Órlaith íngen Cennétig
Órlaith íngen Cennétig (9?? – 941) wie in hege keninginne-gemalinne fan Ierlân yn 'e tsiende iuw. Neffens de Ierske annalen waard hja yn 941 eksekutearre foar oerhoer.
Órlaith íngen Cennétig | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Iersk | |
bertedatum | ûnbekend | |
berteplak | ûnbekend | |
stjerdatum | 941 | |
stjerplak | ûnbekend | |
etnisiteit | Iersk | |
hege keninginne-gemalinne fan Ierlân | ||
amtsperioade | 9?? – 941 |
Libben
bewurkje seksjeÓrlaith liket de iennichste (dokumintearre) dochter west te hawwen fan kening Cennétig mac Lorcáin fan Thomond, dy't yn 951 ferstoar. Har bruorren wiene Mathgamain mac Cennétig, dy't fan likernôch 970 ôf oant 976 kening fan Munster wie, en Brian Boru, de hege kening fan Ierlân fan 1002 oant 1014. Hja wie de twadde frou fan 'e Ierske ard rí (hege kening) Donnchad Donn.
Órlaith kin noch net botte âld west hawwe doe't se beskuldige waard fan oerhoer mei har styfsoan Óengus mac Donnchad Donn. Hja waard skuldich befûn en yn 941 ta de dea brocht, hoewol't de metoade dy't dêrfoar brûkt waard net oerlevere is. Neffens de fermelding yn 'e Chronicon Scotorum by dat jier waard "Órlaith, dochter fan Cennétigh, soan fan Lorcán, deade troch Donnchad, soan fan Flann, kening fan Ierlân, nei't se beskuldige wie (fan ferbean geslachtsferkear) mei Óengus, syn soan."
Óengus mac Donnchad Donn oerlibbe dizze saak en folge syn heit letter op as hege kening fan Ierlân. It is ûnbekend oft Órlaith ek bern hie of net.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |