Ald Meckemastate wie in state by Kollum yn de gemeente Kollumerlân. Hy stie yn Sânhuzen súdeast fan Kollum, yn de buert fan Phaesmastate. Fan de state is neat werom te finen.

De stins wurdt foar it earst neamd om 1460 hinne. It laach Meckema wie ien fan de âldste en oansjenlikste familys fan Fryslân neffens mr. Andreae. Neffens guon ûndernaam in Sippe Meckama mei oare Fryske eallju al yn de 12e iuw in krústocht nei it Hillige Lân. Oft soks wier is kin net mear neigien wurde, mar it is goed mooglik, want yn de annalen fan dy tochten wurdt faak oer Friezen en harren woaste krigelens ferhelle.

Bewenners
  • ± 1360 mooglik Sibod Sibada en Bauck Scheltema
  • ± 1444 Tiaert Meckama
  • ± 1465 Wits Brodersdr Meckema, troud mei Pybo Eernsma
  • ± 1470 Taeke Meckema († fóar 1480)
  • ± 1500 Theeten of Tieth Meckema en Feye Riemersma/Meckema
  • 1543 Pybe Meckama
  • Luts Hesselsdr fan Meckema en Douwe fan Aylva
  • 1640 jhr. Ernst fan Aylva
  • 1698 jhr. Ulbo baron fan Aylva, grytman oer Eastdongeradiel
  • 1728 “grytman Ringers”, út namme fan syn frou

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • States en stinzen yn Fryslân
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009