Afantasy
Afantasy is in oandwaning wêrby't ien net yn steat is om mentale bylden frijwillich te fisualisearjen. In protte minsken mei afantasy ûnderfine ek in ûnfermogen om harren sawol lûden, roken, as oanreitsjen ynbyldzje te kinnen. Der binne ek minsken dy't ek prosopagnosia hawwe, it ûnfermogen om gesichten te ûnthâlden.
It fenomeen waard foar it earst beskreaun yn 1880 troch Francis Galton, mar is sûnt noch net folle bestudearre. Der kaam fannijs ynteresse foar it fenomeen nei de publikaasje fan in stúdzje út 2015 útfierd troch in team ûnder lieding fan professor Adam Zeman fan 'e Universiteit fan Exeter, dy't ek de term afantasy betocht hawwe. Undersyk nei de oandwaning wurdt noch hieltyd net folle dien.
It wurd ‘afantasy’ komt fan it Grykske wurd ‘φαντασία’ (fantasía), dat letterlik fantasy betsjut, tegearre mei de prefiks “a-“, dy't “sûnder” betsjut.
Fierder lêze
bewurkje seksje- Kendle, Alan (2017). Aphantasia: Experiences, Perceptions, and Insights. Bennion Kearny Limited. ISBN 978-1-911121-42-8. (foarwurd troch Adam Zeman)