Oerwûn bern

(Trochferwiisd fan Oerwûne bern)

In oerwûn bern, ûnecht bern of bastert (de term oerwinneling komt ek foar, mar wurdt almeast as skelwurd brûkt) is in bern dat út twa âlden berne is dy't op it stuit fan it oansetten fan dat bern net troud wiene. Yn it ferline wie soks in slimme skande, dy't sokke minsken har hiele libben efterfolgje koe. Sadwaande wie it swier reitsjen fan in frou of famke eartiids faak de reden foar it sluten fan in houlik, wêrmei't de skande behimmele waard. As soks net mooglik wie om't de heit bygelyks fan ruten spile hie, kaam de skande op sawol de mem as it bern te rêsten. Foar de wet koene oerwûne bern letter mei weromwurkjende krêft 'echte' wurde (sels as se tsjin dy tiid al folwoeksen wiene) as de âlden dochs noch trouden. Yn Nederlân is dat no net mear mooglik om't de 'ûnechte status' fan sokke bern sûnt april 1998 foar de wet neat mear bestiet. Dy feroaring is trochfierd om't der yn 'e moderne maatskippij, wêryn't hieltyd mear pearkes gearwenje ynstee fan te trouwen, gjin wearde mear oan it begryp 'oerwûn bern' hechte wurdt.

Bekende oerwûne bern

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes