Aaidjerre
De aaidjerre, djerre of it aaigiel is it giele part fan de binnenkant fan in aai. It primêre doel fan de djerre is brûkt te wurden as fiedselreserve foar in him ûntwikkeljend embryo.
Yn de aaidjerre sit frijwat fet (oars as it aaiwyt; dat oanwêzige fet is meast net sêd fet).
Yn de djerre sit fitamine A, B, D, E en K. It is ien fan de pear fiedingsmiddels dy't fan natuere fitamine D befetsje. In grutte aaidjerre befettet sawat 225 kilojoule, it aaiwyt befettet sawat 63 kilojoule. In grutte djerre befettet mear as twa tredde fan de deiske oanrikkemandearre hoemannichte fan 300 mg golesterol.
De djerre is ferantwurdlik foar sawat in tredde fan it gewicht fan it aai. It befettet hast de helte fan de proteïne.
As in aai te gear kôke wurdt, ferskynt der soms in grieneftige ring om de aaidjerre. Dat is it resultaat fan izer- en swevelgearstallings yn it aai. It kin ek foarkomme as der tefolle izer yn it koaitsjende wetter sit. De griene ring beynfloedet noch smaak noch de gearstalling.
De kleur fan de djerre hinget fan het dieet fan de hin ôf. Boeren kinne der natuerlik pigmint by dwaan om de djerrekleur te manipulearjen, mar keunstmjittige pigminten binne ferbean.
Guon hinnen lizze wolris in aai mei twa djerren, in saneamde dûbeldjerre. Ek kin it foarkomme dat in aai gjin djerre hat; dat bart benammen by jonge hinnen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |