Haadmenu iepenje

Dorian Vallejo (New York, 1 maart 1968) is in Amerikaansk tekener, keunstskilder, yllustrator en boekbânûntwerper fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Perûviaansk etnysk komôf. Hy is in soan fan 'e fantasykeunstner Boris Vallejo, mar leit him sels mear ta op it skilderjen fan tradisjonele portretten.

Dorian Vallejo
Art-1300258.svg keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dorian Vallejo
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 1 maart 1968
berteplak New York (New York)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
Flag of Peru.svg Perûviaansk
wurkpaad
wurksum as yllustrator, boekbânûntwerper
jierren aktyf 1984 – no
offisjele webside
dorianvallejo.com

Libben en karriêreBewurkje

Vallejo waard yn 1968 berne yn New York, as de soan fan 'e Perûviaanske keunstner Boris Vallejo en dy syn earste frou Doris. Syn heit brocht him al ier de leafde foar tekenjen by: mei trije jier hie Vallejo al op deistige basis in potlead yn 'e hân. Tsjin 'e tiid dat er op 'e middelbere skoalle siet, makke er geregeldwei omslaggen foar stripboeken fan Marvel Comics en foar fantasy- en science fiction-paperbacks fan ferskate útjouwerijen, wat er ek letter noch wol die, bygelyks yn it gefal fan Inheritor (1996), fan C.J. Cherryh, in útjefte fan DAW Books.

Syn oplieding genoat Vallejo oan 'e School of Visual Arts yn 'e Newyorkske borough Manhattan. Hy brocht ek frijwat tiid troch yn Jeropa, dêr't er de grutte masters út 'e Renêssânse en de Gouden Iuw bestudearre. Neitiid lei Vallejo him fierhinne ta op it skilderjen fan tradisjonele portretten fan oaljeferve. Ear't er dy kar makke, naam er ferskate oare mêden fan spesjalisaasje yn omtinken, mar hy waard ôfskrikt troch de tanimmende ynfloed fan kompjûters yn 'e keunstwrâld. Sadwaande fielde er him oanlutsen ta it portrettearjen, in wurkterrein dat syn âlde foarmen noch foar it meastepart beholden hat.

Hjoed de dei is Vallejo ien fan 'e meast foaroansteande portretskilders fan 'e Feriene Steaten. Hy wurket it leafst mei persoanen dy't libbensliif foar him posearje, mar as dat troch ôfstân of tiid ûnmooglik is, behelpt er him ek wol mei foto's dy't er oant libbensgrutte útfergrutsje lit. De minsken dy't er skilderet, komme foar it meastepart út it bedriuwslibben of de polityk. In tradisjoneel oaljeferveportret hat dan ek in ynstappriis fan $11.000, en is dus net foar eltsenien weilein. By Vallejo kin men lykwols ek kieze foar in folslein ynkleure oaljeferveskets, skildere ûnder in sesje fan fjouwer oant seis oeren, mei in priis fan $2.000. Dêrnjonken makket Vallejo ek protrettekenings yn potlead, houtskoal of sepia.

Njonken syn 'gewoane' portretten skilderet Vallejo yn opdracht ek neakenportretten fan froulju. Fierders makket er foar himsels wurk dat sterk de kant fan it fantasysjenre útskaait, mei swevende figueren, wâlden en natuerlike motiven dy't it ryk fan it ûnbewuste suggerearje, en de dualiteit fan it minsklik bestean (bewustwêzen fersus it ûnbewuste), dy't him fassinearret. Dizze 'eigen' skilderijen stelt er tentoan yn galleryen en biedt er ek te keap oan. Vallejo wennet mei syn frou Liana en syn soan Dimitri yn Upper Montclair, yn Nij-Jersey, dêr er ek syn atelier hat.

Keppelings om utensBewurkje