Mei Inoar Ien (Drachtster Kompenije)
Mei Inoar Ien is in Fryske feriening op it mêd fan amateurtoaniel yn it doarp Drachtster Kompenije, yn 'e gemeente Smellingerlân. De organisaasje bestiet sûnt 1894 en is anno 2019 noch altyd sa libben as in hart.
Mei Inoar Ien | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | Eensgezindheid | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | amateurtoaniel | |
fêstige yn | Drachtster Kompenije (Fryslân) | |
oprjochte | 1894 | |
tal leden | ~40 + ~18 jeugdleden (2019) | |
offisjele webside | ||
Mei Inoar Ien op Facebook |
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1894, doe't oeral yn Fryslân ferienings foar toaniel stifte waarden, rjochten ynwenners fan Drachtster Kompenije de toanielklub Eensgezindheid op. Njonken ien of twa toanielfoarstellings yn 't jier waarden de leden fan dy feriening ek oanfitere om harren te oefenjen yn 'e foardrachtskeunst. Dêrfan waarden yn dy tiid om 'e pear wiken útfierings holden, wêrby't sawol proaza as poëzij foardroegen waard. De earste jierren wiene de foardrachten en it toaniel alteast foar in part yn it Nederlânsk, mar neitiid waard wat langer wat faker Frysk brûkt, oant de Nederlânske taal alhiel yn ûnbrûk rekke. Dochs duorre it oant 1947 ear't besletten waard dat Eensgezindheid tenei Mei Inoar Ien hjitte moast.
Yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw spile Mei Inoar Ien yn Kafee Aans. De kastlein helle dan de skudden tusken de taapkeamer en de huzinge wei, sadat der mear romte wie foar publyk. Doe't geandewei de 1960-er jierren de tillefyzje opkaam, bleaune de minsken lykwols fuort. Fan gefolgen wiene sokke jûnen foar it kafee net mear rendabel, en waard de toanielklub derút set. It leechsteande Gebouke fan 'e tsjerke, dêr't earder de pleatslike beukerskoalle fêstige west hie, waard doe it ûntwyk fan 'e toanielspilers. Se bouden der sels in poadium mei eigenmakke beljochting foar in budget fan frijwol neat. De spots makke men fan lege ferveblikken en de gerdinen wiene âlde kleden dy't by de foarsitter út in doaze op 'e souder kamen.
Nei ferrin fan in tal jierren rekke men útsjoen op 'e tillefyzje, en loeken de toanielfoarstellings wer mear folk. Mei hûndert man siet it Gebouke lykwols smoarfol. Doe't Kafee Aans troch in nije generaasje oernommen waard, mocht Mei Inoar Ien dêr wer weromkomme. Earder hie de kastlein it kafee kombinearre mei wat komelkerij, mar no waard fan 'e âlde skuorre in seal makke. Dêr wie lykwols gjin poadium; dat moasten de leden fan 'e toanielklub eltse kear sels opbouwe en wer ôfbrekke. Letter waarden praktikabels hierd fan De Lawei, yn Drachten. Ein jierren tachtich waard der in stik oan 'e seal boud; doe kaam der in fêst poadium, en ek in klaairomte.
Doe't de Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) noch in 'kriich' (wedstryd) mei fiif ûnderskate klassen organisearre, draaide Mei Inoar Ien altyd mei yn ien fan 'e beide heechste klassen. Tsjintwurdich bringt Mei Inoar Ien noch altyd ienris yn 't jier in toanielstik op 'e planken, en dêrnjonken wurdt ek de saneamde 'kofjejûn' organisearre, wêrby't twa of trije koartere stikken fan ien bedriuw spile wurde. Dat wurdt dien troch de jeugdleden fan 'e toanielferiening en troch folwoeksenen foar wa't dat jiers gjin rol yn it 'grutte' toanielstik weilein is. Mei Inoar Ien hat nammentlik safolle leden (anno 2019 likernôch 40, plus sa'n 18 jeugdleden) dat net eltsenien elk jier spylje kin.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|