Nederlânsk Keamerkoar
It Nederlânsk Keamerkoar is in profesjoneel fokaal ensemble dat muzyk út de iere Midsiuwen oant no ta útfierd. It koar repetearret yn Amsterdam.
Skiednis
bewurkje seksjeIt koar waard yn 1937 oprjochte troch Felix de Nobel op oanstean fan de VARA-radio dy't graach de Bach-kantates oer de radio útstjoere woe. Yn 't earstoan hjitte it koar Pro Musica. By de earste iepenbiere útfiering, yn 1939 yn Haarlim, waard de namme Nederlandsch Kamerkoor brûkt. Under Felix de Nobel, dy't it koar oant 1972 dirigearre, kaam it Nederlânsk Keamerkoar ta grutte bloei. Bekende komponisten as Francis Poulenc, Frank Martin, Rudolf Escher, Hendrik Andriessen en Henk Badings skreaunen stikken foar it ensemble.
Diriginten
bewurkje seksjeFan 1937 oant 1972 waard it Nederlânsk Keamerkoar laat troch Felix de Nobel. Lettere fêste diriginten wienen Uwe Gronostay en Tõnu Kaljuste. Yn de rin fan de tiid soe it koar mear op projektbasis wurkje mei diriginten, sa as mei Gustav Leonhardt, Nikolaus Harnoncourt, Ton Koopman, Roger Norrington en Ed Spanjaard. Op 't heden is Peter Dijkstra de fêste gastdirigint en is Klaas Stok de koarlieder. Paul Van Nevel is eare-gastdirigint.
Opnamen
bewurkje seksjeIt Nederlânsk Keamerkoar hat wyls mear as 70 CD's makke.
Freoneferiening Cantus Nobilitas
bewurkje seksjeSûnt 1987 bestiet de 'Vriendenvereniging van het Nederlands Kamerkoor' Cantus Nobilitas (Latyn foar "de adel fan de sjongkeunst").
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|