Alde Gea Sjongers
De Alde Gea Sjongers komme fan Aldegea (Smellingerlân) en binne ûntstien by in optreden yn 1994. Op it Stjitfestival "Alde Gea dei" songen in oantal entûsjastelingen Fryske lieten. Dat optreden wie sa súksesfol dat de groep dêrnei bestean bleau.
De sjonggroep bestiet út 8 froulju en 7 manlju. Se songen earst ûnder lieding fan Tiety Smid en Klaas Tulp. Tsjintwurdich is de begelieder Willem Sylstra.
De sjongsters en sjongers fan Aldegea sjonge bekende en minder bekende lietsjes, allinnich yn it Frysk, begeliede troch piano en akkordeon. Guon ferskes wurde útbylde mei lytse sketskes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|