Aadorp (Nedersaksysk: Haadorp) is in doarp yn de Twintske gemeente Almelo yn de provinsje Oerisel. Aadorp makke oant 2001 diel út fan de gemeente Vriezenveen. De wite grinspealtsjes fan de gemeente Almelo steane noch lâns de âlde gemeentegrins Almelo-Vriezenveen.

Aadorp
Spoarbrêge by Aadorp (2013)
Spoarbrêge by Aadorp (2013)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Almelo
Sifers
Ynwennertal 1.550 (2024)[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 22' NB, 6° 37' EL
Kaart
Aadorp (Oerisel)
Aadorp

Yn de perioade 1900 – 1920 wurdt it gebiet westlik fan it kanaal, mei de Binnen Woesten en Buiten Woesten ûntginne yn it ramt fan de wurkferskaffing ta bestriding fan de wurkleazens. It ûntstean fan it doarp Aadorp, mei bebouwing op it krúspunt fan en lâns de ferbiningsrûtes nei Almelo, Wierden en Vriezenveen, is in feit.

Oant 1930 hiet de buorskip dy't no Aadorp-West is De Woesten en it hjoeddeiske Aadorp-East Buiten Wonen. Op 20 septimber 1930 by de iepening fan de nije brêge oer it Kanaal Almelo-De Haandrik spruts de hear J.M. Kamphuis, foar waans hûs de nije brêge oanlein is, de wurden "gedacht de totstandkoming van de Woesten en Buiten wonen, nu deze beide buurten door een brug zijn verbonden, het wenselijk wordt geacht ze onder één naam samen te voegen, b.v. er de naam aan te geven van Aadorp omdat de gehele streek nabij het riviertje De Aa is gelegen". By de riedsgearkomste fan 3 novimber 1930 wurdt besletten de buorskippen Buiten Wonen en De Woesten de namme fan Aadorp te jaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Almelo  
Stêd:
Almelo
Doarpen:
AadorpBornerbroekMariaparochie (foar in part)
Buorskippen:
BavinkelDeldenerbroek (foar in part)Tusveld
Wetter:
HollandergravenLeemslagenplasWeezebeek
  ·   ·