Albert Assies (De Haule, 6 maart 1917Loppersum, 26 septimber 1981) wie in Nederlânsk politikus fan de ARP.

Albert Assies
politikus
echte namme Albert Assies
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 6 maart 1917
berteplak De Haule
stjerdatum 26 septimber 1981
stjerplak Loppersum
etnisiteit Frysk
partij ARP
Boargemaster fan Loppersum
amtsperioade 1960-1981
foargonger Jan Daniël van der Munnik
opfolger Jenny Sleurink-Rabbinge

Hy waard berne as boeresoan en sette mei syn amtlike karriêre út ein as folontêr by de gemeentesekretary fan Eaststellingwerf. Yn de Twadde Wrâldkriich wurke er by de gemeente Norg en dêrneist wie er lykas syn heit belutsen by it ferset.[1] Yn 1944 waard syn heit oppakt en begjin 1945 stoar dy yn Dútsk finzenskip. Albert Assies wurke letter by de gemeente Aalten dêr't er it ta kommys A en ôfdielingssjef brocht ear't er yn maaie 1960 beneamd waard ta boargemaster fan Loppersum.

Hy soe op 1 novimber 1981 mei betiid pinsjoen gean, mar goed in moanne earder stoar er yn de âldens fan 64 jier oan in hertoanfal.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. Der wiene ferskate leden fan de famylje Assies by it ferset belutsen, ûnder oaren Jan Assies en Markus Assies