It Albadahûs, ek: ’t Hooghuis wie in state yn Snits dat yn 1618-1619 boud litten waard troch Ids fan Albada, oan it begjin fan de Kruizebroedersstrjitte en op de hoeke fan de Nauwe en Wide Burgstrjitte. Op itselde stee stiet no de winkel fan C&A yn Snits. Dizze Ids liet ek de Aysmastate yn Hichtum en Epemastate te Ysbrechtum sette. It hûs waard na hûnderttweitich jier yn 1738 al wer foar ôfbraak ferkocht.

Albadahûs

It Albadahûs waard boud yn in L-foarm. De boppeside fan de L foarme de gevel dy’t nei de strjitte rjochte wie en wie ryk fersierd. Yn de binnenhoeke tusken de fleugels wie in hege achtsidige treptoer boud. Neffens de stêdsskiedskriuwer Eelko Napjus wie dizze toer hast hûndert foert heech (ofwol hast 30 m!). De toer hie in sipelfoarmige bekroaning. Yn de ferkeapakte fan 1736 stie: met een fraije toren met een Appel daar booven, met Lood en Leyen gedekt, in de toren eenige kamerkes, met een seer Schoone huisinge, van onder tot boven doorgemetseld met hardsteen, en in het zelve velerhande figueren uitgehouwen, gelijk ook de voorgevel, poort en ringmuur.

Fan de stedsstate is in oantal tekeningen bewarre bleaun. It hûs hie dêrop in grut tal natoerstienbannen. Der wienen ek krúsfinsters dy’t yn nissen stienen mei skulpfoarmige bôgetrommen. De smellere nissen midden foar de ferdjippings en yn de geveltop hienen houde figuraasjes, mooglik antike goaden of mytologyske figueren. Tusken alle ferdjippings sieten friezen mei houde ôfbylden fan nei alle wierskyn bisten. It hûs wie boud yn de styl fan it noardlik maniërisme en soe mei de stedhuzen fan Boalsert en Dokkum ta de moaiste gebouwen yn dy styl heard hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: