Agia Napa-katedraal (Limassol)
De Agia Napa-katedraal yn 'e Agiou Andreouisstrjitte is in tsjerkegebou fan 'e Tsjerke fan Syprus yn 'e Syprioatyske stêd Limassol.
De tsjerke waard tusken de ein fan 'e 19e iuw en it begjin fan 'e 20e iuw boud op 'e ruïnes fan in âldere en lytsere Byzantynske tsjerke.
Neffens de tradysje is de namme ôflaat fan in Marije-ikoan, dat yn in delling (Latynsk napa) fûn waard. Der binne lykwols ek boarnen dy't ha wolle dat de tsjerke ferneamd waard nei in Frankyske tsjerke, dy't oan it switdoek fan 'e hillige Feronika wijd wie.
De hjoeddeiske trijeskippinge katedraal waard yn 1906 foltôge. Yn 'e tsjerke stiet in ikonostaze en de tsjerke is fan binnen mei fresko's beskildere. Ek besit de tsjerke in ikoan fan 'e Agia Napa yn sulverbeslach.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|