Engaging the Enemy

Engaging the Enemy is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Elizabeth Moon. De titel betsjut: "De Striid mei de Fijân Oangean". It boek spilet yn 'e fiere takomst, as de minskheid him nei de stjerren ta ferspraat hat, en fertelt it ferhaal fan Ky Vatta, in telch út in foaroansteande famylje fan keapfarders yn 'e romte, en har aventoeren as har famylje it doelwyt wurdt fan ûnmeilydsume oanfallen troch piraten. Engaging the Enemy is it trêde diel fan 'e Vatta's War-searje (dy't út fiif dielen bestiet), en is as sadanich it ferfolch op Moving Target. Engaging the Enemy waard yn 2006 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Del Rey Books en it Londenske Orbit Books.

Engaging the Enemy
algemiene gegevens
auteur Elizabeth Moon
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2006, New York/Londen
oarspr. útjwr. Del Rey / Orbit Books
rige
rige Vatta's War
● foarich diel Moving Target
● folgjend diel Command Decision
kodearring
ISBN 0 34 54 47 565

Wat foarôf gie

bewurkje seksje

Ky Vatta is in telch út 'e Vatta-famylje fan 'e planeet Slotter Key, bekend fan harren bedriuw Vatta Enterprises, in grutte ynterstellêre ferfiersûndernimming. As aparteling binnen de famylje hie se in militêre oplieding folge oan 'e militêre akademy fan Slotter Key, ear't se troch omstannichheden dochs by it famyljebedriuw kaam. Grut wie har ferheardens doe't se it slachtoffer waard fan ferskate (mislearre) moardoanslaggen. Letter ûntdiek se dat Vatta Enterprises en de Vatta-famylje oeral it doelwyt wurden wiene fan lyksoartige oanfallen, wêrby't har âlden, har bruorren en in grut part fan 'e rest fan har famylje omkommen wie.

Dêrfoar bliek in grut ferbûn fan piraten ferantwurdlik te wêzen, wêrfan't de leden út lieken te wêzen op 'e oerhearsking fan 'e hiele troch minsken kolonisearre romte. Dat woene se berikke troch it behearskjen fan 'e ynterstellêre hannel en kommunikaasje. Om in ôfskrikwekjend foarbyld foar de oare keapfarders te stellen oer wat der barre koe as dy it tsjin 'e piraten yn 'e kant setten, wie Vatta Enterprises útkeazen. Dat wie dien op oanstean fan 'e piraat Osman Vatta, it swarte skiep fan 'e Vatta's, dy't jierren lyn troch Ky har heit en omke út 'e famylje set wie en dêrfoar op wraak sinde.

Om 'e ynterstellêre kommunikaasje yn 'e hannen te krijen moasten de piraten fierders ek de ûndernimming InterStellar Communications (ISC), dat dêr it monopoalje op hie, op 'e knibbels krije. Sadwaande waard de ynfrastruktuer fan ISC ek doelwyt fan harren oanfallen, wat Ky in bûnsgenoat opsmiet: Rafe Dunbarger, de as klandestyn agint foar ISC operearjende soan fan 'e algemien direkteur fan dat bedriuw. Doe't Ky har âlde keapfardijskip de Gary Tobai troch Osman Vatta sels oanfallen waard, wist Ky troch har eigen fernimstigens en de help fan Rafe en har bemanning Osman syn skip, de Fair Kaleen, bûten gefjocht te stellen, wêrnei't se yn in man-tsjin-mangefjocht Osman sels deade.

Ky har thúsplaneet Slotter Key beskikt oer in romtemarine om it eigen planetestelsel te ferdigenjen, mar foar militêre operaasjes dêrbûten makket Slotter Key gebrûk fan kapers: partikuliere romteskippen dy't har ûnderskiede fan piraten trochdat de kaptein bejeftige is mei in kaperbrief, in offisjeel dokumint dêr't yn stiet dat hy en syn skip yn opdracht fan it regear fan Slotter Key wurkje. Ky is sels, troch tadwaan fan Anders MacRobert, har âlde sersjant-ynstrukteur oan 'e Militêre Akademy, ek bejeftige mei sa'n kaperbrief. Dat stelt har by steat om beslach te lizzen op 'e Fair Kaleen, Osman Vatta syn skip, as rjochtlik wûne oarlochsbút. Hoewol't de Fair Kaleen krekt as de Gary Tobai in keapfarder is en gjin oarlochsskip, hat Osman it skip troch de jierren hinne bewapene mei ferskate lasers en geskutsbatterijen. Ek is it in folle flugger en kearberder skip as de âlde, logge Gary Tobai. Ky nimt de Fair Kaleen dêrom foar harsels yn besit, en makket har nicht Stella kaptein fan 'e Gary Tobai.

As de skippen lykwols by de planeet Garth-Lindheimer arrivearje, wurdt Ky har rjocht om 'e Fair Kaleen te hâlden troch de pleatslike autoriteiten yn 'e kiif steld. Se wegeret en wurkje mei oan in rjochterlike útspraak yn dizze kwestje, mei as gefolch dat se net ta it romtestasjon talitten wurdt en daliks ôfsette moat nei it oanbuorjende planetestelsel Rosvirein. Stella bliuwt efter mei de Gary Tobai, dy't net fierder kin sûnder nije foarrieden yn te slaan, en se is lulk op Ky dat dy har yn dizze posysje pleatst hat. Stella is sels folslein ûnbekwaam as kaptein en hat op 'e reis nei Garth-Lindheimer stipe op 'e kennis fan har krappe bemanning (Ky hat de rest meinommen nei de Fair Kaleen). Sadwaande moat Stella te Garth-Lindheimer earste in gaadlike kaptein en bemanning sykje. De kaptein fynt se yn 'e persoan fan Balthasar Orem, en nei't de bemanning oanfolle en it skip reparearre is, folget se Ky nei Rosvirein.

Dêr hat Ky ûnderwilens genôch fan Osman syn piratebút trochferkocht om foar de reparaasjes oan 'e Fair Kaleen te beteljen. Ek hat se har eigen minimale bemanning oanfolle, mei as earste stjoerman de feteraan Hugh Pritang, en as betsjinners fan har geskut û.m. in famyljegroep fan eardere hierlingen ûnder lieding fan 'e kapabele Jon Gannett. Fierders hat yn 'e tuskentiid besletten dat de piraten dy't ferantwurdlik binne foar de dea fan har famylje, útskeakele wurde moatte, en net inkeld út wraak, al spilet dat ek in rol. De piraten hawwe nammentlik yn in soad planetestelsels de ansibles, de apparaten fan ISC dy't ynterstellêre kommunikaasje mooglik meitsje, sabotearre, mei as gefolch dat de ynterstellêre hannel fierhinne stil kommen is te lizzen. As de piraten in wraam op 'e ansible fan Rosvirein dogge, oarderet de marine fan Rosvirein alle neutrale skippen om út te wiken út it planetestelsel. Sadwaande set Ky ôf ear't Stella arrivearre is. As Stella dat ûntdekt, wurdt se noch lulker.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Sallyon, Ky har folgjende haven, heart se dat de piraten, dy't nei't it skynt ûnder lieding fan in Gammis Turek steane, it oanbuorjende planetestelsel, Bissonet, oanfallen hawwe, it regear ûnder fuotten helle hawwe, en dêr no in wier skrikbewâld fiere. Dêrop siket Ky kontakt mei oare kapers, wêrûnder in kaptein N.W. Argelos út Slotter Key, mei as bedoeling om in ferbûn te sluten sadat se in fûst meitsje kinne tsjin 'e goed organisearre piraten. It regear fan Sallyon ynterpretearret har krewearjen lykwols as it meitsjen fan rebûlje en twingt har om it planetestelsel te ferlitten, op 'e nij ear't de Gary Tobai der arrivearre is.

Underwilens is op Ky har thúsplaneet Slotter Key it bewâld oer Vatta Enterprises yn 'e hannen kommen fan har âldmuoike Grace Lane Vatta, in âldminske dat earder troch nimmen serieus nommen waard. Dat muoike Grace yn har jonkheid in kommando wie dy't yn 'e boargeroarloch as spionne en saboteur efter de linys fan 'e fijân operearre, wit hast nimmen mear, likemin as dat se letter inkele jierren yn in psychiatryske ynrjochting sitten hat. Grace konkludearret dat de oanfallen op it haadkertier fan Vatta Enterprises en op 'e wente fan Ky har âlden op it eilân Corleigh, dêr't sa'n soad wurknimmers en leden fan 'e famylje by omkommen binne, net útfierd wurde kinne hiene sûnder de meiwurking fan guon lju op hege posten yn 'e striidkrêften en it regear fan Slotter Key. Dêrom set se útein mei in geheime kampanje om 'e ferantwurdliken, wêrûnder de presidint, it libben soer te meitsjen.

Wylst se dêr mei dwaande is, wurdt der kontakt mei har socht troch Anders MacRobert, Ky har âlde sersjant-ynstrukteur oan 'e Militêre Akademy, dy't foar de militêre ynljochtingetsjinst fan Slotter Key blykt te wurkjen. Yn guon fermiddens fan 'e striidkrêften fan Slotter Key is men ek tige ûntrêstge en yn ferlegenheid brocht troch de oanfallen op Vatta en yn it djipste geheim is men dwaande de saak te ûndersykjen en maatregels te nimmen. Grace en MacRobert hawwe ferskate klandestine moetings yn 'e neite fan in fakânsjehûs yn 'e heuvels dêr't Grace mei Stella har mem en de beide wezen fan Stella har fermoarde suster Jo ferbliuwt. As nei ferrin fan tiid war dien wurdt om Grace mei grou geweld út 'e wei te romjen, wêrby't se swierferwûne rekket om't se de bern rêde moat, komt MacRobert har te help.

Fan har siikbêd ôf hâldt Grace neitiid oan om 'e skuldigen op 'e hûd te sitten, oant se harren sa senuweftich makke hat dat se op troch har ôflústere tillefoans de saak beprate. Grace is fan doel om 'e belêstjende gegevens iepenbier te meitsjen, mar MacRobert bepraat har om it fierder oan 'e militêre ynljochtingetsjinst oer te litten. Koarte tiid letter komt de wierheid oer de oanfallen op Vatta nei bûten ta, wêrnei't in ferrassend grut tal funksjonarissen yn sawol de kriichsmacht as it regear beslút ôf te treden. De presidint docht selsmoard ear't er foar it gerjocht brocht wurde kin.

Ky is ûnderwilens oankommen yn 'e strang formele Moscoe Konfederaasje, dêr't op grouwe ûnhoflikheid de deastraf stiet. Op oare mêden is men dêr lykwols folle minder strang, en net ien hat der muoite mei dat Ky de Fair Kaleen as oarlochsbút claimt, noch dat se it skip omneame wol, om't de Fair Kaleen yn in protte planetestelsels troch Osman syn piraterij op in minne namme leit. It skip komt no de Vanguard ("Foarhoede") te hjitten. Ky wachtet by Cascadia, ien fan 'e trije bewenne planeten fan 'e Moscoe Konfederaasje, op Stella mei de Gary Tobai, mar ear't dy arrivearret, dûkt in oar skip fan Vatta Enterprises op, de Katrine Lamont, fan kaptein Josiah Furman. Op dy syn skip hat Ky as trettjinjierrige har earste reis as bemanningslid makke, en dêr hat se gjin goede oantinkens oan. Sy en Furman koene beslist net mei-inoar, en in healjier lyn hawwe se nochris in flinke oanfarring hân yn Sabine, dêr't Furman troch Ky har heit hinne stjoerd wie om Ky te helpen. Ynstee woed er har har skip ôfpakke, snaude er har út as wie se in snotnoas en woed er har mei de sturt tusken de poaten nei hûs ta stjoere.

Op Cascadia hâldt Furman no ynienen út dat Ky net de wiere Kylara Vatta is, mar dat se in dochter fan Osman Vatta wêze moat dy't har foardocht as Ky, om't hy wit dat Ky omkommen is by de oanfallen op Vatta Enterprises. Dy bewearing smyt in protte swierrichheden op foar Ky, mei't dat net kontrolearre wurde kin om't de ansibles it net dogge. De Cascadiaanske autoriteiten sette har dêrom, hiel hoflik, fêst op har eigen skip. As Stella by de Moscoe Konfederaasje arrivearret is se skokt as se Furman syn oantigings heart, mar se is ek noch altyd lulk op Ky. Wylst de trage Gary Tobai stadich troch it planetestelsel nei Cascadia fart, fine Ky en Stella los faninoar bewiismateriaal dat Furman al jierrenlang temûk gearwurke hat mei Osman. By de behanneling fan 'e rjochtsaak oangeande Ky har identiteit bewiist genetysk materiaal fan Osman dat Ky net nau oan him besibbe is... mar dat Stella krekt àl syn dochter is. It docht bliken dat Ky har heit en omke wisten dat Osman lofts en rjochts oerwûne bern efterliet, en dat se war diene om dy bern, dy't ommers leden fan 'e Vatta-famylje wiene, te finen en troch oare leden fan 'e famylje adoptearje te litten. Stella (dy't dêr neat fan ôfwist) wie ien fan dy bern, adoptearre troch Ky har omke Stavros sels.

De Cascadiaanske rjochter oardielet dat der gjin bewiis is dat Ky har identiteit ferfalske hat, en dat it ûnferwachtse nijs oer Stella har komôf foar de rjochtsaak fierders totaal yrrelevant is. Furman ûntstekt dan yn grutte razernij en mislediget net inkeld Ky, mar ek de rjochter, wêrmei't er syn glêzen wolfergoed yngoaid. Sok gedrach wurdt nammentlik yn 'e Moscoe Konfederaasje net dulde. Furman wurdt dan ek daliks arrestearre foar it útbringen fan swiere misledigings, dêr't er de deastraf foar kriget. Ky kin dan sûnder folle fierdere swierrichheden ek de Katrine Lamont yn besit nimme, dy't se neitiid oerdraacht oan Stella. As dy wer wat bekommen is fan 'e klap dat har âlden har biologyske âlden net wiene, beslút dy nammentlik om fan Cascadia ôf Vatta Enterprises wer op te bouwen. Ky lit dat oan har oer en leit har der sels op ta om har dream fan in ferbûn fan kapers ta wurklikheid te meitsjen en mei de piraten ôf te weven.

Mei Argelos, dy't har efterneireizge is nei de Moscoe Konfederaasje, jout Ky har by in groepke fan yn totaal sân skippen dat gearbrocht is troch Petrea Andreson, in kaper út it troch de piraten besette Bissonet. Hoewol't Ky tinkt dat sysels, mei har oplieding oan 'e militêre akademy, better ûnderlein is om 'e float te lieden, jout se har del ûnder it liederskip fan 'e tritich jier âldere Andreson. As se oefenings hâlde, docht lykwols al rillegau bliken dat dat in flater is. Andreson hat gjin liederskapasiteiten en snapt neat fan maneuvers mei mear as ien skip. Om it noch minder te meitsjen komt ien fan 'e sân skippen, fan in kaptein Ernst Muirtagh, nea opdaagjen op it plak dêr't de oefenings holden wurde, en Ky fermoedet dat Muirtagh ûnder ien tekken skûle mei de piraten, wat betsjutte soe dat dy no alle geheimen fan Ky har groep witte. Har frees wurdt wier as de seis oerbleaune skippen ûnferwachts oanfallen wurde troch de piraten. Trije kaperskippen, wêrûnder Andreson harres, wurde ferneatige, mar Ky wit har eigen Vanguard, Argelos syn Sharra's Gift en de Bassoon fan Dan Pettigrew út 'e fal te lieden en te ûntsnappen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Moon, Elizabeth, Engaging the Enemy, New York/Londen, 2006 (Del Rey Books/Orbit Books), ISBN 0 34 54 47 565.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Vatta's War
Trading in Danger • Moving Target • Engaging the Enemy • Command Decision • Victory Conditions
Vatta's Peace
Cold Welcome • Into the Fire