Rein Strikwerda (Frjentsjer, 3 juny 1930[1] - De Bilt, 23 oktober 2006) wie in Nederlânske ortopedysk sjirurch dy't ynternasjonale bekendheid krige troch it sekuer omskriuwen fan meniskusletsel en de fuotbalknibbel en it behanneljen fan dizze blessueres.

Hy begûn syn súksesfolle karriêre as clubarts fan de fuotbalclub Go Ahead Eagles en wie letter ûnder oare aktyf by FC Utrecht.

Strikwerda hat trije boeken oer sportgenêskunde útbrocht. Ek skreau er jierrenlang kollumns foar it tydskrift "Voetbal International" oer (de gefolgen fan) sportblessueres.

Rein Strikwerda ferstoar op 76-jierrige leeftiid.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.eunen.eu