12 Bar Grooves
12 Bar Grooves, meastentiids koartwei 12-BG neamd is in Frysk-Drintske bluesband dy't yn 2003 oprjochte is. Sa neame harren muzyk skuorpapierblues. De band spilet yn in tradisjonele Chicago blues opstelling (basgitaar, elektryske gitaar, drums en mûlharp). Se bringe eigen wurk, nûmers fan âlde blueslegindes en ek wurk fan hjoeddeistige artysten as Lester Butler en Southside Johnny.
12-BG spilet meast op bluesfestivals mar hat ek in fêst sirkwy oan kroegen dêr't geregeldwei optreden wurdt.
De band bestiet út gitarist Eelco Engelsma, bassist Jaap de Jong, drummer Klaas Bosch en sjonger/mûlharpist Bert Jansen en gitarist Eric Hof. Engelsma en de Jong spilen earder tegearre yn de band NOSA. De Jong hat ek noch in blauwe moandei yn de Meppeler BekWiedLøs Bluesband spile.
Diskografy
bewurkje seksje- 2005 - Demo (nammeleas, 10 nûmers wêrfan 8 eigen komposysjes)