In pentalogy, fan it Grykske πεντα-, penta- ("fiif"), en -λογία, -logia ("ferhanneling" of "betooch"), is in searje fan fiif wurken op it mêd fan 'e skiene keunsten, dy't mei-inoar ferbûn binne en sjoen wurde kinne as ien inkeld lang wurk of as fiif losse mar nau besibbe wurken. Pentalogyen komme benammen foar yn 'e literatuer, as romansearjes fan fiif boeken. Analooch oan in pentalogy wurdt in searje fan twa wurken wol in duology neamd, ien fan trije wurken in trilogy, ien fan fjouwer wurken in tetralogy, ien fan seis wurken in heksalogy en ien fan sân wurken in heptalogy.

Yn 'e Westerske literatuer is de âldste pentalogy de Torah, besteande út 'e fiif earste boeken fan 'e joadske Bibel: Genesis, Exodus, Leviticus, Numeri en Deuteronomium. De fiiffâldige struktuer komt ek werom yn it wurk fan 'e ferneamde Ingelske toanielskriuwer William Shakespeare, dy't, lykas alle toanielstikken út syn tiid, opdield binne yn fiif bedriuwen.

Foarbylden fan pentalogyen út 'e moderne literatuer binne de Chanur-searje fan C.J. Cherryh (besteande út: The Pride of Chanur, Chanur's Venture, The Kif Strike Back, Chanur's Homecoming en Chanur's Legacy); de Paladin's Legacy-rige fan Elizabeth Moon (besteande út: Oath of Fealty, Kings of the North, Echoes of Betrayal, Limits of Power en Crown of Renewal); de Vatta's War-searje, ek fan Moon (besteande út: Trading in Danger, Moving Target, Engaging the Enemy, Command Decision en Victory Conditions); en de Tales of Einarinn-rige fan Juliet E. McKenna (besteande út: The Thief's Gamble, The Swordsman's Oath, The Gambler's Fortune, The Warrior's Bond en The Assassin's Edge).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.