Unbewuste

(Trochferwiisd fan Ûnbewuste)

Mei it ûnbewuste (of ûnbewittene) en it ûnderbewuste wurde geastlike prosessen (tinzen en gefoelens) bedoeld dy't net, of net fuortendaliks, tagonklik binne, en dy't lykwols ien syn hâlden en dragen beynfloedzje kinne. De Switserske dokter en teolooch Paraselsus (1493-1541) wie de earste dy't wittenskiplik skreaun hat oer it ûnbewuste yn syn wurk Von den Krankheiten[1] ('Oer de Sykten') út 1567, en syn klinyske metoaden kinne beskôge wurde as it begjin fan de moderne wittenskiplike psychology. [2] It konsept fan it ûnbewuste yn psychologyske en psychopatologyske kontekst is ôfkomstich fan de Frânske arts en filosoof Pierre Janet en fierde útwurke troch Sigmund Freud.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Yn dat boek wiist hy de oarsaak fan de sykte chorea lasciva - dêr't ûnwillekeurige bewegingen by dien wurde - ta oan 'hja dy't deryn leauwe', ferwekt troch de ferbylding
  2. Harms, Ernest: Origins of Modern Psychiatry, Thomas 1967 ASIN: B000NR852U, s. 20