Wynmotor Aldegea
De Wynmotor Aldegea is in poldermole by it doarp Aldegea yn de gemeente Smellingerlân. De mole is in middelgrutte net-mealreeë Amerikaanske wynmotor fan it merk Herkules. Hy hat in wynrêd fan 18 blêden en in diameter fan 4,50 meter. It boujier is net bekend. De wynmotor stiet hast trije kilometer ten súdwesten fan Aldegea yn de Jan Durkspolder. Hy is net te besichtigjen.