Albert Atema (Ljouwert, 22 novimber 191325 desimber 1972) wie in Nederlânske politikus fan de PvdA.

Hy wie in soan fan timmerman Hendrik Atema (*1881) en Aaltje Hovinga (*1890). Nei de hbs krige er earst in kantoarbaan ear't er yn 1933 as folontêr oan 't wurk gie by de gemeentesekretary fan Baarderadiel. Yn 1938 makke er de oerstap nei de gemeente Eaststellingwerf dêr't er begûn as adjunkt-kommys en it úteinlik brocht ta haadkommys en sjef fan de ôfdielingen Algemiene Saken, Underwiis en Finânsjes. Yn april 1951 waard Atema beneamd ta boargemaster fan Hylpen as opfolger fan de it jier derfoar ferstoarne boargemaster Gerben Stallinga.

Atema stoar ein 1972, doe't er noch boargemaster wie, yn de âldens fan 59 jier. Hy waard beïerdige yn Hylpen[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: