Aartsingel Michaelkatedraal (Archangelsk)
De Aartsingel Michaelkatedraal (Russysk:Собор Михаила Архангела; Sobor Michailja Archangela) is in otterdokse tsjerke yn Archangelsk yn Ruslân. De katedraal is de haadtsjerke fan it bisdom Archangelsk en waard nei it skilderjen fan it ynterieur yn 2022 foltôge.
Sint-Michaelkatedraal
Михаило-Архангельский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Archangelsk | |
plak | Archangelsk | |
koördinaten | 64° 31' N 40° 32' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Vadim Michailovitsj Kibirev | |
boujier | 2008-2022 | |
boustyl | Russysk-byzantynske arsjitektuer | |
hichte | 72,7 m | |
Webside | ||
sobor.arh-eparhia.ru | ||
Kaart | ||
Michaelkleaster
bewurkje seksjeDe âldste tsjerke fan 'e stêd fan foar de revolúsje wie de katedraal fan it Michaelkleaster fan Archangelsk. Dy tsjerke wie yn 'e jierren 1685-1689 boud op it plak fan in houten tsjerke en hie in soad fan 'e noch besteande katedralen yn Cholmogory en Severodvinsk (sjoch: Nikolo-Korelski kleaster). Archangelsk waard stifte by de muorren fan dat kleaster.
De Sovjet-autoriteiten lieten de âlde Michaelkatedraal yn 1925 ôfbrekke.
Hjoeddeiske katedraal
bewurkje seksjeYn 2001 waard oan Vadim Kibirev (1929-2018) de opdracht jûn it ûntwerp te leverjen foar in nije katedraal. Om't de katedraal in easterske oriïntaasje hat, is de haadtagong oan 'e kant fan 'e rivier de Dvina. It projekt waard mei donaasjes finansierre.
De kar foar de te bouwen lokaasje foel op it plak, dêr't it monumint foar de 'Dappere Ferdigeners fan it Sovjet-Noarden' stie, oprjochte ta neitins fan 'e fallen soldaten yn 'e striid tsjin de militêre yntervinsje fan 'e 14 lannen, dy't de Wite Beweging by de boargerkriich (1917-1922) helpe woene. De ferhûzing fan it monumint late ta protesten, mar noch itselde jier ferhûze it nei in oare lokaasje foar it Sportpaleis.
Op 21 novimber 2008 wijde de biskop de earste stien foar de bou fan 'e katedraal en sûnt febrewaris 2011 waard útein set mei de bou fan 'e muorren. Healwei dat jier wie de bou al sa fier foardere, dat de earste tsjinsten fierd wurde koene yn it sintrale diel fan 'e katedraal. Op 1 juny 2013 waarden de fiif yn Moskou getten klokken levere. De grutste klok weget 6,2 ton en is 2,30 meter heech. De tsien middelgrutte en lytsere klokken binne yn Tûtajev getten.
Sûnt 2020 waard útein set mei it beskilderjen fan it ynterieur fan de katedraal yn 19e-iuwske styl. De houten ikonostaze is 14 m heech en hat fiif rigen mei 60 ikoannen en is mei bledgoud belein.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:ru:Михаило-Архангельский собор (Архангельск)]
|