Akbar de Grutte

(Trochferwiisd fan Akbar)

Akbar de Grutte (Akbar-e-Azam), berne as Jalaluddin Muhammad Akbár (15 oktober 154227 oktober 1605) wie hearsker oer it Mogolryk fan 1556 oant syn dea yn 1605. Hy wurdt beskôge as de grutste fan de Mogolkeizers.

Akbar
Akbar as ûngefear fyftjinjierrige

Akbar waard berne yn Umarkot yn Sind. Syn heit Humayun wie fan de Yndiaaske troan stjitten troch de Afgaanske fjildhear Sher Sjah. Nei in ballingskip fan mear as tolve jier ferovere Humayun it keningskip op 'en nij. Yn 1556 folge Akbar syn heit op. Omdat hy noch mar 14 jier wie, waard Bairam Khan regint. Yn 1560 naam Akbar by proklamaasje de werklike macht oer.

Op it moment dat Akbar oantrede, hie hy mar in gedielte fan it eardere ryk ûnder syn kontrole. Hy wreide it Mogoelryk tige út mei ûnder oare Malwa, Gujarat, Bengalen, Kaboel, Kasjmir en Kandes.

Akbar koe min soannen krije. Der waard him in twilling berne, Hassan en Hoessein, mar de twa stoaren op jonge leeftiid. In moslimhillige, sjeik Salim Chishti, dy't yn it doarpke Sikry wenne yn de omjouwing fan Agra en doe heech yn oansjen stie, foarsei him dat hy noch trije soannen krije soe. Nei de berte fan prins Salim, de earste fan de trije soannen dy't hin yndie berne waarden, liet keizer Akbar op dat plak in nije haadstêd bouwe, Fatehpur Sikri. Mar yn 1585, inkele jierren neidat hy der wenjen gien wie, moast hy de stêd alwer ferlitte troch in tekoart oan drinkwetter. De beide oare soannen, Moerad en Daniyal, stoaren noch eardat Akbar sels ferstoarn wie oan de gefolgen fan harren alkoholferslaving.

Yn 1599 kaam prins Salim, de lettere keizer Jahangir, tsjin him yn opstân. Akbar wist de opstân lykwols del te slaan. Fansels die dizze opstân de relaasje tusken heit een soan gjin goed, mar Akbar hie gjin oare soannen mear om de macht oan oer te dragen.

Religieuze polityk

bewurkje seksje

Ien fan de dingen dy't keizer Akbar bysûnder makke, wie syn godstsjinstpolityk. Fan in hearsker ôfkomstich út in islamityske dynasty waard ferwachte dat hy sels moslim wêze soe en yn syn ryk de posysje fan de islam stypje soe. Mar al yn it njoggende jier fan syn regearing skafte hy de jizya ôf, de belesting dy't de mearderheid fan net-moslims yn syn ryk betelje moast.

Yn 1575 liet hy yn Fatehpur Sikry it Ibadat Khanna (Hûs fan oanbidding) bouwe. Dêr nûge hy de soennityske moslimgelearden út om mei him te oerlizzen oer de wetten dy't yn syn ryk jilde soene. Omdat hy argewaasje hie om it spul oer lytse saken, nûge hy binnen in jier ek sjiityske moslimgelearden út foar oerlis. Noch letter waarden hindoeïstyske, boeddistyske, jainistyske, soroastryske en kristlike gelearden útnûge oan oan it oerlis diel te nimmen. De kristengelearden wienen roomsk-katolike jezuïten kommend út de lytse Portegeeske koloanje Goa. De oansjenlikste fan harren wie Jerome Ksaverius (1549-1617), in neef fan de ferneamde Fransiskus Ksaverius (1506-1552).

Omdat hy graach witte woe wat de hillige geskriften fan oare religys seine, joech hy opdracht de Atharva Veda, in hillich boek fan it hindoeïsme, oer te setten. Wer letter joech hy opdracht om de Bibel oer te setten.

Akbar boude syn belied fan religieuze tolerânsje geandewei hieltiten fierder út. Yn 1593-1594 joech hy ek de joaden en kristenen it rjocht yn syn ryk harren godstsjinst te belieden en religieuze gebouwen te bouwen. De oaren yn syn ryk hiene dat rjocht al.

Foar dit belied besocht hy draachflak te kreëaren troch it stiftsjen fan in Din-i-Ilahi, letterlik: religy foar God. Oer de ynhâld fan dizze ‘religy foar God’ bestiet lykwols nochal wat ûnienigens. Neffens guons wie it in nije religy dy't ticht tsjin de tradysjes fan de soefy’s, de jains en de Parsy (= oanhingers fan Saratûstra) oanhong. Mar neffens de Yndiaaske moslimgelearde Makhan Lal Roy Choudury wie it net mear as in rige geboaden wêrtroch't romte makke waard foar de wearde dy't elke grutte religy ynbrocht en religieuze tolerânsje befoardere waard. Dizze religy betsjutte foar Choudhury allerminst dat Akbar syn eigen moslimidintiteit ferleagene.

Foar yn soad Ynjers tsjut de titel 'de Grutte' net allinnich op Akbar syn militêre en bestjoerlike kwaliteiten, mar ek op syn religieuze tolerânsje wêrtroch't elke ûnderdien yn syn lân syn eigen religy belibje koe.

Op 27 oktober 1605 stoar keizer Akbar. Syn soan prins Salim folge him op 3 novimber 1605 op.

Film Jodhaa-Akbar

bewurkje seksje

Yn 2008 wie der grut trelit ûnder de Rajput-mienskip troch it Bollywood-filmepos Jodhaa-Akbar fan regisseur en produsint Ashutosh Gowariker. Yn de film trout de machtige moslim-hearsker om politike redenen mei de hindoeïstyske Rajput-prinses Jodhaa. Nei it houlik ûntstiet lykwols in leafdesaffêre. Nei de miening fan de Rajput-mienskip bagatellisearre de film de skiednis fan de Rajputs en wiist hy har oan as sûndebok. Nei protesten fan de Rajputs waard de film yn in tal steaten ferbean. Nei in troch de produsint fan de film oanspande saak by it Yndiaaske Heechgerjochtshof binne de ferboaden lykwols wer ynlutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Arnulf Camps OFM - Jerome Xavier S.J. and the Muslims of the Mogul Empire: Controversial Works and Missionary Activity, Fribourg: Nouvelle Revue de Science Missionaire 1957.
  • Makhan Lal Roy Choudhury - The Din-i-Ilahi or Religion of Akbar, New Delhi: Munshiram Publishers 1997.
  • Waldemar Hansen - The Peacock Throne: The Drama of Mogul India, Trowbridge: Weidenfeld & Nicholson 1972.