Hector Livius Haersma fan Vierssen
Hector Livius Haersma van Vierssen (Aldegea (Smellingerlân), 21 maaie 1790 - dêre, 21 desimber 1839) wie grytman fan Smellingerlân.
Haersma van Vierssen wie in soan fan mr. Martinus van Vierssen en Johanna Maria van Haersma. Syn mem is in dochter fan Hektor Livius fan Haersma, ek grytman fan Smellingerlân, en Katarina fan Scheltinga, wenjend op Great Haersmastate. Hy troude op 22 maart 1812 mei Gezina Wilhelmina van Swinderen (1792-1836), berne yn Noarddyk yn Grinslân, dochter fan Wicher Oncko van Swinderen en Chatharina Mechlina van Coevorden; harren houlik waard yn 1824 ûntbûn. Hoewol't syn fan formeel 'Van Vierssen' wie, neamde hy him 'Haersma van Vierssen'. Mei syn ferstjerren yn 1839 stoar de famyljeline fan de Haersma's út.
Hy waard lid fan de munisipale ried, maire (1812) en letter skout yn Aldegea (1816), dêr't hy wenne op Grut Haersmastate. Nei 1815 in skoft lid fan de Steaten fan Fryslân west te hawwen, waard er yn 1816 beneamd as grytman fan Smellingerlân. Hy wie yn 1816 nei de Frânske Tiid de earste grytman fan Smellingerlân, en dêrmei feitliks de opfolger fan syn pake mr. Hector Livius van Haersma, dy't yn 1795 ôfsetten wie. Yn 1832 waard hy op syn fersyk earfol ûntslein troch kening Willem I. Syn opfolger waard M.P.D. van Harinxma thoe Slooten Hy ferstoar op Haersmastate yn Aldegea, sy yn Grins op 25 novimber 1836, yn 'e âlderdom fan 49 jier.