1984 (boek)
1984 (oarspronklike Ingelske titel Nineteen Eighty-Four) is in dystopyske roman troch George Orwell skreaun yn 1948 en útjûn yn 1949. Njonken Brave New World, fan Aldous Huxley, wurdt dit boek sjoen as ien fan de wichtichste foarbylden fan dystopyske fiksje.
Ynhâld
bewurkje seksjeIt boek hat as tema de gefolgen fan totalitarisme, massasurveillânse en repressive regulearring fan minsken en hâlden en dragen yn de maatskippij. Orwell as oertsjûge oanhinger fan it demokratysk sosjalisme en lid fan anty-stalinistysk links, modellearre it Grut-Brittannië ûnder autoritêr sosjalisme yn de roman nei de Sovjet-Uny yn de tiid fan it stalinisme en nei de tige ferlykbere praktiken fan sawol sensuer as propaganda yn nazi-Dútslân. Mear yn it algemien ûndersiket de roman de rol fan wierheid en feiten binnen maatskippijen en hoe't dy manipulearre wurde kinne.
It ferhaal spilet him ôf yn in tinkbyldige takomst. In grut part fan de wrâld is yn oanhâldende oarloch. Grut-Brittannië, dat no bekend stiet as Airstrip One, is in provinsje wurden fan de totalitêre supersteat Oceanië, dy't laat wurdt troch Big Brother (Grutte Broer), in diktatoriale lieder dy't stipe wurdt troch in fûle persoanlikheidskultus dy't kreëarre wurdt troch de Thought Police fan de Partij. De Partij hâldt him dwaande mei alomtsjintwurdige oerheidssurveillânse en, fia it Ministearje fan Wierheid, histoarysk negasjonisme en konstante propaganda om yndividualiteit en ûnôfhinklik tinken te ferfolgjen.
De haadpersoan, Winston Smith, is in iverige middenstanner op it Ministearje fan Wierheid dy't yn it geheim de Partij haat en dreamt fan reboelje. Smith hâldt in ferbean deiboek by. Hy begjint in relaasje mei in kollega, Julia, en se leare oer in skimmige fersetsgroep, de Brotherhood. Harren kontaktpersoan binnen de Bruorskip blykt lykwols in plysjeman fan de Partij te wêzen en Smith en Julia wurde oppakt. Hy wurdt moannenlang psychologysk manipulearre en martele troch it Ministearje fan Leafde. Uteinlik ferriedt er Julia en wurdt er frijlitten; hy beseft einlings dat er fan Grutte Broer hâldt.
Titel
bewurkje seksjeDe titel jout net in spesifyk jier oan, mar is de omkearing fan 1948; it jier dêr't it boek yn skreaun is. De idee is dat it in algemien jier earne yn de minsklike takomst oanjout.
Wurdearring
bewurkje seksje1948 waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeUtjouwerij Regaad brocht fan 1984 yn 2023 in Fryske oersetting út, fan Ammerins Moss-De Boer, dy't ek 1984 hiet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|