Into the Fire (roman fan Elizabeth Moon)

Into the Fire is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Elizabeth Moon. De titel betsjut letterlik: "Yn it Fjoer" of "It Fjoer Yn", mar it is de twadde helte fan it Ingelske sprekwurd out of the frying-pan into the fire ("fan 'e bakpanne yn it fjoer"), dat itselde betsjut as "fan 'e wâl yn 'e sleat" of "fan 'e rein yn 'e drip". As titel kin Into the Fire sadwaande better oerset wurde as "Yn 'e Drip". It boek spilet yn 'e fiere takomst, as de minskheid him nei de stjerren ta ferspraat hat, en fertelt it ferhaal fan Ky Vatta, in telch út in foaroansteande famylje fan keapfarders yn 'e romte, dy't it brocht hat ta admiraal fan in ynterstellêre marine. Into the Fire is it twadde diel fan 'e Vatta's Peace-searje, dy't in fuortsetting is fan Moon har eardere Vatta's War-rige, en is it direkte ferfolch op 'e roman Cold Welcome. Into the Fire waard yn 2018 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Del Rey Books.

Cold Welcome
algemiene gegevens
auteur Elizabeth Moon
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2018, New York
oarspr. útjwr. Del Rey Books
rige
rige Vatta's Peace
● foarich diel Cold Welcome
● folgjend diel <titel noch ûnbekend>
kodearring
ISBN 978-1 10 18 87 349

Wat foarôf gie

bewurkje seksje

Doe't admiraal Kylara Vatta ("Ky" foar har freonen) in healjier lyn foar it earst yn jierren op har thúsplaneet Slotter Key weromkearde, stoarte it romtefear dat har nei it planeetoerflak ferfierde troch sabotaazje del yn 'e Súdlike Iissee. Ky en de oare oerlibbenen wisten de kust fan it ûnbewenne kontinint Mixland te berikken, dêr't se op 'e skoalle oer leard hiene dat dêr de terrafoarming mislearre wie. It hie yn prinsipe in grutte keale rots wêze moatten. Doe't se dêr arrivearren, die lykwols bliken dat der planten en bisten by 't folop wiene, en boppedat in geheime legerbasis. Dejingen dy't de wierheid oer Mixland al iuwenlang geheim holden om it kontinint sels eksploitearje te kinnen foar mynbou en oare lukrative aktiviteiten (deselden dy't ek efter de sabotaazje op it romtefear sieten), wiene wisberet om Ky en de oare ûnwinske tsjûgen út 'e wei te romjen. Troch yngripen fan Ky har ferloofde Rafe Dunbarger en har muoike Grace Vatta, de minister fan Definsje fan Slotter Key, slagge it Ky en de oare santjin oerlibbenen om út Mixland te ûntkommen.

Into the Fire iepenet seis wiken letter, as Ky en Rafe nei Port Major, de haadstêd fan Slotter Key, weromkeare nei't se in skoft bekommen binne op it tropyske eilân Corleigh, dêr't Ky opgroeid is. Dêr hat se trouwens ûnderwilens noch mear as genôch te dwaan hân yn it ramt fan 'e ôfdracht fan har oandielen yn it famyljebedriuw Vatta Enterprises oan har nicht Stella, wat oarspronklik de reden wie foar har weromkear nei Slotter Key. Al rillegau nei oankomst yn Port Major kriget Ky lykwols in pear tebeksetters te ferwurkjen.

It docht nammentlik bliken dat de Romte Ferdigenings Macht har as kommandant en admiraal ferfongen hat om't se deawaand waard, en dat is in ûntwikkeling dy't net mear weromdraaid wurde kin. Mei oare wurden: Ky is har baan kwyt. Om it noch slimmer te meitsjen binne har bankrekkens blokkearre troch it regear fan 'e Moscoe Konfederaasje (dêr't it haadkertier fan 'e Romte Ferdigenings Macht fêstige is) fanwegen de as fertocht beskôge rol fan Ky by de dea fan har adjudante Jen Bentik (sjoch: Cold Welcome), dy't in boarger fan 'e Moscoe Konfederaasje wie. Fierders is der op Slotter Key ûnder Ky har ôfwêzichheid in nije wet ynfierd dêr't boargers fan 'e planeet harren nasjonaliteit ûntnimt as se ferskate jierren gjin gebrûk meitsje fan beskate rjochten lykas it kiesrjocht, it rjocht fan domisylje, ensfh. Dêrtroch is Ky, dy't de lêste jierren yn 'e Moscoe Konfederaasje taholden hat, de nasjonaliteit fan Slotter Key kwytrekke, en om't se nea in oare nasjonaliteit oannommen hat, blykt se no steateleas te wêzen. Tagelyk dêrmei komt ek oan it ljocht dat har ferloofde Rafe Dunbarger en dy syn assistint Edvard Teague harren fisa ferlinge moatten hiene, wat se troch alle omballingen net dien hawwe, sadat se no yllegaal op Slotter Key ferbliuwe, krekt as Ky sels. De trije wurde hjitfolge troch de ymmigraasjetsjinst fan Slotter Key, ferskânzje har yn 'e swier befeilige Vatta-wente yn Port Major en krije fan 'e abbekaten fan Vatta Enterprises it driuwende advys om fral net iepen te dwaan.

Ky har eigen swierrichheden falle lykwols yn it neat njonken it ferhaal dat de ûntsnapte korporaals Benazir Inyatta, Allie Barash en Durga Kamat dogge as hja by de Vatta-wente arrivearje. Dat binne trije fan 'e oare santjin oerlibbenen fan it delstoarten fan it romtefear en de oerwintering op Mixland. Nei't se fan it kontinint rêden waarden, wie Ky mei in fleantúch fan Vatta Enterprises nei Corleigh brocht, wylst de oaren, dy't allegear militêren fan Slotter Key wiene, oan 'e soargen fan 'e kriichsmacht oerdroegen waarden. Oan Ky, en ek har muoike Grace, de minister fan Definsje, wie ferteld dat de oare oerlibbenen medysk ûndersocht en behannele wiene en dêrnei op ferlof gien wiene om te bekommen yn it selskip fan harren famyljes. Inyatta, Barash en Kamat fertelle lykwols dat se drogearre, keal skeard en op oare manearen fernedere en mishannele waarden. Sûnt de rêding fan Mixland binne se op ferskillende lokaasje finzen holden en kear op kear ûnderfrege. Harren waard ferteld dat se op Mixland in tige besmetlike sykte opdien hiene en dat admiraal Vatta dêr al oan stoarn wie.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dit komt allegear as in grutte skok foar Ky, en net minder foar har muoike Grace, dy't der ek alhiel gjin aan fan hie wat de oare oerlibbenen oandien wie. De gearspanning mank de striidkrêften fan Slotter Key blykt noch sa libben as in hert te wêzen, en as Grace der neifraach nei docht, komt oan it ljocht dat alle bewiismateriaal ferdwûn is dat Ky sa iverich sammele hie (lykas de flechtdatarecorder fan it romtefear, bloedmeunsters fan 'e fergiftige piloaten en it spoare-ûndersyk fan 'e sjitpartij dêr't sersjant Marek en Jen Bentik by omkamen). Hoewol't Ky net yn 'e kriichsmacht fan Slotter Key tsjinnet, en de oare oerlibbenen dus eins net har ûnderhearrigen binne, fielt sy har dochs ferantwurdlik foar harren, en se beslút daliks om de restearjende fjirtjin te rêden út harren finzenskip.

Underwilens wurdt der iverich socht nei de trije ûntsnapte froulju troch de oanhingers fan 'e gearspanning, dy't net inkeld út leden fan 'e striidkrêften fan Slotter Key bestiet, mar ek út 'e polityk ynfloedrike Quindlan-famylje en it misdiesyndikaat fan 'e famylje Malines. Men risselwearret om 'e oerbleaune fjirtjin finzenen nei ien lokaasje oer te bringen, in soarchynstelling, dêr't se stilwei likwidearre wurde kinne wylst nei bûten ta beard wurde sil dat se beswykt binne oan 'e besmetlike sykte dy't se op Mixland oprûn hawwe. Dêrfoar is it lykwols nedich dat se út militêre tsjinst ûntslein wurde fanwegen sûnensswierrichheden, en dêrfoar moat harren tastân beoardiele wurde troch in militêre kommisje. Yn dy fiifkoppige kommisje wurde de fjouwer kriichsmachtûnderdielen fan Slotter Key (lânmacht, loftmacht, marine en romtemacht) elts fertsjintwurdige troch ien ofsier. It fyfde lid is Sonja Tonaya Morrison, de sersjant-majoar fan 'e hiele kriichsmacht, dy't de soldaten en ûnderofsieren fertsjintwurdiget. Morrison stiet skeptysk foar de ferhalen oer dy't de kommisje te hearren kriget, en fermoedet dat de oerlibbenen fan 'e winter op Mixland net better reägearje om't se drogearre binne. Dat kin se lykwols net bewize, om't se in besmetlike sykte hawwe soene en yn karantêne holden wurde, sadat de kommisje harren inkeld fan efter glês te sjen kriget.

As lykwols sersjant Elena Maria Gossin, mei wa't Morrison yn oplieding west hat, har yn Morsekoade in S.O.S.-sein jout troch mei de eagen te knipperjen, rekket Morrison derfan oertsjûge dat har fermoeden kloppet. Se beseft lykwols dat se no tige hoeden wêze moat, om't wierskynlik ferskate oare leden fan 'e kommisje yn it komplot sitte. Dêrom jout se har wjerstân op tsjin 'e konklúzje dat de oerlibbenen sa siik binne dat se út tsjinst ûntslein wurde moatte en oerdroegen wurde moatte oan in ynstelling dêr't se de rest fan harren libben op kosten fan 'e kriichsmacht fersoarge wurde sille. Werom yn Port Major beslút se, om't se net wit wa't se yn 'e kriichsmacht noch fertrouwe kin, streekrjocht kontakt op te nimmen mei de minister fan Definsje, Grace Vatta. Dy bringt har yn kontakt mei Ky en Rafe, sadat Morrison behelle rekket yn 'e planning foar de befrijing fan 'e finzenen.

Mei help fan har nicht Stella en fan sersjant-majoar Morrison flânzet Ky in heal-klandestine rêdingsoperaasje byinoar dy't bestiet út harsels, Rafe en Teague, Morrison, generaal Molosay (de kommandant fan it militêr haadkertier yn Port Major), in pear ôfdielings kommando's dy't Molosay har taskikt, de nasjonale reserve en ferskate feeboeren yn it gebiet om 'e soarchynstelling hinne. As de finzenen út ferskillende lokaasjes nei de ynstelling ta brocht wurde, blokkearret 'losbrutsen' fee de wei sadat der stilholden wurde moat, wêrnei't de Ky, Rafe en Teague mei de kommando's de drogearre finzenen út 'e militêre ambulânses befrije. As de earste befrijde finzenen mei sersjant-majoar Morrison yn in transportfleantúch fan Vatta Enterprises nei de haadstêd ûnderweis binne, wurde se ûnderskept troch in eskader strieljagers. Harren piloat wurdt oardere te lânjen op in deunbye loftmachtbasis, of oars sil it transportfleantúch delsketten wurden. Dêrby ferriede de strieljagerpiloaten lykwols de namme fan 'e ofsier dy't efter dat befel sit: kolonel Iskin Kvannis, de kommandant fan 'e militêre akademy. Gjin hier op Morrison har holle dy't deroan tinkt om te dwaan wat har sein wurdt, mar foar't de strieljagers harren drigemint útfiere kinne, wurde se sels delsketten troch de laserstrielwapens fan 'e nasjonale reserve.

Tsjin 'e jûn binne alle finzenen befrijd, en hoewol't guon dêrby lichtferwûne rekke binne, hawwe se it allegear oerlibbe. As Ky en har meistanners dan einlings de mooglikheid hawwe om efter Kvannis oan te gean, blykt de fûgel al flein te wêzen. De oare deis wurdt Ky frege, dy't nea oan 'e militêre akademy ôfstudearre is (sjoch: Trading in Danger) om by wize fan interimbeneaming foar Kvannis yn 't plak kommandant fan 'e akademy te wurden. De militêre lieding moat nammentlik halje-trawalje in opfolger beneame en wit net wa't noch te fertrouwen is, behalven Ky, dy't de ôfrûne jierren hielendal net op Slotter Key west hat, en dus net by de gearspanning belutsen wêze kin. Dit hie in triomfantlike weromkear foar har wêze kinnen nei it ynstitút dat har jierren lyn de doar wiisd hat, mar Ky hat dizze post nea ambiëarre en nimt de beneaming no inkeld oan út plichtsbesef. Op 'e akademy fynt se al it bewiismateriaal werom dat sysels de ôfrûne winter by it delstoarten fan it romtefear en it ferbliuw yn 'e geheime militêre basis sammele hie, en dat Kvannis letter blykber efteroer drukt hie. Teffens ûntdekt se ferskate meistanners fan Kvannis-en-dy mank de stêf fan 'e akademy, dy't se oppakke lit.

Kvannis, Michael Quindlan (it haad fan 'e Quindlan-famylje) en harren bûnsgenoaten fiele har no foar it blok set en beslute in revolúsje te prebearjen tsjin it wettich keazen regear fan Slotter Key, in operaasje dêr't se ommers al jierrenlang tariedings foar troffen hawwe. Underwilens wiist generaal Molosay Ky derop dat ien fan har taken as kommandant fan 'e militêre akademy is, om yn gefal fan in oanfal op Port Major mei de kadetten fan 'e akademy de beskerming fan 'e presidint, it regear en it parlemint fan Slotter Key op har te nimmen. Dêrta besteane fjouwerhûndert jier âlde plannen dy't foar it earst opsteld binne yn 'e begjintiid fan 'e kolonisaasje fan Slotter Key, en sûnt mar amper oanpast binne. Ky beseft dat Kvannis, as eardere kommandant fan 'e akademy, dy plannen út en tenei kenne moat. Dêrom beart se foar de bûtenwacht dat se dyselde plannen folget, mei guon foar de hân lizzende ferbetterings, lykas de oanlis fan rinfuorgen yn 'e tunen fan it regearingskompeks. Temûk lit se lykwols it hiele kompleks ûntromje en de presidint en de leden fan it regear en it parlemint ûnderdûke op adressen dy't oer de hiele stêd ferspraat binne.

As de oanfal komt, konsintrearje Kvannis-en-dy harren op 'e ferovering fan it no lege regearingskompleks, dat 'ferdigene' wurdt troch automatisearre batterijen yn 'e rinfuorgen, dy't de opstannelingen oansjogge foar de kadetten fan 'e militêre akademy. Wylst de leechste klasse de gebouwen fan 'e akademy ferdigenet tsjin in healhertige oanfal fan in pear hûndert opstannelingen (benammen mannen fan Quindlan en Malines), beskermje de twadde-klassers de presidint, de ministers en de parlemintsleden, wylst Ky sels mei de beide heechste klassen de militêren fan Kvannis yn 'e beide flanken oanfalt. Nei in nacht fan ferbittere gefjochten krije de loyalisten de oerhân en wurde de opstannelingen ferdreaun of moatte har oerjaan. Kvannis ûntkomt, mar Michael Quindlan wurdt deasketten as er letter eigenhandich in moardoanslach op Grace en Stella Vatta docht.

Al Ky har priveeproblemen binne ûnderwilens oplost: troch it weromfinen fan it bewiismateriaal dat sy net skuldich wie oan 'e dea fan Jen Bentik heft de Moscoe Konfederaasje de blokkade op har bankrekkens op, en troch har rol yn it delslaan fan 'e revolúsje kin se sûnder fierdere swierrichheden de nasjonaliteit fan Slotter Key weromkrije, wylst de fisa fan Rafe en Teague ferlinge wurde. Presidint Hester Saranife freget Ky om har interimbeneaming as kommandant fan 'e militêre akademy om te setten yn in fêste oanstelling, mar dat sjocht Ky net sitten, dat se betanket op hoflike wize foar de ear. Se wol inkeld langernôch oanbliuwe oant der in gaadlike kandidaat fûn is om har op te folgjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Vatta's War
Trading in Danger • Moving Target • Engaging the Enemy • Command Decision • Victory Conditions
Vatta's Peace
Cold Welcome • Into the Fire