De Æbingastins stie yn Hijum yn de gemeente Ljouwerteradiel.

Aebingastins yn 1723

Dr. Gerben Abma neamt as grûnlizzer fan de Aebingastins Fecke Gosses Aebbinga, dy't yn de 15e iuw grytman fan it ‘Noordelijk Trimdeel van Leeuwarderadeel’ wie. Dat is lykwols ûnwis, want yn 1420 wurde hjir al Gosse Æbingha en syn frou Tryn Goffedr. Roorda neamd. It ‘Register van den Aenbrengh’ út 1511 dêr't yn optekene waard wa't de eigeners en brûkers fan lannerijen wiene, fermeldet ûnder Hijum in Bennert Abingen. Dy wie net allinnich eigener fan bepaalde stikken grûn, mar benammen pachter fan lannerijen fan de grutste grûnbesitter fan Hijum, it kleaster Mariëngaarde.

Om 1787 waard Hijum yn diel 14 fan de ’Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden, vervattende het vervolg der beschryvinge van Friesland’ beskreaun as: Hyem, gelegen aan de vaart Hyemer meer genoemd, welke de scheiding is van Leeuwarderadeel en Ferwerderadeel. Dit dorpje is klein, doch het voornaame Stamhuis van de Aebinga’s, hebbende hier in de vyftiende eeuw gewoond. Feike Æbinga, Grietman van Leeuwarderadeels Noorder-Trimdel. Ook liggen hier de overblyfzels van het sterke Slot van Eminga, niet ver van Æbinga State. Weleer werden deeze Staten door twee haatdraagende zusters bewoond, welke een geweldigen kryg in deezen hoek veroorzaakten. Hyem heeft 14 stemmen.

Op in âlde kaart fan It Bilt en omkriten stiet Æbingastins tekene as in toerspits fan trije ferdjippings heech mei saneamde arkeltuorkes op de fjouwer hoeken en dêr tusken in skyldtek. Oan de hân fan de ruïne dy't Stellingwerf yn 1723 tekene falt ôf te lieden dat de stins letter, hoewol wat better bewenber makke, nea útgroeid is ta in state. De Aebinga’s binne dan ek frij ier 'útflein' nei oare oarden.

Bewenners
  • ± 1420 Gosse Æbingha en syn frou Tryn Goffedr. Roorda
  • ± 1450 Feycke Gosses Æbingha en syn frou Ael Sasckersdr. Jelmera
  • ± 1475 - nei 1494 Schelte Feyckes Æbingha
  • ± 1500 nei alle wierskyn Ruurt fan Æbingha
  • 1511 Binnert Æbingha

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: