Albert Rinia (Makkum, 18 maart 1931 - dêre, 1 april 2005) wie in keatser mei as bynamme "Proppie", dy't twa kear de PC wûn hat. De earste klassiker wûn Albert Rinia yn ôfdielingsferbân foar Makkum. Yn 1954 wûn hy mei Rinnie Kuiper en Durk Lemstra de Bûnspartij yn Frjentsjer. Winner fan de PC waard Rinia yn 1957 mei kening Jan Sijtsma en Sake Faber. Twa jier letter opnij earste, diskear mei doarpsgenoat en kening Rinnie Kuiper en Meindert van der Weerd. Hy wie fan 1951 oant 1963 1e klasser. Op it heechste nivo sloech Rinia, dy't foarynse wie, yn 13 jier tiid 203 punten byinoar.

Nei syn aktive keatskarriêre makke ferver Albert Rinia him tweintich jier fertsjinstlik as bestjoerslid fan de keatsferiening yn Makkum en as begelieder fan de Makkumer keatsjongerein: benammen syn 4 soannen, wêrfan Peter de súksesfolste keatser wie, koenen op syn stipe rekkenje.

Grutste suksessen

bewurkje seksje
  • 1954 - Bûnspartij
  • 1957 - PC (mei Jan Sijtsma en Sake Faber)
  • 1959 - PC (mei Rinnie Kuiper en Meindert van der Weerd)