Cor Nijdam (Haskerdiken, 1918 - It Hearrenfean, 2 novimber 2006) wie 25 jier dirigint fan it Heerenveens Fokaal Ensemble.

Nijdam wie learaar oan de kweekskoalle en direkteur fan de muzykskoalle. Yn 1947 late er it sjongspul Simson fan Fedde Schurer en mear as 25 jier wie er dirigint fan it Wolvegeaster Manljuskoar.

It Fokaal Ensemble waard yn 1965 troch Nijdam opsetten doe't er muzykskoallelearlingen selektearre foar in jeugdkonkoers yn Belgje. Yn Belgje waard fuort de earste priis wûn. It NCRV Vocaal Ensemble en it Nederlânsk Keamerkoar wienen syn grutte foarbylden. It koar bestie earst út fjouwer sopranen, trije alten, twa tenoaren en twa bassen, letter waard it útwreide nei tweintich leden. Nijdam joech in soad omtinken oan de presintaasje. Sa kaam it koar altiten sjongendewei op fan efterút de seal, wylst roazen útdielend oan it publyk. By it konsert stienen de koarleden ek ferspraat oer de seal en it poadium. Yn 1990 waard er troch sykte twongen om te stopjen. Oardel jier letter hâlde it koar op te bestean. Cor Nijdam waard riddere yn de Oarder fan Oranje Nassau en joech ûnder oare in konsert foar de paus.

Bibliografy bewurkje seksje

  • Noten en klanken; zelf vinden en zelf doen: kearn foar in frije leargong yn it pianospul (1953)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: