Alderman
stêdlik funksjonaris
(Trochferwiisd fan Âlderman)
In âlderman wie in stêdlik funksjonaris. In oarkunde (nei alle gedachten 13e iuw) (Lübecker Urkundenbuch I, 162) giet út fan aldermannus, consules et cives van Liwerd.
Yn de 15e iuw titel fan stêdlike haadlingen, sûnder fêst omskreaune posysje. Dy fan de Jongama's yn Snits wurdt 1479 oan in fêst plak as skepen of ried keppele. Yn de tiid fan Karel V trede yn de measte stêden de grytman fan de omlizzende gritenijen as âlderman op, blykber nammens it sintrale gesach. Letter noch in titel by de ambachtsgilden (deken).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|