Aquastate
(Trochferwiisd fan Akwastate)
Aquastate is in ferboude eardere wettertoer oan de Grinzer Strjitwei yn Ljouwert. De wettertoer waard yn 1925 boud troch de Bredasche Beton Maatschappij. De ynhâld fan it wetterreservoir wie 1000 m³. De toer waard yn 2002 ferboud ta in appartemintekompleks en krige doe de namme Aquastate. It gebou stiet op it alfste plak yn de list fan heechste gebouwen fan Ljouwert.
Aquastate | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
plak | Ljouwert | |
adres | Grinzer Strjitwei | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Wettertoer Appartemintekompleks | |
boujier | 1925 | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 36 m |
De wettertoer waard yn 1999 foar 1 gûne kocht troch de Ljouwerter Theo Douma dy't de plannen makke foar de 9 apparteminten fan no.