Precursor (roman)

Precursor is it fjirde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Foarrinner". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Precursor ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 1999, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Stephen Youll. Precursor wie, krektlyk as trije foargeande dielen yn 'e searje, tige súksesfol.

Precursor
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 1999, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Foreigner-searje
● foarich diel Inheritor
● folgjend diel Defender
kodearring
ISBN 0 88 67 79 103

Precursor spilet goed trije jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. It skip hie dêr in bemanne romtestasjon ferwachte, mar nei't de Phoenix twahûndert jier earder ôfset wie om 'e ferlerne Ierde fan 'e minsken te sykjen, lieten de kolonisten-passazjiers fan it skip, dy't it stasjon yn 'e ôfwêzigens fan it skip geande hâlde moasten, har yn kapsules oan parasjutes ôfsakje nei de griene planeet ûnder harren. Yn twa iuwen tiid hawwe de minsken en de atevi leard hoe't se gearwurkje kinne, en dat dêrby sa min mooglik direkt kontakt tusken yndividuële minsken en atevi plakfine moat, om't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen ta in oarloch tusken harren laat hawwe dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Sûnt dy tiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.

De rebûlje dy't mank sawol de minsken fan 'e eilânkoloanje Mospheira as ûnder de atevi op it fêstelân feroarsake waard troch de weromkear fan 'e Phoenix hat derta laat dat Bren no benammen it atevi-regear fertsjintwurdiget fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje, de atevi-steat dy't nettsjinsteande de (histoaryske) namme njoggentsiende part fan 'e wrâld omfettet. Dochs is er dêrnjonken formeel ek noch altyd yn 'e tsjinst fan it minsklike regear fan Mospheira. Om it lykwicht tusken dy beide machten te bewarjen, hat Bren yn it ferline ferskate dingen yn it foardiel fan 'e atevi dien, dy't syn mei-minsken op Mospheira him net yn tank ôfnommen hawwe. Sadwaande moatte syn mem en it gesin fan syn broer Toby no de klok rûn befeilige wurde.

Precursor iepenet as Bren weromkomt fan in koart famyljebesyk op Mospheira, wêrby't syn mem op 'e nij besocht hat om him wer oan syn eardere ferloofde Barb Letterman te keppeljen, nettsjinsteande it feit dat dy no troud is mei in oare man en nettsjinsteande dat Bren ûnderwilens in relaasje krigen hat mei syn froulike atevi-liifwacht Jago. It romtefeartprogramma fan 'e atevi is no safierhinne dat se mei in romtefear kontakt meitsje kinne mei de Phoenix, en koart foàr Bren syn famyljebesite hiene de kapteins harren fertsjintwurdiger op Mospheira, Yolanda Mercheson, weromroppen nei it skip. Wylst Bren op Mospheira wie, krige er dêr fia-fia te hearren dat no ek Jase Graham, de fertsjintwurdiger fan 'e Phoenix op it fêstelân, dy't diel útmakket fan Bren syn húshâlding, weromroppen wurdt, en dat Tabini foar Jase syn kommende ôfreis it griene ljocht jûn hat. Op 'e weromreis nei Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje, dielt Bren boppedat it fleantúch mei in fjouwerkoppige Mospheiryske delegaasje dy't mei goedkarring fan Tabini ek de reis nei de Phoenix ûndernimme sil. Bren freget him ôf wat de aiji yn fredesnamme besielet.

Yn Shejidan oankommen wachtet Bren in nije ferassing: Tabini ropt him by him en fertelt him tolve oeren yn 't foar dat er besletten hat om Bren ek nei de Phoenix ta te stjoeren, mei as bedoeling om foar him te ûnderhanneljen mei de kapteins fan it romteskip en ta in akkoart te kommen oangeande it opknappen en it runnen fan it âlde romtestasjon. De aiji is wisberet dat de atevi baas yn eigen hûs (d.w.s. yn har eigen sinnestelsel) wurde sille, en hy jout Bren de frije hân om dat foarinoar te meitsjen. Mei Bren geane syn beide pearen liifwachten, Banichi en Jago en Tano en Algini, dy't allegear ta it Slûpmoardnersgilde hearre dat mank de atevi in soarte fan plysjemacht foarmet dy't de oarder hanthavenet. Teffens geane der fjouwer tsjinners mei, wêrûnder Bren syn majordomo, de âlde Narani, en syn kok Bindanda, dy't er te lien hat fan Tatiseigi, de aartskonservative hear fan 'e Atageini-clan, en dy't sûnder mis ek foar syn master spionearret.

It berjocht dat Bren meigiet nei boppen ta komt syn mei-reizgers wol wat oer it mad. Jase Graham, dy't trije jier mank de atevi libbe hat, begrypt it wol. De kapteins fan 'e Phoenix hawwe jierrenlang de minsken fan Mospheira en de atevi oantrune om safolle mooglik hast te meitsjen mei harren romtefeartprogramma, om't se it op harren fiere reis oan 'e stôk krigen hawwe mei in oare soarte bûtenierdske wêzens. No't it earste romtefear ienris operasjoneel is, hawwe se sûnder oerlis harren beide fertsjintwurdigers op 'e planeet weromlutsen, wêrmei't se harren politike dominânsje oer de beide ierdske regearings dúdlik meitsje lykje te wollen. It is gjin snoade set om sokke politike maneuvels mei atevi út te heljen: se easken lju werom fan 'e planeet, en no hat Tabini se der noch wat ekstra lju op ta jûn. De Mospheiryske delegaasje is in stik mear ûntrêstige oer de gong fan saken. De beide liedende figueren binne doktor Ginny Kroger, fan it Ministearje fan Wittenskip, en Tom Lund, fan it Ministearje fan Hannel, dy't ûnderstipe wurde troch twa meiwurkers fan it Ministearje fan Bûtenlânske Saken, Kate Shugart en Ben Feldman. Bren fermoedet dat teminsten Kroger, en mooglik Lund ek, in fertsjintwurdiger is fan 'e âlde Feriening foar Minsklik Erfskip, in anty-atevi beweging dy't oant twa en in heal jier lyn it regear fan Mospheira behearske, mar nei in mislearre gearspanning mei atevi-rebellen (sjoch: Inheritor) troch it Mospheiryske elektoraat oan 'e kant set binne. As dat sa is, dan kin dat noch grutte swierrichheden opsmite.

Arrivearre yn it lytse diel fan it romtestasjon dat troch de bemanning fan 'e Phoenix operasjoneel makke is, hat Bren yn 't earstoan wol wurk mei it glêdstriken fan 'e argewaasje fan 'e kapteins fanwegen syn eigen ûnoankundige oankomst, en om gaadlike libbensromte foar syn delegaasje te bemachtigjen. Al rillegau wit er lykwols by in moeting mei de earste en twadde kaptein, Stani Ramirez en Jules Ogun, ta in prinsipe-akkoart te kommen. De atevi sille it stasjon opknappe en it bestjoer derfan oernimme, en ek de Phoenix reparearje (ynsafier't dat nedich is) en fan branje foarsjen. Ramirez wol ek dat de atevi in twadde romteskip bouwe, en ek dêroer wurde se it iens. Neitiid siket Bren kontakt mei de Mospheiryske delegaasje, dêr't er mei ûnderhannelet oer de ynfolling fan 'e Mospheiryske bydrage. Bren wol Mospheira alle kommersjele aktiviteiten op it stasjon taskowe, dêr't minsken mear op talein binne, wylst er de yndustry en mynbou foar de atevi reservearret, mei't dy dêr better yn binne. Kroger en Lund blike yndie beide fan 'e Erfskipspartij te wêzen, mar fan 'e romtefeartfleugel binnen dy beweging, dy't nea efter de radikalere aksjes stien hat dy't de lieders yn it ferline ûndernommen hawwe. Mei Lund slút Bren in oerienkomst oer de kommersjele aktiviteiten, en mei Kroger, dy't in ekspêr op it mêd fan robotika blykt te wêzen, komt er oerien dat atevi en minsken datoangeande gearwurkje sille by û.m. mynbou. Yn in pear dagen tiid liket Bren alles al berikt te hawwen wat er berikke woe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dat liket te moai foar wurden, en dat is it ek. Wylst Bren neitiid ôflaat wurdt troch privee-omstannichheden (Barb Letterman hat in ûngemak hân en leit yn it sikehûs, en syn broer Toby makket in houlikskrisis troch) wurdt de moeting mei de kapteins om it prinsipe-akkoart te bekrêftigjen hieltyd fierder foarútskood. Bren begjint te fermoedzjen dat Ramirez en Ogun it ferset ûnder harren mei-kapteins tsjin in oerienkomst mei de atevi ûnderskat hawwe. Fan Jase wit Bren dat benammen de fjirde kaptein, Pratap Tamun, fûleindich tsjin omgong mei de atevi is. Nei't op in jûn in kertier lang de stroom útfallen is, merkt Algini, dy't talein is op ôflústerapparatuer, strukturele ferskillen op yn 'e gong fan saken yn it stasjon. Jase Graham is net te berikken, en ek de kapteins jouwe no gjin thús. Bren kriget gjin e-mail mear fan 'e planeet en de mûnlinge kommunikaasje mei it planeetoerflak wurdt steurd. Nei ferrin fan tiid berikt Bren it geroft dat Tamun in gryp nei de macht dien hat. Ramirez is òf ferwûne òf dea.

Op 'e dei dat it romtefear weromkeare sil nei Ierde, fyftjin dagen nei't Bren-en-dy yn it stasjon arrivearre binne, stiet Bren ree om nei de planeet ta, as er in berjocht fan Jase kriget. It docht bliken dat Tamun besocht hat Ramirez dea te sjitten, mar dat de swierferwûne Ramirez mei Jase syn help ûntkommen is en him no beskûl hâldt yn 'e krûpromten fan it stasjon. Dêrop beslút Bren te bliuwen, sadat er besykje kin om Jase te helpen. Hy stjoert Kandana, ien fan syn tsjinstfeinten, mei it romtefear om Tabini yn te ljochtsjen oer de gong fan saken, en ek Tom Lund reizget ôf, mar Kroger en de oare beide leden fan 'e Mospheiryske delegaasje bliuwe. Under de tritich dagen duorjende perioade dat it romtefear op 'e planeet neisjoen en taret wurde moat op in nije flecht, fiere Bren-en-dy yn it stasjon in soarte fan kâlde oarloch mei Tamun en syn oanhingers. Se befoarriedzje Jase en guon oare bemanningsleden dy't Ramirez ferburgen hâlde, en Bren bringt persoanlik in geroft yn omrin ûnder de bemanning fan 'e Phoenix dat Ramirez noch libbet en dat er delsketten is troch Tamun. Uteinlik wit Bren ta in oerienkomst mei de kapteins te kommen wêrby't alle eardere ôfspraken mei Ramirez neikommen wurde. Bren fermoedet dat it Ogun slagge is om Tamun dy ôfspraken troch de kiel te ramen om't Kroger wegere hat en iepenje aparte ûnderhannelings mei de kapteins.

As Bren nei tritich dagen nei it oanlisplak fan it romtefear ta giet om te soargjen dat der net knoeid wurdt mei de nije itensfoarrieden dy't er ferwachtet, wurdt er rare kjel as blykt dat Tabini de ynset ferhege hat troch tritich leden fan it Slûpmoardnersgilde te stjoeren, ûnder lieding fan syn âlde beppe, de net stikken te krijen aiji-dûairiêre Ilisidi. It wurdt dúdlik dat Tabini de triuw, dy't de kapteins útdield hawwe, beäntwurde hat mei triuw werom. De sitewaasje wurdt noch mear prekêr as Ilisidi Bren fertelt dat hear Geigi, de progressive atevi-aristokraat dy't it tafersjoch oer it romtefeartprogramma fan 'e atevi hat, yn it romtefear wachtet mei nochris fyftich leden fan it Slûpmoardnersgilde. Sy sille dêr bliuwe oant se oan board fan it stasjon nûge wurde, of oant se oer in pear oeren net mear yn it no fluch ôfkuoljende romtefear bliuwe kinne. Dan sille se it stasjon wapenderhân ynnimme. Bren hat sadwaande fjouwer oeren om 'e krisis op te lossen.

Bren, Banichi en Jago spoare kaptein Ogun op, dy't him mei syn fertroulingen yn 'e riedskeamer barrikadearre hat. Bren fermoedet dat Ogun wit dat Tamun losslein is en dat hysels de folgjende wêze sil dy't út 'e wei romme wurdt. Hy besiket Ogun derfan te oertsjûgjen om mei te kommen nei it diel fan it stasjon dat de atevi yn 'e hannen hawwe, dêr't er mei de aiji-dûairiêre prate kin, mar Ogun wegeret dat. Wol wurdt Bren gewaar dat Ogun Ramirez stypje sil, mocht dy wer boppe wetter komme. Op 'e weromweis nei har eigen ferbliuw wurde Bren-en-dy oanfallen troch oanhingers fan Tamun. Se witte te ûntkommen en sykje beskûl by Kroger en de Mospheiryske delegaasje. Dêr blike Jase en Ramirez op dat stuit ek te wêzen, en de ferwûne kaptein sprekt in boadskip oan 'e bemanning fan 'e Phoenix yn op in opname-apparaat fan Jago. Bren wit fia it kommunikaasjesysteem fan it stasjon yn kontakt te kommen mei Josefa Sabin, de trêde kaptein, dy't oant dan ta frijwol ûntsichtber west hat. Hja blykt har ferskânze te hawwen op 'e Phoenix, en Bren bepraat har om Ramirez syn boadskip oer alle kommunikaasjekanalen ôf te spyljen.

Hy beseft dan dat it dêrtroch nei alle gedachten Tamun syn prioriteit wurdt om 'e Phoenix yn 'e hannen te krijen, en sadwaande bejout er him mei Jase, Banichi en Jago, en mei Cenedi, it haad fan 'e liifwacht fan 'e aiji-dûairiêre en in flink tal fan dy syn ûnderhearrigen nei it oanlisplak fan it stasjon, dêr't behalven it romtefear ek de tagong ta de Phoenix is. Bren-en-dy arrivearje dêr frijwol tagelyk mei Tamun en syn fertroulingen, en der folget in fjoergefjocht wêrby't Bren persoanlik, mei syn pistoal dat er as de paidhi eins net heart te hawwen, in man delsjit dy't Jago ûnder fjoer nimme wol. Neitiid docht bliken dat Bren dêrmei Tamun sels útskeakele hat. De oankomst fan hear Geigi en dy syn mannen út it romtefear makket dat Tamun syn mannen de striid opjouwe. Ramirez sil sadree't er fan syn ferwûnings bekommen is, op 'e nij earste kaptein wurde. Sa lang sille Ogun en Sabin it spul waarnimme, mei Jase Graham as ynterim-kaptein yn 'e fjirde sit. Mei harren kordate optreden hawwe Bren en Ilisidi grutte yndruk makke op 'e skipsbemanning. Benammen de aiji-dûairiêre, dy't mank de atevi respektearre mar freze wurdt, hat harsels dêrmei iroanysk genôch ûnder in minsklike populaasje tige populêr makke en komt op it skip bekend te stean as "Beppe ’Sidi".

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Foreigner-searje
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence