Katedraal fan Catania

De katedraal fan Catania of de Sint-Agatakatedraal (Cattedrale di Catania of Cattedrale di Sant'Agata) is in oan 'e hillige Agata wijde katedraal fan it aartsbisdom Catania oan it Piazza del Duomo yn 'e Sisyljaanske stêd Catania, Itaalje.

Katedraal fan Catania

Cattedrale di Catania

Lokaasje
lân Itaalje
regio Sisylje
plak Catania
adres Piazza del Duomo
koördinaten 37° 30' N 15° 5' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Catania
Arsjitektuer
arsjitekt Gian Battista Vaccarini
boujier 1711
boustyl Normandyske en barokke arsjitektuer
Webside
Side bisdom
Kaart
Katedraal fan Catania (Itaalje)
Katedraal fan Catania
 
Diel fan 'e âlde Normandyske wartsjerke.

Oarspronklik waard de katedraal yn 'e jierren 1078-1093 oer de ruïnes fan 'e antike Romeinske termen fan Achilles boud. Dat barde yn opdracht fan Rogier I fan Sisylje, dy't de stêd op it Islamityske emiraat fan Sisylje werom ferovere hie. De tsjerke hie yn dy tiid de foarm fan in wartsjerke (ecclesia munita).

In ierdskodding yn 1169 soarge foar de ferneatiging fan dat Normandyske bouwurk; allinne it diel om de apsis bleau bewarre. Fierdere skea waard feroarsake troch in brân yn 1169, mar it grutste ûnheil kaam fan 'e ierdskodding fan 1693, dy't de tsjerke op 'e nij yn in púnbult feroare. De werbou fan 'e tsjerke fûn plak yn barokke styl.

Hjoeddedei binne de resten fan it Normandyske bouwurk te finen yn it transept, de twa tuorren en de trije healrûne apsiden. Dy dielen binne werom te kennen oan 'e tapassing fan grutte lavastiennen.

Hjoeddeiske katedraal

bewurkje seksje

It hjoeddeiske oansjen fan 'e katedraal datearret fan it wurk út 1711 fan Gian Battista Vaccarini, dy't de nije barokke gevel nei de ierdskodding fan 1693 ûntwurp. De gevel hat trije nivo's mei Korintyske graniten pylders, dy't mooglik ôfkomstich binne fan it Romeinske teäter fan 'e stêd. De gevel is dekorearre mei moarmeren bylden: boppe de tagong Sint-Agata, lofts fan 'e tagong Sint-Euplius en rjochts Sint-Birillus, de earste biskop fan Catania. De houten tagong is fersierd mei 32 reliëfs, dy't pauslike wapens, symboalen fan it kristendom en it libben en martlerskip fan Agata útbyldzje. De koepel stamt út 1802.

De klokketoer datearret oarspronklik út 1387 en hie ynearsten in hichte fan 70 meter, mar waard yn 1662 ferhege ta 90 meter. Nei de ierdskodding fan 1693 moast de klokketoer op 'e nij boud wurde. Yn 'e no wer 70 meter hege toer hinget in 7,5 ton swiere klok, de op twa nei grutste fan it lân. Allinne dy fan 'e Sint-Piter yn Rome en de Milaanske domtsjerke binne noch grutter.

In smei-izeren hek skiedt de foarhôf fan 'e katedraal fan it oangrinzgjende Piazza del Duomo. Oan 'e noardlike kant wurdt de katedraal omklamme fan in balustrade mei moarmeren bylden fan hilligen.

 
Búste Sint-Agata.

Yn 'e rjochter sydapsis is de kapel fan 'e hillige Agata ûnderbrocht. Dêr stiet in mei ealstiennen bewurke sulveren skryn mei de reliken fan 'e patroanhillige. It is it wurk dat makke is tusken 1470 en 1556 troch ferskate sulversmidden. De skedel fan 'e hillige wurdt bewarre yn in fan sulver en emaille makke búste, in wurk fan de keunstner Giovanni di Bartolo út 1373-1376. Letter waard de búste belein mei skonken ealstiennen. Ien fan 'e boarsten dy't har by it tamtearjen ôfsnien waard, wurdt yn in monstrânseftige relykhâlder bewarre, it oare boarst is yn it besit fan 'e katedraal fan Gallipoli. Fierder binne der kostbere relykhâlders foar de fuotten en earms fan Sint-Agata.[1]

 
Ynterieur.

Oan it súdlike ein fan it dwerskip is de Mem-Godskapel mei sarkofagen fan leden fan it keningshûs fan Aragon, wêrûnder Freark II en Freark III. Yn 'e katedraal binne ek de grêfmonuminten fan 'e komponist Vincenzo Bellini en fan kardinaal Giuseppe Benedetto Dusmet. Yn 'e sydskippen steane alters mei ynlein hout út it midden fan 'e 18e iuw.

It oargel op 'e westlike galerij giet werom op in oargel út 1877, dat boud waard troch de Frânske oargelbouwer Nicolas Théodore Jaquot. It stie eartiids yn 'e apsis en waard yn 1926 yn in nije oargelkas op 'e nije galerij opsteld. Yn it ramt fan 'e ferhûzing waard it oargel troch Laudani e Giudici fergrutte. In restauraasje fan it ynstrumint fûn plak fan 2012 oant 2014 troch de frima Mascioni. It âlde piipmateriaal fan Jaquot is te finen yn it sintrale diel fan it front. De pipen oan wjerssiden dêrfan binne fan Laudani e Giudici út 1926. It ynstrumint hat 44 registers op trije manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne meganysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: