In ansible (útspr.: ['ænsɨbəl], likernôch: "ensubbul") is in fiktyf stik technology dat faak foarkomt yn boeken en films dy't ta it sjenre fan 'e science fiction hearre. It makket direkte of flugger-as-ljocht-kommunikaasje mooglik, en kin sûnder neamensweardige tuskenlizzende tiidromte berjochten ûntfange fan en ferstjoere nei in soartgelikens apparaat oer lykfol hokker ôfstân, al bedraacht dy ek hûnderten of sels tûzenen ljochtjierren.

De term waard yn 1966 foar it earst brûkt troch de Amerikaanske skriuwster Ursula K. Le Guin, yn har science fiction-roman Rocannon's World. It is in gearlûking fan it Ingelske wurd answerable, dat "beäntwurdber" betsjut, mei't it apparaat de brûkers by steat steld om binnen in reedlike tiid antwurden te krijen op harren boadskippen, sels as sawol boadskip as antwurd ynterstellêre ôfstannen ôflizze moatte. Yn it boek The Dispossessed, út 1974, ek fan Le Guin, wurdt ferteld oer de útfining fan 'e ansible. It idee efter de ansible en de namme fan it apparaat binne sûnt liend troch in protte oare science fiction-skriuwers, wêrûnder Orson Scott Card, Elizabeth Moon en Kim Stanley Robinson.

Yn 'e reäliteit is der op dit stuit sels gjin teoretyske manear om in ansible te bouwen, mar de hjoeddeistige kennis fan 'e natuerkunde slút de mooglikheid fan sa'n apparaat ek net alhiel út. Neffens de spesjale relativiteitsteory soe sa'n masine dan lykwols yn 'e praktyk berjochten fan 'e takomst nei it ferline ferstjoere, wat foar swierrichheden soargje kin yn 'e wet fan oarsaak en gefolch. Dêrom binne saakkundigen fan betinken dat it prinsipe fan 'e ansible úteinlik ûnmooglik blike sil.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.