Booklist
Booklist is in Amerikaansk literêr tydskrift en fakblêd dêr't resinsjes fan boeken en lûd- en bylddragers foar alle leeftiden yn gearbrocht wurde. It is in publikaasje fan 'e American Library Association, en bestiet sûnt 1905. It blêd ferskynt 22 kear yn 't jier, ornaris twa kear yn 'e moanne, behalven yn 'e simmermoannen july en augustus; dan wurdt it mar ien kear útbrocht.
Booklist | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | fakblêd, literêr tydskrift | |
frekwinsje | 2x yn 'e moanne | |
bestean | 1905 – no | |
plak haadred. | Chicago (Illinois) | |
útjouwer | American Library Association | |
ISSN | 0006-7385 | |
offisjele webside | ||
www.booklistonline.com |
Skiednis
bewurkje seksjeBooklist waard foar it earst yn jannewaris 1905 publisearre om yn in ferlet ûnder Amerikaanske bibletekarissen te foarsjen oan in keaplist fan nij útbrochte boeken mei koarte beskriuwings derby. Yn 't earstoan telden sokke beskriuwings mar in pear sinnen, mar tsjin 'e 1930-er jierren wiene se útwreide ta resinsjes dy't de oangeande boeken faak djipdollend beskôgen.
Yn oktober 1939, in pear wiken nei't yn Jeropa de Twadde Wrâldoarloch útbrutsen wie, publisearre Booklist in behelpsum artikel mei as titel Boeken foar de 'Lange en Kalme Beskôging': Oer de Krisis, de Eftergrûnen Dêrfan en de Gefolgen foar de Feriene Steaten. Dêrmei woe de haadredakteur bewissigje dat bibleteekbesikers sels middenmank in wrâldbrân harren fragen beäntwurde krije koene.
Sûnt 2006 ferskynt Booklist ek online. Behalven in breed skala oan resinsjes fan nij publisearre wurken fan alderhanne sjenres omfiemet it tydskrift no ek listen fan winners fan literatuerprizen. Teffens is it mooglik om jin op te jaan foar beskate nijsbrieven mei noch djipper geande literêre skôgings dy't net yn it blêd sels publisearre wurde.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |