binne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Bren docht yn Mospheira foar ferskate regearingskommisjes syn sechje oangeande it ferdrach mei de kyo. Dêrby hat er in oanfarring mei in ôffurdige Woodenhouse, in fertsjintwurdiger fan 'e Erfskipspartij, de anty-atevi-beweging dy't yn it ferline alris op in hier nei in oarloch tusken Mospheira en de Westlike Assosjaasje feroarsake hat (sjoch: Inheritor). Fierders besiket er de oankomst fan 'e Reunioners op Mospheira ta te rieden. Der is besletten dat Cajeiri syn jonge assosjearden en harren respektivelike âlden it earste nei it planeetoerflak ta komme sille, en Bren freget âlde bekenden as Kate Shugart, Ben Feldman, Tom Lund en Sandra Johnson om in organisaasje op te setten dy't de Reunioners opfange sil en harren helpe kin om har oan te passen oan it libben op 'e Ierde.

Yn Tirnamardi komt Cajeiri ûnderwilens op 'e nij bedragen út as der deunby de bûtenpleats in ûnbekende ynkringer oppakt wurdt, mei't dat ynsidint betsjut dat it beriden fan mecheiti der foar de jonge troanopfolger net mear by is. De ynkringer blykt in Nomari te wêzen, dy't nei Tirnamardi ta kommen is om syn saak by Cajeiri en Tatiseigi te bepleitsjen. Hoewol't er in sljochtwei spoararbeider is, makket er troch syn berte oanspraak op 'e hearskippij oer de Ajuri-clan. Hy liket in ûnwierskynlike kandidaat, mar de lêste telch út 'e rjochte line fan 'e hearen fan Ajuri is Caradi, in neef fan Cajeiri, dy't folslein ûnder de tomme sit fan syn bazige mem Geidaro, in suster fan 'e lêste hear fan Ajuri. Cajeiri syn heit en Tatiseigi ornearje Caradi folslein ûngeskikt om it bestjoer oer Ajuri út te oefenjen, en Geidaro sels noch helte ûngeskikter, mei't se har derfan fertinke ûnder ien tekken spile te hawwen mei Shishoji, de ferstoarne (en alhiel net miste) lieder fan it Skaadgilde (sjoch: Peacemaker).

As Geidaro der lucht fan kriget dat Nomari yn Tirnamardi is, bejout se har dêr sels mei Caradi ek hinne, benammen om Nomari swart te meitsjen en Tatiseigi te beskrobjen. Mei har heechhertige hâlden en dragen jaget se de âldman, dy't dochs al gjin hege rekken fan har hie, alhielendal yn 'e gerdinen. De moeting einiget dermei dat Tatiseigi Geidaro en har soan de doar wiist, en der almar fierder nei oerhinget om Nomari syn stipe te jaan. Yn Mospheira sjocht Bren de oare deis op it nijs in ferslach fan "ûnrêst" yn 'e Padi-delling. Hoewol't it in seldsume dei wêze soe dat der yn dy krite alhiel neat te rêden wie, lit er syn liifwacht Banichi fia kanalen fan it Slûpmoardnersgilde yn in kodearre boadskip nei it hoe en wat ynformearje. It foar Bren ûnbegryplike berjocht dat weromkomt, seit inkeld: "Omke hat in ferfanger fûn."

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Foreigner-searje
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence