Abbingapark
It Abbingapark is in park in Ljouwert. It park is neamd nei de Abbinga State, dy’t nei alle gedachten fan de 14e oant de 19e iuw east fan it besteande park stie.
De oanlis fan it park begûn yn 1978, wêrnei’t it yn 1979 offisjeel iepene waard.
Yn it noarden leit it tsjin Huzum-doarp en it Huzumerbegraafplak, yn it suden oan de wyk Aldlân en yn it westen oan it Medysk Sintrum Ljouwert.
Parken yn de stêd Ljouwert | |
---|---|
Abbingapark ● Dr. Zamenhofpark ● Easterfiverpark ● Julianapark ● Lieuwenburgseam ● Noarderplantaazje ● Prinsetún ● Rengerspark ● Westerpark |