Abelstok
Abelstok is it gemaal flakby de Abelstokstertil yn de provinsje Grinslân dat as ien fan de trije gemalen de saneamde twadde skyl fan it - fanwege de boaiemfersakking troch gaswinning fersakke gebiet - bemealle sil.
It gemaal stiet mei de gemalen Stad & Lande en Schaphalstersyl op de râne fan it fersakke gebiet.
Njonken it gemaal is in skutslûs om de skipfeart (benammen plezierfeart) mooglik te hâlden.
It gemaal stiet yn de Hoarnse Feart op it plak dêr't de Kromme Raken nei it suden ôftakket.
De bosk oan de oare kant fan de provinsjale wei hjit ek Abelstok.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abelstok fan Wikimedia Commons. |