Akkoart fan Grins

It Akkoart fan Grins wie in oerienkomst op 8 septimber 1319 yn Grins tusken 20 selsstannige Johanniter-kommanderijen mei de kommandeur Hindrik fan Selbach fan Burgsteinfurt. Hy regele it rjocht fan de kommandeur de kommanderijen te besykjen om te sjen dat alles yn syn gerak wie.

De Johanniterkommanderijen yn it midsiuwske Fryslân foelen ûnder de komandeur fan it Johanniterhospitaal yn Burgsteinfurt by Múnster. Yn it gebiet wiene der 20 kommanderijen wijd oan de hillige Jehannes, dy't neffens de Ballij, it memmehûs, organisearre wiene. De bruorren fan elts hûs foarmen in konvint, dêr't de kommandeur de foarsitter fan wie. De kommanderijen ferdigenen harren selsstannigens foar de kommandeur fan Burgsteinfurt oer, troch syn easken ôf te wizen om manskippen en hynders oan net-leauwigen ôf te leverjen, lykas it besykjen om belutsen te wurden oangeande inerlike saken yn de yndividuele hûzen. Lang om let waard der al in oerienkomst yn Grins sletten.

Fan de 20 kommanderijen wiene ûnder oaren oanwêzich dy fan Boukeläsk, Burmönken, Dünebroek, Hasselt, Hoven, Inte, Langholt, Langewische en Witleke

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: