Foreigner (romansearje)
Foreigner is in tige súksesfolle science fiction-romanrige fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh, dy't sydlings diel útmakket fan Cherryh har gruttere Alliance-Union Universe-rige. De boeken geane oer Bren Cameron, de tolk en diplomaat fia wa't de betrekkings rinne tusken in koloanje minsken dy't yn in fiere úthoeke fan it hielal strâne rekke binne, en it bûtenierdske ras fan 'e atevi, op wa har planeet oft dy minsken bedarre binne. De romans út 'e Foreigner-rige binne skreaun yn it personele perspektyf. De searje rint al sûnt 1994, en wurdt útjûn troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books.
Foreigner | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | romansearje | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1994 – no | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Alliance-Union Universe-rige |
It Foreigner-hielal
bewurkje seksjeDe Foreigner-searje spilet yn 'e takomst, as de minskheid troch flugger-as-ljochtreizgjen fiere planeten kolonisearje kin. De searje set útein as de Phoenix, in minsklik romteskip mei oan board in grutte kloft kolonisten, troch in ûnbekende flater ûnder it flugger-as-ljochtreizgjen fan syn koerts ôfrekket en bedarret yn in ûnbekend diel fan it Molkewei. De bemanning kin dêr gjin inkele bekende stjer ûntdekke, en boppedat is it skip sûnder brânstof oanbelâne yn in sinnestelsel fan in binêre stjer, dy't sa'n radio-aktive strieling ôfsmyt dat de kolonisten en bemanningsleden dy't dêr mei mynwurkersfartugen (bedoeld foar in folle freonliker miljeu) branje winne moatte út asteroïden, der krepearje as rotten.
As der nei in pear jier einlings en te'n lêsten genôch branje wûn is om 'e Phoenix op 'e nij flugger-as-ljocht reizgje te litten, springt it skip nei it earste it bêste geunstich útsjende sinnestelsel ta, mei in griene, fruchtbere wrâld. Dêr oankommen docht lykwols bliken dat dy planeet al in yntelliginte libbensfoarm hat, nammentlik de atevi, in ras fan mânske swarthûdige humanoïde wêzens dy't mei kop en skouders útstekke boppe de langste minske. Omtrint de tiid dat de Phoenix by harren wrâld arrivearret, hawwe de atevi krekt de steamtrein útfûn. De minsklike kolonisten bouwe yn in baan om 'e Ierde fan 'e atevi in romtestasjon, dat se Alpha neame. It is de bedoeling fan 'e skipsbemanning om yn dit sinnestelsel nije branje yn te nimmen en dan wer ôf te setten, op 'e siik nei in bekend diel fan it hielal en de minsklike Ierde, mar de kolonisten hawwe tsjin dy tiid har nocht. Sy sjogge in prima wrâld rjocht ûnder harren, en wegerje dy te ferlitten. Nei 120 jier komt it ta in brek tusken de kolonisten en de skipsbemanning, dy't dermei einiget dat de Phoenix sûnder de kolonisten ôfset, wylst de kolonisten it stasjon Alpha ôfslute en har oan parasjutes nei it planeetoerflak sakje litte.
It earste kontakt tusken de minsken en de atevi ferrint hommels, mar posityf. Ferskate jierren geane foarby ear't spannings feroarsake troch wjerssidige kulturele misferstannen abrupt ta útbarsting komme yn 'e Oarloch fan 'e Lâning. Hoewol't de minsken folle bettere wapens hawwe, binne de atevi folle fûleindiger yn 'e striid en hawwe se boppedat in grutte nûmerike mearderheid. Krekt foar't de striid útrinne kin op in genoside, wurdt der in frede bewurkmastere. Dêrby steane de atevi it eilân Mospheira ôf oan 'e minsken, en wurde alle atevi-bewenners dêrwei evakuëarre. Dêr stiet foaroer dat de minsken harren technology mei de atevi diele moatte en har net mear op it fêstelân bejaan meie, oan 'e oare kant fan in smelle seestrjitte. It iennichste kontakt tusken Mospheira en de Westlike Assosjaasje (de wichtichste atevi-steat) wurdt tenei ûnderholden troch ien minske, de paidhi, in atevi-term dy't tolk en oersetter betsjut.
It boppesteande wurdt allegear ferteld yn 'e earste sechstich siden fan it earste diel fan 'e Foreigner-searje. It ferhaal springt dan twahûndert jier foarút yn 'e tiid. De kolonisten op Mospheira (dy't no in pear miljoen sielen telle), libje noflik op harren eilân dêr't neat of nimmen harren steurt, en wurde folslein yn beslach nommen troch har eigen beslommerings. Troch de stadige mar oanhâldende oerdracht fan technologyske ynformaasje is de maatskippij fan 'e atevi no hast like fier ûntwikkele as dy fan 'e minsken, wylst de atevi op guon terreinen eigen útfinings dien en de minsken ynhelle hawwe. De jonge paidhi Bren Cameron is no in pear jier op syn post, en hâldt him benammen dwaande mei it byhâlden fan it wurdboek fan 'e atevi-taal en it ôfremjen fan ûntwikkelings dy't de atevi en de wrâld as gehiel mear skea as goed dwaan kinne, lykas de ûntwikkeling fan in netwurk fan ferhurde wegen dat it opbrûken fan fossile brânstoffen mooglik meitsje en ta in broeikaseffekt liede soe. Alles liket kalm en freedsum syn gong te gean. Tsjin dy eftergrûn set it ferhaal útein, as it romteskip de Phoenix einlings en te'n lêsten nei de Ierde fan 'e atevi weromkeard en dêrmei alles folslein yn ûnstjoer bringt.
Haadpersoanen
bewurkje seksjehaadpersoanen
bewurkje seksje- Bren Cameron, de paidhi, de minsklike tolk-fertaler oan it hof fan 'e aiji fan 'e Westlike Assosjaasje.
- Algini (♂), in heechpleatst lid fan it Slûpmoardnersgilde en as sadanich de partner fan Tano, oan Bren Cameron tawiisd as liifwacht.
- Banichi (♂), in lid fan it Slûpmoardnersgilde en as sadanich de partner fan Jago, troch Tabini oan Bren Cameron tawiisd as liifwacht.
- Cajeiri (♂), de minderjierrige soan fan Tabini en erfgenamt fan 'e troan fan 'e Westlike Assosjaasje.
- Jason "Jase" Graham, in lid fan 'e bemanning fan 'e Phoenix, dy't selektearre wurdt om as skips-paidhi te fungearjen. Letter de kaptein fan 'e Phoenix foar Tamun yn 't plak.
- Ilisidi (♀), de aiji-dûairiêre, de beppe fan Tabini, in ealfrouwe út 'e Eastlike Assosjaasje, dy't twaris fan 'e troan fan 'e Westlike Assosjaasje staat is troch de hasdrawad (it legerhûs fan 'e Westlike Assosjaasje).
- Jago (♀), in lid fan it Slûpmoardnersgilde en as sadanich de partner fan Banichi (dat letter har heit blykt te wêzen), troch Tabini oan Bren Cameron tawiisd as liifwacht, mei wa't se nei ferrin fan tiid in romantyske relaasje kriget.
- Tabini (♂), de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de grutste en ynfloedrykste atevi-steat).
- Tano (♂), in lid fan it Slûpmoardnersgilde en as sadanich de partner fan Algini, oan Bren Cameron tawiisd as liifwacht.
weromkearende bypersoanen
bewurkje seksje- atevi
- Adigan (♂), de hear fan Dur, in eilân oan 'e westkust fan it kontinint, en in trouwe bûnsgenoat fan Tabini.
- Aieso (♀), de beppe fan it doarp Najida, liedster fan 'e Edi (in etnyske groep oan 'e westkust fan 'e Westlike Assosjaasje).
- Antaro (♀), ien fan 'e jonge Taibeni-liifwachten fan Cajeiri, de suster fan Jegari.
- Asicho (♀), in tsjinstfaam yn Bren syn residinsje yn it romtestasjon.
- Baiji (♂), de omkesizzer fan hear Geigi, in nayf en ûnbetrouber hearskip.
- Bindanda, de kok fan 'e húshâlding fan Bren, dy't yn namme spionearret foar hear Tatiseigi, mar dy't letter in agint fan Tabini blykt te wêzen.
- Casimi (♂), in lid fan it Slûpmoardnersgilde en ien fan 'e liifwachten fan Ilisidi.
- Cenedi (♂), in lid fan it Slûpmoardnersgilde en it haad fan 'e liifwachten fan Ilisidi. Mooglik ek Ilisidi har minner.
- Daisibi (♂), it haad fan it siktarieel buro fan 'e paidhi.
- Damiri (♀), de mei problematyske famyljerelaasjes bejeftige oarehelte fan Tabini en mem fan Cajeiri.
- Direiso (♀), de frouwe fan 'e Kadigidi-clan, in fijân fan Tabini.
- Eidi (♂), de majordomo fan Tabini, omkommen by de steatsgreep fan Murini.
- Eisi (♂), ien fan 'e beide tsjinstfeinten fan Cajeiri yn it Bu-javid (it regearingskompleks yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje).
- Geigi (♀), de progressive hear fan Kajiminda, in lid fan 'e Maschi-clan, in fijân dy't Bren Cameron ta ien fan syn neiste bûnsgenoaten wit te meitsjen.
- Grigiji (♂), de emearitus-astronoom, in wiskundich sjeny mei waans help Bren Cameron de konsepten fan 'e minsklike romtefeart oan 'e atevi útlizze kin.
- Jegari (♂), ien fan 'e jonge Taibeni-liifwachten Cajeiri, de broer fan Antaro.
- Jeladi (♂), in tsjinstfeint yn Bren syn residinsje yn it romtestasjon.
- Kandana (♂), in tsjinstfeint yn Bren syn residinsje yn it romtestasjon.
- Koharu (♂), in tsjinstfeint op Bren syn bûtenpleats Najida en letter yn syn residinsje yn it Bu-javid.
- Lieidi (♂), ien fan 'e beide tsjinstfeinten fan Cajeiri yn it Bu-javid.
- Lucasi (♂), in lid fan it Slûpmoardnersgilde, in liifwacht fan Cajeiri en de broer fan Vejico.
- Machigi (♂), de lieder fan 'e súdlike Assosjaasje fan 'e Marid, dy't him ferset tsjin 'e oerhearsking troch de Westlike Assosjaasje.
- Murini (♂), de hear fan 'e Kadigidi-clan, de soan fan Direiso, in fijân fan Tabini.
- Narani (♂), de âldere majordomo fan 'e húshâlding fan Bren Cameron.
- Nawari (♂), in lid fan it Slûpmoardnersgilde en de twadde yn rang fan 'e liifwachten fan Ilisidi.
- Ramaso (♂), de majordomo fan Bren syn bûtenpleats Najida.
- Rejiri (♂), de erfgenamt fan 'e hear Adigan fan Dur, in eilân oan 'e westkust fan it kontinint.
- Sabiso (♀), in tsjinstfaam fan Bren yn syn wente yn it romtestasjon en yn syn residinsje yn it Bu-javid.
- Saidaro (♂), de ûndermajordomo fan Bren syn bûtenpleats Najida.
- Saidin (♀), de majordomo fan hear Tatiseigi yn dy syn residinsje yn it Bu-javid.
- Seimiro (♀), Cajeiri syn lytse suske, de dochter fan Tabini en Damiri.
- Siegi (♂), de liifdokter fan Ilisidi.
- Supani (♂), in tsjinstfeint op Bren syn bûtenpleats Najida en letter yn syn residinsje yn it Bu-javid.
- Tatiseigi (♂), de aartskonservative hear fan 'e Atageini-clan, in âldomke fan Damiri, oerâldomke fan Cajeiri, earder minner fan Ilisidi en yn 't earstoan in fijân fan Bren Cameron, mei wa't er nei ferrin fan tiid fia Ilisidi in dreech mar hoask bûnsgenoatskip oangiet.
- Tema (♂), it haad fan 'e liifwachten fan hear Machigi.
- Vejico (♀), in lid fan it Slûpmoardnersgilde, in liifwacht fan Cajeiri en de suster fan Lucasi.
- bemanning fan 'e Phoenix
- Kaplan, in lid fan 'e bemanning fan 'e Phoenix en in liifwacht fan Jase Graham.
- Yolanda Mercheson, in lid fan 'e bemanning fan 'e Phoenix, dy't selektearre wurdt om as skips-paidhi te fungearjen.
- Jules Ogun, in kaptein fan 'e Phoenix, de twadde yn rang nei Ramirez, in eigensinnich man dy't net maklik yn 'e omgong is.
- Presman, in lid fan 'e bemanning fan 'e Phoenix en in liifwacht fan Jase Graham.
- Polano, in lid fan 'e bemanning fan 'e Phoenix en in liifwacht fan Jase Graham.
- Stani Ramirez, in kaptein fan 'e Phoenix dy't de âldste en dêrmei heechste yn rang is as it romteskip yn 'e tiid fan Bren Cameron weromkeart nei de Ierde fan de atevi. In man dy't in protte geheimen bewarret.
- Josefa Sabin, in kaptein fan 'e Phoenix, de trêde yn rang nei Ramirez en Ogun, in hurde mar oprjochte frou.
- Pavel Riggins, in kaptein fan 'e Phoenix, de fjirde en leechste yn rang nei Ogun, oansteld nei Ramirez syn dea.
- Pratap Tamun, in kaptein fan 'e Phoenix, de fjirde en leechste yn rang nei Ramirez, Ogun en Sabin. Liedt nei de dea fan Ramirez in rebûlje om't er tsjin gearwurking mei de atevi wêze soe, hoewol't lettere, postume, ûntdekkings op oare motiven wize.
- minsken fan Mospheira
- frou Cameron, de kleiende en emosjoneel manipulative mem fan Bren Cameron.
- Toby Cameron, de broer fan Bren Cameron, dy't meitiid ek by it wurk fan Bren belutsen rekket.
- Deana Hanks, de reserve-paidhi, dy't in fertsjintwurdiger fan 'e Feriening foar Minsklik Erfskip (in anty-atevi beweging) blykt te wêzen.
- Virginia "Gin" Kroger, in oerheidsfunksjonaris fan Mospheira.
- Barbara 'Barb' Letterman, de freondinne fan Bren Cameron by it úteinsetten fan 'e searje, dy't letter in relaasje kriget mei syn broer Toby.
- Kate Shugart, in oerheidsfunksjonaris fan Mospheira.
- Mikas Tillington, de stasjonsmaster fan 'e Mospheiryske helte fan it romtestasjon.
- Shawn Tyers, in oerheidsfunksjonaris fan Mospheira, yn 't earstoan Bren Cameron syn baas as minister fan Bûtenlânske Saken, en letter de presidint fan Mospheira.
- minsken fan Reunion
- Bjorn Andressen, ien fan Cajeiri syn minsklike assosjearden.
- Artur, ien fan Cajeiri syn minsklike assosjearden.
- Louis Baynes Braddock, gildemaster fan it âlde Gilde fan Piloaten, dy't it foar it sizzen hat op it romtestasjon Reunion.
- Gene Parker, ien fan Cajeiri syn minsklike assosjearden.
- Inez Williams, Irene har mem, ien Braddock syn meiwurkers.
- Irene Williams, ien fan Cajeiri syn minsklike assosjearden.
- oar
Searje
bewurkje seksje- prequels yn 'e foarm fan koarte ferhalen
- 2012 – Deliberations (allinnich publisearre as e-boek)
- 2013 – Invitations (allinnich publisearre as e-boek)
- trilogy 1
- trilogy 2
- trilogy 3
- trilogy 4
- 2009 – Conspirator
- 2010 – Deceiver
- 2011 – Betrayer
- trilogy 5
- 2012 – Intruder
- 2013 – Protector
- 2014 – Peacemaker
- trilogy 6
- 2015 – Tracker
- 2016 – Visitor
- 2017 – Convergence
- trilogy 7
- 2018 – Emergence
- 2020 – Resurgence
- 2020 – Divergence
- trilogy 8
- 2023 – Defiance
Omslaggen
bewurkje seksjeFoar it ûntwerpen fan 'e omslaggen fan 'e boeken fan 'e Foreigner-searje loek útjouwerij DAW Books grutte nammen oan. De omslaggen fan Foreigner, Invader, Explorer en Destroyer waarden makke troch Michael Whelan, ien fan 'e meast bekroande boekbânûntwerpers út it sjenre. Fierders wiene de omslaggen fan Pretender en Deliverer fan 'e hân fan Donato Giancola, dy fan Precursor en Defender fan Stephen Youll, wylst de omslach fan Inheritor it wurk wie fan Dorian Vallejo. De omslaggen fan alle boeken fanôf Conspirator kamen foar de rekken fan Todd Lockwood.
Untfangst
bewurkje seksjeDe no al mear as tweintich jier rinnende Foreigner-rige wurdt rûnom beskôge as in hichtepunt fan 'e Amerikaanske science fiction-literatuer. Skriuwster C.J. Cherryh hat har ferhûgje kinnen yn tige loovjende resinsjes. Sa fette it tydskrift Science Fiction Chronicle de searje gear mei de wurden: "Yntriizjes, aventoer, tinkwurk, sels koarte glimpen humor yn in prachtich eksoatysk dekôr." Kirkus Reviews neamde it "in djipdollend, betochtsum, yntelligint stik wurk, mei mear ynsjoch yn in fiiftal siden as dat de measte auteurs yn fyftich siden witte te stopjen." En Booklist skreau: "Dizze searje falt sels op mank Cherryh har oer it algemien dochs al treflike ferhalen oer minsklik-bûtenierdske kontakten."
It faktydskrift Publishers Weekly neamde de Foreigner-searje "Ien fan 'e bêste langrinnende science fiction-searjes dy't der bestiet [...] [It] biedt in fassinearjende plot dy't de klam leit op yntinse minsklike/bûtenierdske ynteraksjes [...] Cherryh is noch altyd ien fan 'e meast talintearre skriuwers fan dit sjenre." Ut deselde boarne it folgjende sitaat: "Detailleare karakterûntwikkeling, tige spannende dialogen en in each foar subtile ferskillen yn foarbarige mienings op it mêd fan kultueren binne fan krúsjaal belang [...] Dit is serieuze science fiction op syn alderbêst, skreaun troch ien fan 'e liedende hjoeddeistige auteurs fan it sjenre."
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1995 | Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | Foreigner |
1996 | Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | Invader |
2002 | Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | Defender |
Adaptaasjes
bewurkje seksjeYn 2013 waarden de earste trije boeken fan 'e Foreigner-searje foar Audio Cinema Entertainment adaptearre ta in seis oeren duorjend harkspul troch de bekroande harkspulskriuwer Sable Jak. Oan dy produksje wurken û.m. mei: de lûdsartyst Tim Knofler en stimakteurs Wednesday Wolf (Bren Cameron), Gin Hammond (Jago) en Jane Cater (Ilisidi). Jak wurke by it útfieren fan dizze produksje nau gear mei Cherryh. It budget foar de produksje fan it harkspul bedroech $250.000.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar fierdere boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
De Foreigner-searje | |
---|---|
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence |