Victory Conditions

Victory Conditions is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Elizabeth Moon. De titel lit him net maklik oersette, mar betsjut safolle as: "Betingsten foar de Oerwinning". It boek spilet yn 'e fiere takomst, as de minskheid him nei de stjerren ta ferspraat hat, en fertelt it ferhaal fan Ky Vatta, in telch út in foaroansteande famylje fan keapfarders yn 'e romte, en har aventoeren as har famylje it doelwyt wurdt fan ûnmeilydsume oanfallen troch piraten. Victory Conditions is it lêste diel fan 'e Vatta's War-searje, dy't út fiif dielen bestiet, en is as sadanich it ferfolch op Command Decision. It waard yn 2008 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Del Rey Books en it Londenske Orbit Books. Yn 2017 ferskynde Cold Welcome, it earste diel fan 'e rige Vatta's Peace, wêryn't Moon it ferhaal fan Ky Vatta ferfettet.

Victory Conditions
algemiene gegevens
auteur Elizabeth Moon
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2008, New York/Londen
oarspr. útjwr. Del Rey / Orbit Books
rige
rige Vatta's War
● foarich diel Command Decision
● folgjend diel Cold Welcome
kodearring
ISBN 0 34 54 91 610

Wat foarôf gie bewurkje seksje

Ky Vatta is in telch út 'e Vatta-famylje fan 'e planeet Slotter Key, bekend fan harren bedriuw Vatta Enterprises, in grutte ynterstellêre ferfiersûndernimming. As aparteling binnen de famylje hie se in militêre oplieding folge oan 'e militêre akademy fan Slotter Key, ear't se troch omstannichheden dochs by it famyljebedriuw kaam. Grut wie har ferheardens doe't se it slachtoffer waard fan ferskate (mislearre) moardoanslaggen. Letter ûntdiek se dat Vatta Enterprises en de Vatta-famylje oeral it doelwyt wurden wiene fan lyksoartige oanfallen, wêrby't har âlden, har bruorren en in grut part fan 'e rest fan har famylje omkommen wie.

Dêrfoar bliek in grut ferbûn fan piraten ferantwurdlik te wêzen, wêrfan't de leden út lieken te wêzen op 'e oerhearsking fan 'e hiele troch minsken kolonisearre romte. Dat woene se berikke troch it behearskjen fan 'e ynterstellêre hannel en kommunikaasje. Om in ôfskrikwekjend foarbyld foar de oare keapfarders te stellen oer wat der barre koe as dy it tsjin 'e piraten yn 'e kant setten, wie Vatta Enterprises útkeazen. Dat wie dien op oanstean fan 'e piraat Osman Vatta, it swarte skiep fan 'e Vatta's, dy't jierren lyn troch Ky har heit en omke út 'e famylje set wie en dêrfoar op wraak sinde.

Om 'e ynterstellêre kommunikaasje yn 'e hannen te krijen moasten de piraten fierders ek de ûndernimming InterStellar Communications (ISC), dat dêr it monopoalje op hie, op 'e knibbels krije. Sadwaande waard de ynfrastruktuer fan ISC ek doelwyt fan harren oanfallen, wat Ky in bûnsgenoat opsmiet: Rafe Dunbarger, de as klandestyn agint foar ISC operearjende soan fan 'e algemien direkteur fan dat bedriuw. Dyselde reizge werom nei syn thúswrâld Nexus II, dêr't er ûntdiek dat syn âlden en suster ûntfierd wiene yn opdracht fan Lew Parmina, de twadde man fan ISC, dy't mei de piraten ûnder ien tekken skûle. Rafe wist syn famylje te befrijen en mei Parmina ôf te weven, mar syn heit wie der min oan ta en koe syn âlde funksjes net wer opnimme. Dêrom waard Rafe tsjin wil en tank de algemien direkteur fan ISC makke.

Wylst har nicht Stella de lieding oer de restanten fan Vatta Enterprises oernaam, besocht Ky ûnderwilens in ferbûn fan kapers op te setten, dêr't se de piraten mei ferslaan woe. (Kapers binne partikuliere romteskippen dy't har ûnderskiede fan piraten trochdat de kaptein bejeftige is mei in kaperbrief, in offisjeel dokumint dat steld dat hy en syn skip yn opdracht fan in ynternasjonaal erkend regear hannelje.) Ky wie sels, troch tadwaan fan Anders MacRobert, har âlde sersjant-ynstrukteur oan 'e Militêre Akademy, ek bejeftige mei sa'n kaperbrief. Yn 't earstoan krige se dêrby lykwols in soad tsjinwurking fan regearings dy't har motiven net fertrouden. Op 't lêst stie Ky suver op it punt om in oanbod oan te nimmen fan 'e Mackensee Military Assistance Corporation (MMAC), in renomearre bedriuw dat de tsjinsten fan hierlingen oanbea (en dat ek al ferskate kearen striid levere hie tsjin 'e piraten), om dêr wurknimmer te wurden.

Underwilens wist op Ky har thúsplaneet Slotter Key har âldmuoike Grace Lane Vatta, yn 'e mande mei sersjant MacRobert, dy't foar de militêre ynljochtingetsjinst fan Slotter Key bliek te wurkjen, ôf te weven mei de ferrieders yn it regear fan Slotter Key, wêrûnder de presidint sels. Yn it nije regear waard Grace de minister fan Definsje, en yn dy hoedanichheid oardere se alle kapers dy't ûnder de autoriteit fan Slotter Key operearren, om nei Cascadia yn 'e Moscoe Konfederaasje te gean, dêr't se harsels ûnder it befel fan Ky pleatse moasten. Doe't dat nijs har berikte, betanke Ky de MMAC freonlik foar harren oanbod en sette ôf nei Cascadia.

Ynhâld bewurkje seksje

Op it romtestasjon fan Cascadia, yn 'e Moscoe Konfederaasje, hat Toby Vatta, it geniale jonge famyljelid fan Ky dat ûnder fâdij fan Stella stiet, ferkearing krigen mei in Zori Louarri, dy't op skoalle by him yn 'e klasse sit. As Zori har heit Toby besiket te ûntfieren, docht bliken dat de man in trewant fan piratelieder Gammis Turek is. Troch Toby syn eigen fernimstigens, Stella har rislút hanneljen en it feit dat Zori har tsjin har heit keart en alle war docht om Toby frij te krijen, rint dit ynsidint mei in skamper ôf.

As Ky by Cascadia arrivearret, nimt se dêr it befel op oer de 37 kaperskippen dy't ûnder de flagge fan Slotter Key operearje, wylst ek de Moscoe Konfederaasje in stikmannich skippen bydraacht. Ky hat no in float fan krapoan fyftich romteskippen, al binne de measten dêrfan omboude keapfarders, dy't lang de kapasiteiten net hawwe fan wiere oarlochsskippen. Om't se beseft dat Turek itselde probleem hawwe moat, lit se by grutte skipswerven ynformearje oft immen dêr yn 'e lêste trije jier ek in grut tal oarlochsskippen besteld hat. It docht bliken dat de needlijende skipswerven fan it planetestelsel Moray yndie sa'n opdracht út fertochte hoeke oannommen hawwe, en dat de sechstich bestelde swiere krusers frijwol klear binne. Hoewol't der in oanbetelling dien is foar de bou fan 'e skippen, fermoedet Ky dat Turek se stelle wol as se klear binne; hy is úteinlik in piraat. Sadwaande set Ky sa fluch mooglik mei har nije float ôf nei Moray om Turek foar te wêzen en de oarlochsskippen út syn hannen te hâlden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Ky by Moray oankomt, is dêr al in romteslach oan 'e gong tusken Turek syn piraten en de marine fan Moray. Ky smyt har float yn 'e striid en kin dêrmei Turek ferdriuwe, mar net foar't dy likernôch in trêdepart fan 'e nije skippen wit te stellen, wylst in oar trêdepart yn 'e striid ferneatige wurdt. By de efterfolging fan 'e útnaaiende piraten rint Ky har skip, de Vanguard, op in stikmannich minen dy't troch Turek-en-dy útsmiten binne. It skip ûntploft en de hiele bemanning komt om, útsein Ky sels en dejingen dy't mei har yn it swier bepânsere kommandosintrum sieten, dat yn Cascadia yn it rom fan it skip ynboud wie. Neitiid hat Ky lêst fan psychologyske swierrichheden troch oerlibbingsskuld en dêropta hat se it ferlies fan har famylje nea goed ferwurke. Hja lit har úteinlik beprate om har opnimme te litten yn in medyske klinyk op Moray dy't spesjalisearre is soksoarte gefallen.

Yn 'e likernôch twa wiken dat Ky dêr ûnder behanneling stiet, wurdt it trêdepart fan 'e nije oarlochsskippen dat beholden bleaun is, ôfboud en dêrnei oerdroegen oan Ky har Romte Ferdigenings Macht. As se mentaal oplape út it sikehûs ûntslein wurdt, nimt se ien fan dy skippen sels yn besit, en neamt dat de Vanguard II. De bemanning bestiet út in miks fan lju út Slotter Key, de Moscoe Konfederaasje en Moray. Se beslút it feit dat sysels de ferneatiging fan 'e earst Vanguard oerlibbe hat, geheim te hâlden, om Turek dêrmei te mislieden. Yn 'e tuskentiid hat har âldmuoike Grace it regear fan Slotter Key safier krigen dat dy no ree is om ek de reguliere marine fan Slotter Key út te stjoeren en ûnder Ky har befel te pleatsen.

Underwilens hat Rafe Dunbarger, de algemien direkteur fan ISC, ûntdutsen dat er fereale rekke is op Ky. Dat pleatst him yn in drege posysje, mei't der troch de freonskiplike bannen dy't de ferrieder Lew Parmina mei de Vatta's ûnderhold, yn 'e top fan ISC en yn it regear fan Nexus II, de thúsplaneet fan ISC, in protte wantrouwen tsjin 'e hiele Vatta-famylje bestiet. Dat wie ek de reden dat Nexus en ISC, dat oars tradisjonele bûnsgenoaten fan 'e Moscoe Konfederaasje binne, foarôfgeande oan Ky har ôfreis nei Moray besletten hiene om net gear te wurkjen mei Ky har Romte Ferdigenings Macht. No docht lykwols bliken dat Nexus II, dat troch it haadkantoar fan ISC dêre it mulpunt fan it ynterstellêre kommunikaasjenetwurk is, it folgjende doelwyt fan Turek en syn piraten wêze sil.

Rafe hie nei syn oanstelling as algemien direkteur fan ISC al rillegau ûntdutsen dat de eigen float fan ISC troch gebrek oan ûnderhâld, trening en finansiering eins in papierren tiger wie, dy't inkeld troch in op histoaryske feiten basearre reputaasje fan ûnoerwinlikens oerein holden waard. It regear fan Nexus hie foar de ferdigening fan it eigen planetestelsel altyd fertroud op 'e float fan ISC, en no komt Rafe derefter dat der troch in miks fan korrupsje, ynkompetinsje en ferrie noch altyd gjin stappen ûndernommen binne om dy sitewaasje te korrizjearjen. As gefolch moat er no, nettsjinsteande gebrek oan tiid, materieel en jild, eat betinke om Turek dochs tsjin te hâlden.

As ien fan Ky har kapteins, de ûnferskrokken Teddy Ransome, dy't Turek fan Moray ôf folge is, de basis fan 'e piraten ûntdekt, arrivearret Ky dêr krekt acht oeren te let om Turek yn 'e hoale fan 'e liuw oer it mad te kommen. Ransome hat út 'e kommunikaasje tusken de ûnderskate pirateskippen opmakke dat de piratefloat, dy't ta skrik fan Ky út likernôch trijehûndert skippen bestiet, ôfset is nei Nexus II. Ky set daliks de efterfolging yn. As se by Nexus oankomt, is de striid dêr al yn folle gong. De bêste skippen dy't Rafe byinoar skraabje kinnen hat út 'e floaten fan ISC en Nexus foarmje in lytse mar goed funksjonearjende ferdigeningsmacht, wylst er alle totaal ferâldere skippen sûnder bemanning oan board op ôfstân bestjoere lit, sadat de piraten munysje fergrieme om dy skippen út te skeakeljen.

Ky smyt har float daliks yn 'e striid, mar moat it dêrby opnimme tsjin in oermacht. It tij keart as de troch har âldmuoike Grace stjoerde marine fan Slotter Key arrivearret, koarte tiid letter folge troch in kontingint fan 'e marine fan 'e Moscoe Konfederaasje en in hierlingefloat fan 'e MMAC. In diel fan 'e piraten naait dan út, mar Turek syn skip hat by in heldhaftige oanfal troch de marine fan Nexus skea oan 'e oandriuwing oprûn, en kin net fuortkomme. Syn twadde kar is om him mei syn skip yn 'e planeet Nexus II te boarjen, mar Ky is him te fluch ôf en syn skip wurdt opblaasd troch in kanonnade fan 'e Vanguard II en ferskate oare Alliëarde skippen. As de dea fan Gammis Turek bekend wurdt, slane de piraten oeral op 'e flecht. Mar hoewol't de oerwinning behelle is, hawwe Turek syn dieden foargoed de galaktyske hannel en ynterstellêre diplomatike relaasjes feroare. Victory Conditions einiget as Ky en Rafe einlings en te'n lêsten de gelegenheid krije en jou harren oer oan 'e gefoelens dy't se foarinoar koesterje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Moon, Elizabeth, Victory Conditions, New York/Londen, 2008 (Del Rey Books/Orbit Books), ISBN 0 34 54 91 610.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Vatta's War
Trading in Danger • Moving Target • Engaging the Enemy • Command Decision • Victory Conditions
Vatta's Peace
Cold Welcome • Into the Fire