Akademyprekers
Ferskate heechlearen fan de Universiteit fan Frjentsjer wiene akademyprekers. Harren tsjinsten yn de Grutte Tsjerke fan Frjentsjer mocht eltsenien hinne. Om frjemdlingen yn 'e mjitte te kommen waard ek yn it Latyn preke, bygelyks troch Meinardus Schotanus en Hermannus Venema.
De Frjentsjerter dûmny's seagen de heechleararen as konkurrint en dat joech somtiden swierrichheden. Johannes Cloppenburgh hat him dêroer beklage.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland, 1958. Academiepredikers |