Albatros D.III


Rol Jachtfleanmasine
Makker Albatros Flugzeugwerke
Untwerper Robert Thelen
Earste flecht 1916
Yn tsjinst 1917
Ut tsjinst tsjin 1918
Brûkers Dútslân, Eastenryk-Hongarije
Tal makke 1350 (1916-17)

De Albatros D.III wie in ienpersoans dûbeldekkerske jachtfleanmasine út de Earste Wrâldoarloch, dy't brûkt waard troch de loftmachten fan Dútslân, Eastenryk-Hongarije en it Turksk-Osmaanske Ryk, makke troch de Albatros-Flugzeugwerke. Hy waard desimber 1916 yntrodusearre. In protte azen fan de Dútske loftmacht hawwe dit tastel flein, ûnder oaren Manfred von Richthofen, Eric Lowenhardt, Kurt Wolfe en Karl Emil Schaeffer. By de Eastenryksk-Hongaarske loftmacht, dêr Oeffag D.III neamd, behelle Frank Linke-Crawford syn oerwinnings mei in Albatros D.III.

Poalske tastellen fan it 7e Kościuszko Skwadron

Untwerp en produksje

bewurkje seksje

Robert Thelen en Dipl.-Ing. Schubert ûntwurpen de D.III. Foar de oandriuwing waard in seis-silinder, 119 kW Mercedes D.III motor brûkt, wêrmei't it tastel in topsnelheid fan 165 km/o helle. Letter waarden de tastellen opwurdearre mei in 127 kW motor. Mei de "Spandau" mitrailleurs koe troch de draaiende propeller sketten wurde sûnder se te reitsjen.
Om reden dat de romp fan de Albatros D.I en D.II sa goed foldie waard deselde foar de D.III brûkte. De fleugels waarden in bytsje yn in "V"-foarm set, dêrom neamden de Britten dit type ek wol de "V-strutter". De D.III hie bettere klimeigenskippen, wie mear manûvrearber as de eardere types en de piloat hie better sicht nei ûnderen. It tastel wie noflik en maklik te fleanen, mar wie yn dûkflecht net feilich. Ek de opfolger fan de D.III, de D.V blykte noch itselde euvel te hawwen.
Totaal binne der sa'n 1350 D.III's makke.

De Albatros D.III ferlike

bewurkje seksje
Namme Motorfermogen Maks. faasje Startgewicht MG Plafond
Airco D.H.2 100 hk 150 km/o 654 kg 1 4.265 m
Royal Aircraft Factory F.E.8 110 hk 151 km/o 668 kg 1 4.420 m
Albatros D.III 160 hk 165 km/o 888 kg 2 5.500 m
Sopwith Pup 100 hk 171 km/o 556 kg 1 5.600 m
Nieuport 17 110 hk 164 km/o 560 kg 1 5.350 m
Sopwith Triplane 130 hk 186 km/o 643 kg 1 6.080 m
SPAD S.VII 180 hk 180 km/o 755 kg 1 5.485 m

Technyske feiten

bewurkje seksje
 
Feiten
Spanwiidte:  9,05 m
Langte:  7,33 m
Hichte:  2,98 m
Fleugeloerflak:  20,50 m²
Gewicht leech:  661 kg
Maks. startgewicht:  886 kg
Motor:  ien wetterkuolle 6-silinder-linemotor, Mercedes D IIIa (127/130 kW / 170/175 hk)
Mannichte brânstof:  119 l
Mannichte oalje:  20,5 l
Bewapening:  twa fêste 7,92-mm-LMG 08/15
Heechste faasje:  165 km/o op seenivo
Tsjinstplafond:  5.500 m
Steigzeit auf 1.000m:  3 Min 18 Sek
Klimfaasje nei 2.000m:  12 min 1 sek
Klimfaasje nei 5.000m:  28 min 48 sek
Maks. fleanberik:  330 km
Fleantiid:  2:00o
Tal makke: 1.352
Bemanning 1

Keppelings om utens

bewurkje seksje